Twaentritich lannen diene mei oan de Spullen. Trije lannen dienen foar it earst mei: Bolivia, Iran en de Sowjetuny. Lychtenstein, Turkije en Súd-Korea wiene nei fjouwer jier wer fan de partij. Fergelike mei de foarige edysje ûntbrutsen Argentynje, Denemark, Nij-Seelân en Portegal. Foar it earst diene de atleten fan East- en West-Dútslân yn ien ploech mei.