Drammen
Drammen | ||
![]() | ||
Drammen fan de eastkant wei sjoen | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 64 055 (1 july 2011) | |
Oerflak | 137,51 km² | |
Befolkingstichtens | 416/km² | |
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Buskerud | |
Boargemaster | Tore Opdal Hansen | |
Oar | ||
Stifting | 1811 | |
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | CEST (UTC+2) | |
Koördinaten | ||
Webside | Drammen Kommune |
Drammen is in stêd en gemeente yn de provinsje Buskerud yn Noarwegen.
De gemeente hie yn 2005 57.148 ynwenners; 48,4% wiene manlju. It part âlderein (67 jier of âlder) is 14,0%. Juny 2005 wie 3,9% fan de befolking wurkleas.
Plakken yn de gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Drammen
- Jordbrekkskogen
- Konnerud
- Pukerud
- Skoger
- Stubberud
- Tangen
Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Topografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Drammen leit yn in fallei oan de mûning fan de rivier Drammen dy't útkomt yn de Drammen Fjord. Nei de ein fan de lêste iistiid krige de Drammendelling syn hjoeddeiske foarm.
Geology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It grutste part fan de grûn yn de gemeente Drammen bestiet út earm read granyt, ek wol Drammengranyt neamd. Dêrneist is der yn de gemeente in soad grûn fan fulkanyske stien en kalkstien te finen.
Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Drammen hat in kâld en fochtich, mar myld klimaat mei waarme simmers.
Natoer en Miljeu[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De rivier de Drammen hat jierrenlang slim fersmoarge west troch swiere yndustry by de rivier lâns dy't sa har ôffalwetter op de rivier losten. Sûnt de jierren 90 is de rivier wer skjin en wurdt der salm fongen yn de rivier.
Der binne in oantal grutte parken yn de stêd en strannen oan de Drammen rivier. Oan de súd- en oan de eastkant fan Drammen binne grutte bosk- en marregebieten te finen.
Beskerme Gebieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de gemeente Drammen binne fjouwer beskerme natoergebieten (2007).
- Austad naturminne (1964) - 20 hektare natoer
- Solum store naturminne (1964)
- Skalstad naturminne (1967)
- Rismyr naturreservat (1986) - 47 hektare natoer
Berne yn Drammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Johan Halvorsen (1864), komponist en dirigint
- Triztán Vindtorn (1942-2009), Noarsk surrealistysk- en avant-gardedichter
- Sten Stensen (1947), reedrider
- Johann Olav Koss (1968), reedrider
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Drammen fan Wikimedia Commons. |