Olympyske Winterspullen 2018

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Olympyske Winterspullen 2018
PyeongChang 2018 Winter Olympics.png
holden yn Pyeongchang
   (Súd-Koreä)
jier 2018
data 8-25 febrewaris
organisator IOC
dielnimmende lannen 91
dielnimmende atleten 2.952
eveneminten 102 yn 15 sporten
iepeningsseremoanje 9 febrewaris
slutingsseremoanje 25 febrewaris
edysjes
foarrige edysje Sotsji 2014
folgjende edysje Peking 2022
Temaside  Sport

De Olympyske Winterspullen fan 2018, offisjeel bekend as de XXIII Olympyske Winterspullen (Ingelsk: XXIII Olympic Winter Games; Frânsk: les XXIIIes Jeux Olympiques d'Hiver; Koreaansk: 제23회 동계 올림픽, offisjele transliteraasje: Je-isipsamhoe Donggye Ollimpik), wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint yn 'e tradysje fan 'e Olympyske Spullen, dat yn 'e winter fan 2018 holden waard yn Pyeongchang, in distrikt yn it noardeasten fan Súd-Koreä (net te betiizjen mei de Noardkoreaanske haadstêd Pyongyang). Pyeongchang wie it trêde Aziatyske plak dat de Olympyske Winterspullen organisearre, nei Sapporo (1972) en Nagano (1998), beide yn Japan. Hoewol't de Olympyske Winterspullen fan 2018 formeel fan 9 oant 25 febrewaris duorre, wiene it skyskânsspringen en it curlingtoernoai al in dei earder, op 8 febrewaris úteinset. Oan dizze edysje fan 'e Winterspullen namen krapoan 3.000 sporters diel, dy't ôfkomstich wiene út 91 ûnderskate lannen. Foar Ekwador, Eritreä, Kosovo, Maleizje, Nigearia en Singapoer wie it de alderearste dielname oan 'e Winterspullen. It evenemint omfieme fierders 102 ûnderdielen yn 15 ferskillende sporten, wêrfan't it meastepart organisearre waard yn it distrikt Pyeongchang, hoewol't foar beskate ûnderdielen útwykt waard nei it oanbuorjende distrikt Gangneung. Nei de Olympyske Simmerspullen waarden yn Pyeongchang ek de Paralympyske Winterspullen organisearre.

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pyeongchang wie ek kandidaat-gastplak foar de Olympyske Winterspullen 2010 en de Olympyske Winterspullen 2014, dy't úteinlik nei Vancouver, resp. Sotsji giene. Foar de Winterspullen fan 2018 naam Pyeongchang it op tsjin München, yn Dútslân, en Annecy, yn Frankryk. Op 'e 123e Gearkomste fan it Ynternasjonaal Olympyske Komitee (IOC), yn july 2011 yn it Súdafrikaanske Durban, waard Pyeongchang útornearre ta gastplak mei 63 stimmen, tsjin 25 foar München en 7 foar Annecy.

De iepeningsseremoanje fan 'e Olympyske Winterspullen, op 9 febrewaris.

Hoewol't der diskear ris gjin noed wie oer de fraach oft alle fasiliteiten foar de Spullen wol op 'e tiid ree wêze soene, wiene der genôch oare swierrichheden. Yn it foarste plak hong oer 'Pyeongchang' lang it driigjend skaad fan 'e spannings tusken Súd-Koreä en buorlân Noard-Koreä, dy't formeel noch altyd mei-inoar yn oarloch binne sûnt de Koreaanske Oarloch fan 1950-1953. Troch it Noardkoreaanske rakettestprogramma wiene dy spannings yn 'e rin fan 2017 heech oprûn, eat dat noch oanboaze waard troch de ûndiplomatike reäksjes op 'e rakettests troch de Amerikaanske presidint Donald Trump op Twitter. Ferskate lannen drigen dêrom mei in boykot fan dizze Winterspullen as de feiligens fan harren ôffurdigings net garandearre wurde koe.

Uteinlik sleaten Noard- en Súd-Koreä yn jannewaris 2018 in oerienkomst dy't ynhold dat Noard-Koreä oan 'e Spullen meidwaan soe (eat dat lang ûnwis bleaun wie). Boppedat soene de ôffurdigings fan 'e beide Koreä's by de iepeningsseremoanje as ien ploech ûnder in neutrale Koreaanske flagge meidwaan oan 'e yntocht fan 'e sporters. En teffens waard der as in symboalysk gebeart in feriene Koreaansk frouljusiishokkytiim gearstald, mei 12 leden út Noard-Koreä en 23 út Súd-Koreä, dat oan 'e Spullen meidwaan soe. Dy ûntwikkelings krigen lykwols in protte krityk yn Súd-Koreä en ek yn 'e Feriene Steaten, de wichtichste bûnsgenoat fan Súd-Koreä, mei't men fûn dat it Súdkoreaanske regear sa oan Noard-Koreä in platfoarm bea om 'e Winterspullen te misbrûken foar propagandadoelen.

In oar grut en slepend probleem wie de dielname fan Russyske atleten oan 'e Spullen. Dy wie faai kommen te stean troch it grutskalige en troch it Russyske regear opsette en fasilitearre dopingskandaal op 'e Winterspullen fan Sotsji, yn 2014. Yn 'e neisleep dêrfan wie it IOC-lidmaatskip fan it Russysk Olympysk Komitee opskoarre. Lang wie ûnwis wat foar ynfloed oft dizze saak hawwe soe op 'e Russyske dielname oan 'e Winterspullen fan Pyeongchang, mar op 5 desimber 2017 waard bekendmakke dat Ruslân as lân dêr net wolkom wie. Boppedat waard ek oan 43 yndividuële Russyske sporters de tagong ta Pyeongchang ûntsein om't se har yn it ramt fan doping misdroegen hiene op 'e Winterspullen fan Sotsji. Dyselden waarden dêrom foar altyd útsletten fan dielname oan 'e Olympyske Spullen. Russyske sporters dy't bewize koene dat se neat misdien hiene, wiene wol wolkom, mar koene yn Pyeongchang inkeld meidwaan ûnder de Olympyske flagge. Guon fan harren besleaten út solidariteit mei harren ferballe lângenoaten de Spullen te boykotten, mar 168 Russen diene wol mei.

Sporten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Formeel waarden der op 'e Olympyske Winterspullen fan fan 2018 7 sporten beoefene, om't it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) inkelde oansletten sportbûnen telt. Dêrfan binne der yndie sân: biatlon, curling, iishokky, reedriden, roadeljen, skyen (ynkl. skyskânsspringen en snowboarden) en slydzjen (bobslydzjen en skeleton). Yn 'e praktyk waarden der lykwols 15 sporten ûnderskaat, sa't hjirûnder werjûn is, mei it tal ûnderdielen tusken heakjes.


Nije ûnderdielen dy't op 'e Olympyske Winterspullen fan Pyeongchang foar it earst oan it offisjele wedstrydprogramma tafoege waarden, wiene big air-snowboarden, de massastart by it hurdriden, it mingd dûbelspul by it curling en it alpineskyen mei mingde tiims.

Kalinder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

IS iepeningsseremoanje groeps- en kwalifikaasjewedstriden 1 finales SG showgala ÔS ôfslutingsseremoanje
febrewaris 8
tong.
9
freed
10
sneon
11
snein
12
moan.
13
tii.
14
woa.
15
tong.
16
freed
17
sneon
18
snein
19
moan.
20
tii.
21
woa.
22
tong.
23
freed
24
sneon
25
snein
finales
Olympic Rings Icon.svg Ceremonies IS ÔS
Alpine skiing pictogram.svg alpineskyen 1 1 1 1 1 1 1 1 1 1 1 11
Biathlon pictogram.svg biatlon 1 1 2 1 1 1 1 1 1 1 11
Bobsleigh pictogram.svg bobslydzjen 1 1 1 3
Curling pictogram.svg curling 1 1 1 3
Freestyle skiing pictogram.svg freestyleskyen 1 1 1 1 2 1 1 1 1 10
Speed skating pictogram.svg hurdriden 1 1 1 1 1 1 1 1 1 2 1 2 14
Ice hockey pictogram.svg iishokky 1 1 2
Figure skating pictogram.svg keunstriden 1 1 1 1 1 SG 5
Nordic combined pictogram.svg Noardske kombinaasje 1 1 1 3
Luge pictogram.svg roadeljen 1 1 1 1 4
Short track speed skating pictogram.svg short track 1 1 2 1 3 8
Skeleton pictogram.svg skeleton 1 1 2
Cross country skiing pictogram.svg skyrinnen 1 1 2 1 1 1 1 2 1 1 12
Ski jumping pictogram.svg skyskânsspringen 1 1 1 1 4
Snowboarding pictogram.svg snowboarden 1 1 1 1 1 1 1 3 10
totaal tal finales 5 7 8 8 6 7 5 9 6 3 5 7 8 6 8 4 102
tal finales dien 5 12 20 28 34 41 46 55 61 64 69 76 84 90 98 102
febrewaris 8
tong.
9
freed
10
sneon
11
snein
12
moan.
13
tii.
14
woa.
15
tong.
16
freed
17
sneon
18
snein
19
moan.
20
tii.
21
woa.
22
tong.
23
freed
24
sneon
25
snein
finales

Dielnimmende lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder de dielnimmende lannen oan 'e Olympyske Winterspullen fan 2018, mei it tal yndividuële sporters werjûn. Oan it iishokkytoernoai naam in feriene Koreaansk tiim diel mei 35 leden, wêrfan 12 út Noard-Koreä en 23 út Súd-Koreä. Yn 'e list hjirûnder binne dy sporters by de oare dielnimmers út harren respektivelike lannen opteld. Ruslân wie as lân útsletten fan dielname fanwegen it dopingskandaal op de Olympyske Winterspullen 2014. Wol diene der 168 yndividuële Russyske sporters mei ûnder de Olympyske flagge.


Oan 'e Olympyske Winterspullen fan 2018 diene 11 lannen net mei, dy't wol oan 'e foargeande Winterspullen yn Sotsji dielnommen hiene: de Amerikaanske Famme-eilannen, de Britske Famme-eilannen, Dominika, Fenezuëla, de Kaaimaneilannen, Nepal, Paraguay, Perû, Ruslân, Simbabwe en Tadzjikistan. Fierders wiene der 14 lannen dy't yn Pyeongchang wol meidiene, mar út Sotsji weibleaun wiene. Dêrby giet it om: Bolivia, Ekwador, Eritreä, Gana, Kenia, Kolombia, Kosovo, Madagaskar, Maleizje, Nigearia, Noard-Koreä, Porto Riko, Singapoer en Súd-Afrika. Foar Ekwador, Eritreä, Kosovo, Maleizje, Nigearia en Singapoer wie it de alderearste dielname oan 'e Olympyske Winterspullen.

██ lannen dy't yn Pyeongchang foar it earst dielnamen oan 'e Olympyske Winterspullen

██ oare dielnimmende lannen oan 'e Olympyske Winterspullen fan 2018

Medaljespegel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It frouljuscurlingtiim fan gastlân Súd-Koreä, dat yn Pyeongchang in sulverne medalje wûn.
De Fin Iivo Niskanen wint goud op 'e 50 km skyrinnen (klassike styl).
It Gangneung Oval, dêr't it hurdriden holden waard.
Snowboarden op 'e Olympyske Winterspullen fan Pyeongchang.
Hongarije wint goud op 'e ôflossing by it shorttrack foar manlju.
rang lân goud sulver brûns totaal
1 Flag of Norway.svg  Noarwegen 14 14 11 39
2 Flag of Germany.svg Dútslân 14 10 7 31
3 Flag of Canada.svg Kanada 11 8 10 29
4 Flag of the United States.svg Feriene Steaten 9 8 6 23
5 Flag of the Netherlands.svg Nederlân 8 6 6 20
6 Flag of Sweden.svg Sweden 7 6 1 14
7 Flag of South Korea.svg Súd-Koreä (gastlân) 5 8 4 17
8 Flag of Switzerland.svg   Switserlân 5 6 4 15
9 Flag of France.svg Frankryk 5 4 6 15
10 Flag of Austria.svg Eastenryk 5 3 6 14
11 Flag of Japan.svg Japan 4 5 4 13
12 Flag of Italy.svg Itaalje 3 2 5 10
13 Olympic flag.svg Olympyske atleten út Ruslân 2 6 9 17
14 Flag of the Czech Republic.svg Tsjechje 2 2 3 7
15 Flag of Belarus.svg Wyt-Ruslân 2 1 0 3
16 Flag of the People's Republic of China.svg Sina 1 6 2 9
17 Flag of Slovakia.svg Slowakije 1 2 0 3
18 Flag of Finland.svg Finlân 1 1 4 6
19 Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje 1 0 4 5
20 Flag of Poland.svg Poalen 1 0 1 2
21 Flag of Hungary.svg Hongarije 1 0 0 1
Flag of Ukraine.svg Oekraïne 1 0 0 1
23 Flag of Australia (converted).svg Austraalje 0 2 1 3
24 Flag of Slovenia.svg Sloveenje 0 1 1 2
25 Flag of Belgium (civil).svg Belgje 0 1 0 1
26 Flag of New Zealand.svg Nij-Seelân 0 0 2 2
Flag of Spain.svg Spanje 0 0 2 2
28 Flag of Kazakhstan.svg Kazachstan 0 0 1 1
Flag of Latvia.svg Letlân 0 0 1 1
Flag of Liechtenstein.svg Lychtenstein 0 0 1 1

Fryske medaljes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

medalje namme sport ûnderdiel datum
Gold medal icon.svg goud Sven Kramer hurdriden 5000 meter (manlju) 11 febrewaris
Gold medal icon.svg goud Suzanne Schulting shorttrack 1000 meter (froulju) 22 febrewaris
Silver medal icon.svg sulver Jorrit Bergsma hurdriden 10.000 meter (manlju) 15 febrewaris
Silver medal icon.svg sulver Antoinette de Jong en Marrit Leenstra (mei 2 oaren) hurdriden ploege-efterfolging (froulju) 21 febrewaris
Silver medal icon.svg sulver Sjinkie Knegt shorttrack 1500 meter (manlju) 10 febrewaris
Bronze medal icon.svg brûns Sven Kramer (mei 3 oaren) hurdriden ploege-efterfolging (manlju) 21 febrewaris
Bronze medal icon.svg brûns Antoinette de Jong hurdriden 3000 meter (froulju) 10 febrewaris
Bronze medal icon.svg brûns Marrit Leenstra hurdriden 1500 meter (froulju) 12 febrewaris
Bronze medal icon.svg brûns Suzanne Schulting shorttrack 3000 meter ôflossing (froulju) 20 febrewaris

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko – Stêd 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barseloana 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 |
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch – Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 |
wizigje