Springe nei ynhâld

Falko Zandstra

Ut Wikipedy
Falko Zandstra
Reedrider
Falko Zandstra
Falko Zandstra
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFalko Zandstra
bynammeDe Gespierde Spijker
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum27 desimber 1971
berteplakIt Hearrenfean
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
ûnderdiellangebaan
O.S.Tignes-Albertville 1992,
Hamar 1994
debút1990
karriêre-ein1998
wichtige prestaasjes
1x sulver Olympyske Spullen 1992
1x brûns Olympyske Spullen 1994
1x goud Wrâldkampioenskip o.a. 1993
1x sulver Wrâldkampioenskip o.a. 1992

Falko Zandstra (It Hearrenfean, 27 desimber 1971) is in eardere Fryske hurdrider en reedrydcoach. Fanwegen syn tinne skonken waard hy ek wol de Spierde Spiker neamd.

Zandstra gou as in natoertalint, dat al op jonge leeftiid 'pike'. Yn 1990 en 1991 waard hy wrâldkampioen by de junioaren. Yn 1991 wûn hy mei in wrâldrekord op de lytse fjouwerkamp. Yn syn ynternasjonale debútjier 1992 waard hy fuortendalik Jeropeesk kampioen en twadde op it wrâldkampioenskip, nei Roberto Sighel. Hy wûn dat jier ek de wrâldbeker op de 1500 meter en Olympysk sulver op de fiif kilometer. In jier letter, yn 1993, waard Zandstra wrâldkampioen reedriden yn Hamar, Noarwegen. Dat jier waard hy ek wer Jeropeesk kampioen.

Fan 1994 ôf waard it minder mei syn karriêre. Op de Olympyske Spullen fan 1994 yn Lillehammer pakte hy ien kear brûns (1500 meter) en waard hy op de fiif en de tsien kilometer fjirde. Wol wist hy yn 1994 nochris de wrâldbeker op de 1500 meter te winnen. Yn 1995 waard hy noch twadde by it Jeropeesk Kampioenskip. Op it WK allround fan dat jier foel hy op de 1500 meter trochdat hy it bantsje, dat om de earm fan in rider zit om oan te jaan in hokker baan hy starten is, oer syn eigen reed goaide. Hjirtroch wist hy him net te kwalifisearjen foar de 10.000 meter.

Yn de perioade 1992/1993 wie Zandstra foar in soad jonge famkes in idoal. Ynterviews en posters ferskynden û.o. yn de Tina. Om dy tiid hinne ferskynde hy ek, tegearre mei inkele oare riders, lykas Sandra Voetelink, yn in reklamefilmke fan Bolletje.

Nei syn karriêre as langebaanrider hat Zandstra it noch efkes besocht op de maraton, mar sûnder folle súkses. Yn 1999 hold er definityf op mei hurdriden. Dêrnei krige er in eigen bedriuw yn dak- en wandbeplating (Falko Dak & Wand) yn It Hearrenfean. Hy is troud mei rydster Ellen Linnenbank.

datum 500 m 1500 m 5000 m 10.000 m punten
22-01-199338,171.52,626.38,7713.43,54156,764 (Johann Olav Koss)
23-01-199337,901.52,176.40,0113.46,96156,639
13-03-199338,171.52,536.36,5713.43,54156,514 (Johann Olav Koss)

Resultaten fan Falko Zandstra by ynternasjonale kampioenskippen.

jier
jier EK Allround Olympyske Spullen WK Allround WK Junioaren
1990goud
1991goud
1992goud10e 1000m
7e 1500m
sulver 5000m
sulver
1993goudgoud
1994brûnsbrûns 1500m
4e 5000m
4e 10000m
-
1995sulverNC26
1996--
1997brûnsNC14
19985e--
- = gjin dielname
NC# = net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as # klassearre yn de einrangskikking

Medailjespegel fan Falko Zandstra foar ynternasjonale kampioenskippen dêr't hy oan meidien hat.

kampioenskipGoud
goud
Sulver
sulver
Brûns
brûns
EK Allround212
Olympyske Spullen011
WK Allround110
WK Junioaren200
Nr.ôfstântiidDatumBaan
1lytse fjouwerkamp159,75317 febrewaris 1991It Hearrenfean
2lytse fjouwerkamp156,0593 maart 1991Calgary
3grutte fjouwerkamp156,88224 jannewaris 1993It Hearrenfean
Noat: De wrâldrekords op de lytse fjouwerkamp binne setten as junior.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: