Skânsspringen

Ut Wikipedy
De Holmenkollbakken yn Noarwegen

Skânsspringen is in wintersport dêr't op sky's fan in skâns sprongen wurdt. It doel derby is om sawol sa fier mooglik, as sa moai mooglik te springen.

Skânsspringen wurdt yndividueel beöefene. Dernêst binne der lannewedstriden dêr't fjouwer springers fan elts lân om bar oan de start ferskine.

Skyfleane is in ekstreme foarm fan skânsspringen wêrby fan in ekstra grutte skâns ôf sprongen wurdt. Dy sport is populêr yn Skandinaavje, de Alpenlânnen, Poalen, Ruslân, Tsjechje en Japan.

Technyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

V-styl

De technyk fan it skânsspringen is yn 'e rin fan de foarige iuw bot feroare. Yn de begjinjierren hâlden de springers harren sky's nêst elkoar en makken in rotearjende beweging mei harren earmen. Nei alle gedachten om de beweging fan fûgels nei te dwaan. Letter hâld men de earmen stiif by it liif lâns. In grutte feroaring in it skânsspringen kaam troch de yntroduksje fan de ‘V-styl’ begjin jierren '90 troch de Sweed Jan Boklöv. By dy styl wurde de sky's yn in V-foarm brocht en wurdt it liif safier mooglik, tusken de twa sky's hâlden. Dêrtroch fange je mear wyn en wurde je fierder droegen. Yn de earste jierren nei de yntroduksje fan dy styl kende de sjuery foar dizze, yn har eagen lilke, styl minder punten ta, mar dat waard rom kompensearre trochdat men fierder springe koe mei dizze styl.

De lâning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In saneamde ‘Telemark-lâning’ skoart better by de sjuery as in gewoane lâning mei twa parallelle sky's. By de ‘Telemark’ neamd nei de Noarske provinsje Telemark bûcht de springer fuort nei de lâning ekstra fier troch ien foet. Dy manier fan lannen is muoilik en dêrmei lit de springer sjen dat hy de lâning goed ûnder kontrôle hat. By tige fiere sprongen wurdt út grûn fan feiligens faak de parallelle lâning brûkt, mar dat kostet dan al wer punten by de sjuery.

Puntetelling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In skânsspringer kin in wedstriid winne troch de measte punten te beheljen. Hja behelje punten foar de ôfstân en de styl fan de sprong. As in springer eksakt op it K-punt lânet, kryt hy 60 punten. Eltse meter mear betsjut 1,8 punt derby en eltse meter minder betsjut 1,8 punt derôf. Dan krije de springers ek noch punten foar de styl. Bij alle wedstriden binne der 5 sjuery leden oanwêzich. Dy ha de taak de sprong te beoardieljen. Fuort nei de sprong moatte se in skoare trochjaan dy't tusken de 0 en de 20 punten leit. As elts sjuerylid dat dien hat, wurde de heechste en de leechste punten der fan ôf lutsen, en wurde de oerbleaune skoares by elkoar opteld en tegearre mei de punten foar de sprong wurd dat dan de einskoare foar de springer.

De skânsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wedstriidskânsen binne der yn ferskillende ôfmjittings. By de yndieling fan skânsen wurdt gebrûk makke fan it K-punt. It K-punt stiet foar it kritike punt. Dat is de ôfstân die ûnder normale omstannichheden troch goeie skânsspringer feilich sprongen wurde kin. De measte wedstriidskânsen binne K90- of K120- skânsen.

Fierder is de gebrûklike yndieling in de skânsen sa yndield:

  • Lytse skânsen: K-wearde 75-100 m
  • grutte skânsen: K-wearde 100-130 m
  • skyfleanskânsen: K-wearde 145-185 m

Materiaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it skânsspringen wurde yn fergeliking mei it alpineskyen bredere en langere sky's brûkt. De pakken binne fan in soart skomrubber. Der jilde strange materiaal foarskriften, sawol foar de sky's as foar de pakken. Wat al en net mei hinget ôf fan de lingte en it gewicht fan de springer.