Springe nei ynhâld

Chef de mission

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Chef de Mission)

Chef de mission is de persoan dy't de lieding hat oer in Olympysk en Paralympysk team.

Syn foarnaamste taak is te soargjen foar in optimale tarieding. De Chef de mission is ek de sprekbuis en it boechbyld fan it team en moat soargje foar in sûne sportive sfear en motivaasje.

De chef de mission fan it Nederlânske team wurdt keazen troch it bestjoer fan it NOC*NSF. Foar de Spullen fan 2008 wie dat Charles van Commenée, de technysk direkteur fan it NOC*NSF. Foargongers fan him wiene ûnder oaren Joop Alberda, Peter Vogelzang en Jan Loorbach.

Nederlânske chefs de mission Olympyske Spullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Winter/Simmer Jier Namme Stêd Opm.
1896 - Atene Gjin Nederlânske dielnimmers
1900 - Parys
1904 - St. Louis Gjin Nederlânske dielnimmers
1908 - Londen
1912 - Stockholm
1920 - Antwerpen
1924 - Chamonix Gjin Nederlânske dielnimmers
1924 - Parys
1928 Gerrit W.A. van Laer Sankt Moritz
1928 - Amsterdam
1932 - Lake Placid Gjin Nederlânske dielnimmers
1932 C.F. Kellenbach Los Angeles
1936 Gerrit W.A. van Laer Garmisch-Partenkirchen
1936 Karel Lotsy Berlyn
1948 Dolph van der Scheer Sankt Moritz
1948 Karel Lotsy Londen
1952 J.N. van den Houten Oslo
1952 Karel Lotsy Helsinki
1956 J.N. van den Houten Cortina d'Ampezzo
1956 Kees Kerdel Melbourne Nederlân kaam allinnich út op de hynstesportûnderdielen, dy waarden fiif moanne earder hâlden. De Spullen sels waarden troch Nederlân boykot.
1960 Adriaan Paulen Squaw Valley
1960 Kees Kerdel Rome
1964 Innsbruck
1964 Simon de Wit Tokio
1968 W. H.D.Q. van Ufford Grenoble
1968 Ansco Dokkum Meksiko-Stêd
1972 W. H.D.Q. van Ufford Sapporo
1972 Bram Leeuwenhoek München
1976 Innsbruck
1976 Montreal
1980 Lake Placid
1980 Moskou Nederlân die mar foar in part mei fanwegen in boykot.
1984 Tjeerd van Wimersma Greidanus Sarajevo
1984 Los Angeles
1988 Wim Cornelis Calgary
1988 Seoel
1992 Ard Schenk Albertville
1992 André Bolhuis Barcelona
1994 Ard Schenk Lillehammer
1996 André Bolhuis Atlanta
1998 Ard Schenk Nagano
2000 Jan Loorbach Sydney
2002 Leo Visser Salt Lake City
2004 Peter Vogelzang Atene
2006 Eddy Verheijen Turyn
2008 Charles van Commenée Peking
2010 Henk Gemser Vancouver
2012 Maurits Hendriks Londen
2014 Sotsji
2016 Rio de Janeiro
2018 Jeroen Bijl Pyeongchang
2020 Pieter van den Hoogenband Tokio
2022 Carl Verheijen Peking

Nederlânske chefs de mission Paralympyske Spullen[1]

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Winter/Simmer Jier Namme Stêd Opm.
1960 Rome
1964 J. van Leeuwen Tokio
1968 Tel Aviv
1972 Anton van Velsen Heidelberg
1976 Örnsköldsvik Gjin Nederlânske dielnimmers
1976 Toronto
1980 Geilo Gjin Nederlânske dielnimmers
1980 Arnhem
1984 Innsbruck
1984 New York en Stoke Mandeville
1988 Innsbruck
1988 Humphrey Peter Seoel
1992 Tignes-Albertville
1992 Humphrey Peter Barcelona
1994 Lillehammer
1996 Cees Vervoorn Atlanta
1998 Henk van Lint Nagano
2000 Cees Vervoorn Sydney
2002 Henk van Lint Salt Lake City
2004 Thea Limbach Atene
2006 Henk van Lint Turyn Gjin Nederlânske dielnimmers
2008 Thea Limbach Peking
2010 André Cats Vancouver
2012 Londen
2014 Sotsji
2016 Rio de Janeiro
2018 Esther Vergeer Pyeongchang
2020 Tokio
2022 Peking

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De ynformaasje oer de chefs de mission op de Paralympyske Spullen is net alhiel folslein