Oerlis:Drammen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Moat it werklik neamd wurde hoefolle minsken yn it befolkingsregister fan Nederlânske komôf binne? Neffens my is dit allegear oerset fan de Nederlânske Wikipedy, want de ynterwiky dêrhinne ûntbrekt. --Kening Aldgilles 30 aug 2011, 21.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat moat net, mar it mei dochs wol? Drewes 30 aug 2011, 21.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Fan my mei it wol, mar ik fyn Nederlânske komôf minder rillefant foar de Fryske wikipedy dan Fryske komôf. Wikiice 30 aug 2011, 21.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Faaks binne der ek Friezen ûnder. Drewes 30 aug 2011, 22.35 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik fyn sokke ynformaasje út it befolkingsregister wier net nedich. Aansen moatte wy ek noch de 'Dútske ynwenners' neame omdat dêr ek Friezen by wêze kinne. As der in bysûnderheid mei Friezen yn in bepaalde mienskip is, dan graach, mar wy hoege gjin aparte melding te meitsjen oer Nederlanners yn Noarwegen. Ik bin it dus mei Wikiice iens. --Kening Aldgilles 31 aug 2011, 00.29 (CEST)[beäntwurdzje]