Springe nei ynhâld

Bosnje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bosnje en Herzegovina)
Bosna i Hercegovina
Босна и Херцеговина
Flagge fan Bosnje Wapen fan Bosnje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Bosnje
Offisjele taal Bosnysk, Servysk, Kroatysk
Haadstêd Sarajevo
Steatsfoarm Republyk
Gebiet 51.129 km²
Ynwenners (2002) 3.922.205
Munt Konvertibilna Marka (BAM)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 25 novimber
Lânkoade BIH
Ynternet .ba
Tillefoan 387

Bosnje, eins: Bosnje-Hertsegovina, is in lân op de Balkan. It is in republyk, dy't ûntstean is troch it útinoar fallen fan it eardere Joegoslaavje (sûnt 5 april 1992).

Formeel hjit it lân: Bosna i Hercegovina, Bosnje en Herzegovina, om't it in kombinaasje is fan de lânskippen Herzegovina en Bosnje. Herzegovina is it lytsere part yn it suden, besuden Konjic. Ornaris wurdt dizze twadieling net mear in protte oandacht jûn fanwegen de opdieling dy't op it stuit wichtiger is: yn Kroatysk en Servysk gebiet. Dêrom wurdt it lân ornaris simpelwei Bosnje neamd, en de ynwenners Bosnjers.

De haadstêd is Sarajevo en it haad fan de republyk is sûnt 2013 presidint Mladen Ivanić.

Bosnje wurdt begrinzge troch:

By Neum hat it lân in 24 kilometer lange kustline mei de Adriatyske See.

Neum

It noarden is foar it meastepart flak, it middenwesten heuvelich. Yn it suden en easten lizze de heechste toppen, it heechste punt is de Maglic (2386m) op de grins mei Montenegro. It lân hat in soad bosken en de natuer is der noch yn hear en fear. Yn it westen binne kanofarren en rafting op de rivieren Una en Sana tige populêr. Fierder ûnderbrekt Bosnje de kustline fan it buorlân Kroaasje yn it suden, by de stêd Neum, dêr't it in ferbining hat mei de Adriatyske See. Alhoewol't yn de oarloch in protte fernield is, wurdt der hurd wurke oan de weropbou.

De haadstêd fan Bosnje en Herzegovina is Sarajevo. Oare grutte stêden binne Banja Luka, Bihac, Mostar, Tuzla en Zenica.


Yn eardere tiden makke Bosnje diel út fan ferskate riken: ûnder oaren it Romeinske ryk, it Byzantynske ryk en it Ottomaanske ryk.

Yn de 20e iuw sûnt 1945 oant 1991 wie Bosnje ien fan de seis republiken, dy't mei-inoar de Sosjalistyske Federative Republyk Joegoslaavje foarmen. Oant 1980 waard Joegoslaavje laat troch Tito. Yn dat tiidrek waard foaral de klam leid op ienheid en bruorskip tusken de ferskate godstsjinstige en etnyske groepen dêr't Joegoslaavje út bestie. Nei de dea fan Tito kaam it liederskip te lizzen by in kollektyf steatspresidium. Lykwols wurke dat systeem tige min en begjin njoggentiger kaam der in ein oan de Federaasje mei de iensidige ôfskiedings fan Sloveenje en Kroaasje yn 1991. Troch it Servyske regear yn Belgrado waard dat net akseptearre wat foaral late ta in kriich tusken Kroaasje en Servje.

Bosnje, dat de meast etnysk-mingde republyk yn Joegoslaavje wie, waard yn dizze kriich meilutsen. Wylst de Bosnyske Kroaten en Bosnyske Servjers oansluting sochten by respektivelik Zagreb en Belgrado, rôp it troch moslims dominearre regear yn Sarajevo de ûnôfhinklikens fan Bosnje út. Tusken de ferskate befolkingsgroepen ûntstie in bluodderige boargerkriich, dêr't pas yn novimber 1995 mei de akkoarden fan Dayton formeel in ein oan kaam en dy't nei skatting oan 100 à 150 tûzen minsken it libben koste hat.

It skaaimerk fan dizze kriich wie it etnysk suverjen fan doarpen en stêden. Hjirby waarden tûzenen minsken fermoarde, lykas yn Srebrenica yn july 1995, en hûnderttûzenen ynwenners flechten, faak mei efterlitten fan al har besittings.

Fuortendaliks nei it útroppen fan de Bosknyske ûnôfhinklikheid yn 1992 bruts de Bosnyske oarloch út, dy't einige mei ynternasjonaal yngripen yn 1995 troch it ferdrach fan Dayton. Sûnt dy tiid is it lân ferdield yn twa parten: De Moslim-Kroatyske Federaasje (Federacija Bosna i Hercegovina), en in Servysk part: de Servyske Republyk (Republika Srpska). Yn dy lêste is Banja Luka de wichtichste stêd; grûnwetlik is Sarajevo de haadstêd. Utsein de boppeneamde twa dielrepubliken is der ek it Federaal Distrikt Brcko.

Bosnje hat trije offisjele talen, it Servysk, it Kroatysk en it Bosnysk. De namme "Bosnysk" is lykwols kontroversjeel, om't de Kroatyske en Servyske Bosnjers miene dat de namme Bosnysk seit dat it de taal fan gâns Bosnje is, wylst it grutste part fan it lân Kroatysk of Servysk praat. De konstitúsje fan de Republika Srpska, dêr't it Bosnysk in offisjele taal is, sprekt fan "de taal sprutsen troch de Bosniakken" ("jezik kojim govore Bošnjaci"); deselde beneaming wurdt ek brûkt troch it regear fan Servje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje