Springe nei ynhâld

Suzanne Schulting

Ut Wikipedy
Suzanne Schulting
Reedrider
Suzanne Schulting
Suzanne Schulting
persoanlike bysûnderheden
echte namme Suzanne Schulting
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 25 septimber 1997
berteplak Grins
etnisiteit Frysk
lingte 1,70 m
sportive ynformaasje
O.S. Pyeongchang 2018
Peking 2022
debút 2014
wichtige prestaasjes
Shorttrack
Goud grut goud 3x Olympyske Spullen 2018 & 2022
Sulver grut sulver 1x Olympyske Spullen 2022
Brûns grut brûns 1x Olympyske Spullen 2018
Goud grut goud 10 x WK
Sulver grut sulver 2x WK
Brûns grut brûns 2x WK
Goud grut goud 17x EK
Sulver grut sulver 4x EK
Brûns grut brûns 3x
Langebaan
Brûns grut brûns 1x EK Sprint

Suzanne Schulting (Grins, 25 septimber 1997) is in Frysk shorttracker. Suzanne is de dochter fan de eardere fuotballer Jan Schulting.

Op de Olympyske Winterspullen 2018 yn Pyeongchang, Súd-Korea, wûn Schulting in gouden medalje op de 1000 meter, wêrmei't se de earste Nederlânske Olympysk kampioene yn it shorttracken waard. Se helle ek in brûnzen medalje op de 3000 meter estafette, dêr't se mei Yara van Kerkhof, Jorien ter Mors en Lara van Ruijven in nij wrâldrekord sette yn de B-finale en it team troch (twa) penalty's yn de A-finale fan Sina en Kanada gie noch nei it tredde plak. Op de Olympyske Winterspullen 2022 yn Peking wûn se sulver op de 500m en ferdigene se mei súkses de Olympyske titel fan 2018 op de 1000m. Op 13 febrewaris 2022 wûn se mei it Nederlânske team Olympysk goud op de shorttrackestafette.

Schulting waard wrâldkampioen op de 1000 meter en yn 2019 algemien. Yn 2019, 2020 en 2021 waard se Europeesk shorttrackkampioen. Ek docht se mei op de lange baan.

Byld Walk of fean

Yn 2014 keas de KNSB har tas Shorttracktalint fan it jier en fan 2016 oant 2023 mei sân opienfolgjende jierren as Shorttracker yn it jier (fan 2020 oant de Priis Peter van der Velde Bokaal, yn 2021 waard de priis net útrikt fanwegen de COVID-19-pandemy). Nei har earste Olympyske oerwinning op de Winterspullen yn Pyeongchang, waard Schulting yn maart 2018 beneamd as Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Yn datselde jier waard se troch in sjuery fan aktive Nederlânske atleten en in faksjuery keazen as Sportfrou fan it Jier. Schulting naam it by de ferkiezing op tsjin hurdrydster Jorien ter Mors en ek de hurdfyts wrâldkampioenen Anna van der Breggen en Annemiek van Vleuten.

Yn juny 2019 waard se op It Hearrenfean mei in búste eare op de Walk of Fean yn It Hearrenfean as Sportfrou fan de Regio. Troch oanhâldend fandalisme waard de búste yn desimber 2019 weihelle út de iepen romte.

Persoanlike rekôrs langebaanriden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Lokaasje Oar
Baan Plak
500 meter 37,61 15 febrewaris 2025 Thialf It Hearrenfean
1000 meter 1.13,97 28 desimber 2020 Thialf It Hearrenfean
1500 meter 1.57,02 26 septimber 2021 Thialf It Hearrenfean
3000 meter 4.23,78 20 desimber 2014 Thialf It Hearrenfean
5000 meter