Springe nei ynhâld

Olympyske Winterspullen 1994

Ut Wikipedy
XVIIe Olympiade
holden ynLillehammer, Noarwegen
jier1994
dielnimmende lannen67
dielnimmende atleten1.737
eveneminten61 yn 6 sporten
iepeningsseremoanje12 febrewaris
slutingsseremoanje27 febrewaris
edysjes
foarige1992 Tignes-Albertville
folgjende1998 Nagano
Temaside  Sport

De Olympyske Winterspullen 1994, ek wol de XVIIe Olympiade neamd, waarden yn 1994 hâlden yn it Noarske plak Lillehammer fan 12 oant en mei 27 febrewaris.

It Vikingskipet foar it reedriden

De sporten waarden foar it grutste part organisearre yn Lillehammer. Dêrneist waard yn Hamar reedriden; yn it Vikingskipet it langebaanriden en yn it Hamar OL-Amfi it shorttrack en it keunstriden. Yn Gjøvik waarden inkele iishokkywedstriden hâlden.

Akkommodaasje Sport (en) Lokaasje Kapisiteit
Birkebeineren Sky StadionBiatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen)Lillehammer34.000
Gjøvik Olympyske Grot HalIishockeyGjøvik5.300
Håkon HalIishockeyLillehammer10.500
Hamar Olympysk AmfiteaterKeunstriden, ShorttrackHamar6.000
VikingskipetReedridenHamar10.600
Kanthaugen Freestyle ArenaFreestyleskyenLillehammer15.000
HafjellAlpineskyen (slalom, grutte slalom, kombinearre)Øyer30.000
KvitfjellAlpineskyen (delgong, super-G, kombinearre)Ringebu41.000
Lillehammer Olympyske Bob- en RodelbaanBobslydzjen, RodeljenLillehammer10.000
LysgårdsbakkenNoardske kombinaasje (skânsspringen), SkânsspringenLillehammer35.000
LysgårdsbakkenIepenings- en slutingsseremoanjesLillehammer35.000
StampeslettaMedaljeseremoanjesLillehammer30.000
Lillehammer Olympysk DoarpUnderkommen atletenLillehammer2.300
Hamar Olympysk DoarpUnderkommen atletenHamar500
In postsegel oer de Spullen

Op de Spullen fan 1994 stiene seis sporten op it programma en 61 ûnderdielen ferdield oer 12 dissiplines.


 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1RuslânFlagge fan Ruslân RUS118423
2NoarwegenFlagge fan Noarwegen NOR1011526
3DútslânFlagge fan Dútslân GER97824
4ItaaljeFlagge fan Itaalje ITA75820
5Feriene SteatenFlagge fan de Feriene Steaten USA65213
6Súd-KoreaFlagge fan Súd-Korea KOR4116
7KanadaFlagge fan Kanada CAN36413
8SwitserlânFlagge fan Switserlân   SUI3429
9EastenrykFlagge fan Eastenryk AUT2349
10SwedenFlagge fan Sweden SWE2103

Fryske medaljes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
MedaljeNammeSportUnderdiel
SulverRintje RitsmaReedriden1500 m
BrûnsFalko ZandstraReedriden1500 m
BrûnsRintje RitsmaReedriden5.000 m

Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In rekordoantal fan 67 lannen die mei oan de Spullen Dat wiene der trije mear as by de foarige edysje twa jier dêrfoar. De gearstalling fan de lannen liet grutte ferskillen sjen. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Algerije, Bolivia, Kosta Rika, Hondueras, Ierlân, Yndia, Noard-Korea, Libanon, Marokko, de Nederlânske Antillen, de Filipinen en Swazilân. Joegoslaavje mocht fanwegen in ynternasjonale (sport)boykot net meidwaan.

Njoggen eardere Sowjet-steaten kamen net mear as in mienskiplik team út, mar as ôfsûnderlike lannen. Dat betsjutte it debút op de Winterspullen foar Armeenje, Georgië, Kazachstan, Kirgyzje, Moldaavje, Oekraïne, Oezbekistan en Wyt-Ruslân en de rentree fan Ruslân. Mei it útienfallen fan Tsjechoslowakije kamen no ek Tsjechje en Slowakije mei in eigen ploech en debutearren de lannen. Harren debút makke ek Amerikaansk-Samoa, Bosnje-Hersegovina, Israel, Trinidad en Tobago. Fidzjy en Portegal makken harren rentree. Nei de ynternasjonale boykot wie Súd-Afrika wer wolkom.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje