Springe nei ynhâld

Olympyske Simmerspullen 1900

Ut Wikipedy
IIe Olympiade
holden yn Parys, Frankryk
jier 1900
dielnimmende lannen 24
dielnimmende atleten 997
eveneminten 95 yn 18 sporten
iepeningsseremoanje 14 maaie
slutingsseremoanje 28 oktober
edysjes
foarige 1896 Atene
folgjende 1904 Saint Louis
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen 1900, ek wol de IIe Olympiade neamd waarden yn 1900 yn Parys, Frankryk hâlden.

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 26 41 34 101
2 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 19 14 14 47
3 Grut Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 15 6 9 30
4 Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 6 2 1 9
5 Belgje Flagge fan Belgje BEL 5 5 5 15
6 Mingd Team Olympyske Flagge ZZX 5 3 3 11
7 Dútslân Flagge fan Dútslân GER 4 2 2 8
8 Itaalje Flagge fan Itaalje oant 1946 ITA 2 2 0 4
9 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 2 1 3 7
10 Austraalje Flagge fan Austraalje AUS 2 0 3 5

Fryske medaljes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Medalje Namme Sport Ûnderdiel
Brûns Roelof Klein Roeie Manlju, acht
Goud Roelof Klein Roeie Manlju, twa mei stjoerman

Wrâldútstalling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Velódrome de Vincennes de lokaasje fan Cricket, Hurdfytsen, Fuotbal, Gymnastyk, en Rugby

Om finansjele redenen moast Pierre de Coubertin de Spullen keppelje oan de wrâldútstalling hy hie eins rekkene op subsydzje fan de Frânske oerheid en de finansjele wrâld, mar beide ynstânsjes kamen net mei it nedige jild oer de brêge. Dertroch siet der foar De Coubertin neat oars op dan de Spullen te keppeljen oan de organisaasje fan de wrâldútstalling dat jier yn Parys. Dêrtroch wie de organisaasje fan de Spullen yn hannen fan it organisearjend komitee fan de wrâldútstalling. Dat komitee hie neat mei sport, en dêrtroch moasten de sporten yn minne akkommodaasjes beöefene wurde. Der wie gjin olympysk stadion en in soad sportferieningen namen de organisaasje fan de ferskeidene sporten yn hannen. Sa waarden de atletykwedstriden hâlden op de gersbanen fan de Racing Club de France en moasten der sels sporten beöefene wurde op in stik greide. De wedstriden waarden bywenne troch in oantal tafallige foarbygongers. Al mei al waarden de Spullen organisearre mei de Frânske Slach. Dat hie lieden ta in oantal opfallende ynsidinten. It organisaasje komitee fan de wrâldútstalling hie de beslissing naam om alle sporten dy't op 14 july, de Frânske nasjonale feestdei, op te fersetten om't se benaud wiene dat de sporten mear taskôgers lûke soene dan it militêr defilee. Alle sporten fan dy dei waarden dêrom de sneins hâlden, wêrtroch't in protte Amerikaanske sporters wegere ha om mei te dwaan oan de sporten dy dei.


Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1900

24 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Parys


Yn in oantal boarnen wurdt ek noch fan de folgjende lannen sprutsen as dielnimmers oan de Spullen


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De winner fan de maraton, Michel Théato, wie in Lúksemboarger yn stee fan in Frânsman. Dat waard pas inkele desennia nei de Spullen ûntdutsen, dêrtroch wurdt syn dielname en oerwinning faak takend oan Frankryk.
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje


Olympyske Simmerspullen 1900

Atletyk | Baanhurdfytsen | Bôgesjitten | Cricket | Croquet | Fuotbal | Golf | Gymnastyk | Hynstesport | Hurdsilen | Pelota | Polo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tennis | Toulûken | Wetterpolo