Olympyske Winterspullen 1952
VIe Olympiade | ||||
![]() | ||||
holden yn | Oslo, Noarwegen | |||
jier | 1952 | |||
dielnimmende lannen | 30 | |||
dielnimmende atleten | 694 | |||
eveneminten | 22 yn 6 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 14 febrewaris | |||
slutingsseremoanje | 25 febrewaris | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 1948 Sankt Moritz | |||
folgjende edysje | 1956 Cortina d'Ampezzo | |||
|
De Olympyske Winterspullen 1952, ek wol de VIe Olympiade neamd, waarden yn 1952 yn Oslo, Noarwegen hâlden. Dat wie fan 14 oant en mei 25 febrewaris.
Akkommodaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Akkommodaasje | Lokaasje | Sport (en) | Kapasiteit |
---|---|---|---|
Bislett stadion | Oslo | Bandy (demonstraasje), Keunstriden, Reedriden | 29,000 |
Dælenenga idrettspark | Oslo | Bandy (demonstraasje), Iishockey | Net neamd. |
Holmenkollen National Arena | Oslo | Skyrinnen, Noardske kombinaasje, Skânsspringen | 150,000 |
Jordal Amfi | Oslo | Iishockey | 10,000 |
Kadettangen | Bærum | Iishockey | Net neamd. |
Korketrekkeren | Oslo | Bobslydzjen | Net neamd. |
Lillestrøm stadion | Skedsmo | Iishockey | Net neamd. |
Marienlyst stadion | Drammen | Iishockey | Net neamd. |
Norefjell | Krødsherad | Alpineskyen (delgong), Alpineskyen (grutte slalom) | Net neamd. |
Rødkleiva | Oslo | Alpineskyen (slalom) | Net neamd. |
Bislett stadion | Oslo | Iepening en sluting seremoanjes | Net neamd. |
Sporten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op de Spullen fan 1952 stiene fjouwer sporten op it programma en 22 ûnderdielen ferdield oer 8 dissiplines. Bandy wie de ienichste demonstraasjesport.
Medaljes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Medaljespegel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plak | Lân | NOK | ![]() |
![]() |
![]() |
Totaal |
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Noarwegen | ![]() |
7 | 3 | 6 | 16 |
2 | Feriene Steaten | ![]() |
4 | 6 | 1 | 11 |
3 | Finlân | ![]() |
3 | 4 | 2 | 9 |
4 | Dútslân 1 | ![]() |
3 | 2 | 2 | 7 |
5 | Eastenryk | ![]() |
2 | 4 | 2 | 8 |
6 | Kanada | ![]() |
1 | 0 | 1 | 2 |
Itaalje | ![]() |
1 | 0 | 1 | 2 | |
8 | Grut-Brittanje | ![]() |
1 | 0 | 0 | 1 |
9 | Nederlân | ![]() |
0 | 3 | 0 | 3 |
10 | Sweden | ![]() |
0 | 0 | 4 | 4 |
1Alhoewol't alle Dútske dielnimmers út West-Dútslân kamen, die neffens it YOK "Dútslân" mei en net "West-Dútslân". By de trije folgjende edysjes kaam in mienskiplike ploech yn aksje mei dielnimmers út de beide Dútslannen.
Dielnimmende lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tritich lannen diene mei oan de Spullen, in rekord oant dan ta. Harren debút makken Nij-Seelân en Portegal. Dútslân en Japan wiene wer wolkom. Austraalje die ek wer mei. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Lychtenstein, Turkije en Súd-Korea. It Dútske NOK, lykas dat foar de Twadde Wrâldkriich bestie, bestie noch hieltiten en wie noch net splitst yn in West- en East-Dútsk NOK. Dat soe pas fan 1968 ôf it gefal wêze. Oant dy tiid kaam in feriene Dútske ploech yn aksje. Yn 1952 ûnder de namme "Dútslân" en dêrnei as "It Dútsk ienheidsteam". East-Dútslân woe yn 1952 net yn in feriene Dútske ploech meidwaan wêrtroch't de ploech allinne bestie út West-Dútsers.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1952 Winter Olympics fan Wikimedia Commons. |