Pyeongchang
Appearance
Net te betiizjen mei Pyongyang, de haadstêd fan Noard-Koreä.Pyeongchang 
Skygebiet fan Pyeongchang emblemen 
polityk soarte gebiet Distrikt lân
Súd-KoreäProvinsje Gangwon-do sifers ynwennertal 42.577 (2019) oerflak 1.463,65 km2 befolkingstichtens 29 km2 oar tiidsône UTC+9 kaart
Pyeongchang is in distrikt yn de provinsje Gangwon-do yn Súd-Koreä. It distrikt telde 42.577 ynwenners yn 2019. Pyeongchang organisearre yn 2018 de Olympyske en de Paralympyske Winterspullen. Pyeongchang leit sa'n 130 km eastlik fan de haadstêd Seoul yn it Taebaek-berchtme. Pyeongchang grinzet yn it noarden oan Hongcheon, Gangneung yn it noardeasten en Jeongseon yn it easten. Yeongwol leit besuden Pyeonchang en Hoengseong westlik fan it distrikt. As gefolch fan de hege lizzing op ûngefear 700 meter hichte, binne der lange winters mei in protte snie.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
