Henk Gemser

Ut Wikipedy
Henk Gemser en Bert de Jong, 1977

Henk Gemser (Berltsum, 6 april 1940) is in earder sportlearaar, reedrydcoach en trainer út Aldehaske.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de HBS gie er nei de Sportakademy yn Amsterdam. Yn it earstoan lei Gemser him ta op atletyk, hurdfytsen en swimmen. Hy hat ek meidien oan it Fryske kampioenskip koartebaanriden. Yn 1962/1963 wie er ien fan de 58 toerriders fan de Alvestêdetocht.

As sportoffisier yn it leger waard er frege as trainer fan de kearnploech en yn 1969 kaam hy yn tsjinst by de KNSB. Hy wie yn tsjinst by it CIOS mar waard detasjearre by it ridersbûn. Yn 1976 waard er trainer fan de sprintkearnploech mei Lieuwe de Boer, Eppie Bleeker en Sies Uilkema. It soe duorje oant 1979 doe't er ûntslein waard doe't er him net stil hâlde koe tsjin de bestjoerders.

Nei de mislearre Olympyske Spullen yn Sarajevo waard der wer in berop op him dien. Mei manlju as Hein Vergeer, Jan Ykema, Geert Kuiper, Hein Vergeer, Gerard Kemkers en benammen Ids Postma helle er as coach grutte suksessen.

Gemser stiet bekend om syn taalgebrûk. Sa kaam er mei de útdrukkings "Yn gesprek mei it iis", "Jonge hûnen", "op de winkel passe".

Hy is bestjoerslid fan sportkoepel NOC*NSF. Yn 2010 wie er Chef de Mission wêze foar de Olympyske Winterspullen yn it Kanadeeske Vancouver.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]