Springe nei ynhâld

Johann Olav Koss

Ut Wikipedy
Johann Olav Koss
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
bertedatum29 oktober 1968
berteplakDrammen, Noarwegen
sportive ynformaasje
ûnderdielLangebaan, Oer-alles
O.S.Tignes-Albertville 1992
Lillehammer 1994
debút1986
karriêre-ein1994
ekstraOprjochter fan Right To Play

Johann Olav Koss (Drammen, 29 oktober 1968) is in eardere Noarske reedrider.

Koss waard wraldkampioen oer-alles yn 1990, 1991 en 1994 en Europeesk kampioen oer-alles yn 1991. Yn 1992 wûn hy goud op de 1500 meter en sulver op de 10.000 meter by de Olympyske Spullen yn Tinges-Albertville. Yn 1994 wûn er goud op 1500, 5000 en 10.000 meter by de Spullen yn Lillehammer.

Foaral it wrâldrekord op de tsien kilometer by de Olympyske Spullen yn 1994 wie in grutte prestaasje. Syn tiid 13.30.55 wie mei grutte foarsprong de rapste tiid. Dit rekord waard pas yn it tiidrek fan de klapreed ferbrutsen.

Persoanlike rekôrs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter37,987 jannewaris 1994Hamar, Vikingskipet
1.000 meter1.14,910 jannewaris 1993Hamar, Vikingskipet
1.500 meter1.51,2916 febrewaris 1994Hamar, Vikingskipet
3.000 meter3.57,5213 maart 1990It Hearrenfean, Thialf
5.000 meter6.34,9613 febrewaris 1994Hamar, Vikingskipet
10.000 meter13.30,5520 febrewaris 1994Hamar, Vikingskipet
Nr. Ofstân Tiid Datum Baan
13000 meter3.57,5213 maart 1990It Hearrenfean, Thialf
25000 meter6.41,739 febrewaris 1991It Hearrenfean, Thialf
310.000 meter13.43,5410 febrewaris 1991It Hearrenfean, Thialf
4Grutte fjouwerkamp157,39626 febrewaris 1991It Hearrenfean, Thialf
55000 meter6.38,7722 jannewaris 1993It Hearrenfean, Thialf
65000 meter6.36,5713 maart 1993It Hearrenfean, Thialf
75000 meter6.35,534 desimber 1993Hamar, Vikingskipet
85000 meter6.34,9613 febrewaris 1994Hamar, Vikingskipet
91500 meter1.51,2916 febrewaris 1994Hamar, Vikingskipet
1010.000 meter13.30,5520 febrewaris 1994Hamar, Vikingskipet

Nei it reedriden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn kariêre as reedrider, makke Koss syn genêskundestúdzje ôf. Hy gong oan de slach as ambassadeur foar UNICEF en waard lid fan it YOK. Yn 1999 troude Koss mei de Kanadeeske sakefrou en politika Belinda Stronach. Dit houlik hâlde gjin stân en yn 2003 binne se skieden. Yn 2009 troude Koss foar de twadde kear, by syn twadde frou hat er in soan.

Right To Play is in organisaasje oprjochte troch Johann Olav Koss dy't ûntstien is út Olympic Aid in yn 1992 troch it Olympysk Organisaasje Komitee fan de spullen yn Lillehammer oprjochte goede doelen organisaasje. Mei dizze organisaasje wol Koss him ynsette foar de rjochten fan bern dy't it it dreechst hawwe. De programma's fan Right To Play rjochtsje har op famkes, minsken mei in beheining, bern mei HIV en AIDS, bern dy't op strjitte libje, eardere bernsoldaten en flechtlingen. De organisaasje is yn sa'n 20 lannen aktyf mei 41 projekten, en belûkt wraldwiid topsporters as ambassadeurs by de aktiviteiten. De organisaasje hat kantoaren yn Nederlân, Noarwegen, Switserlân, Itaalje, Ingelân, De Feriene Steaten en Kanada - dêr't ek it haadkantoor festige is. Koss is hjoed de dei algemien direkteur fan Right To Play.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppelings om utens