Kurling

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Curling)
Pompeblêd.png
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


In Amerikaansk kurlingteam by de Olympyske Winterspullen yn 2006 yn Turyn

Kurling, nei it Ingelsk ek wol stavere as curling, is in Handigenssport. It wurdt spile troch de eigen stiennen oer it iis te skowen, en sa dat dy op it lêst tichter by it doel lizze as dy fan de tsjinstanner. Dêrmei liket it op oare handigenssporten, lykas kloatsjitten en bowls. Lykwols wurdt kurling dien op ien plak, tusken twa huzen. In ein, de rjochting, giet nei it iene hûs, en nei ien kear skoare giet it nije ein wer werom.

In ploech bestiet út fjouwer spylders, dy't elts twa stienen spylje. At sa alle sechtsjin stienen nei it doel, it hûs, spile binnen, krijt de ploech waans stien it tichtst by it midden fan it hûs is in punt. Feitlik krijt dy ploech in punt foar eltse stien dy't tichter by it doel is, as de stien fan de oare ploech dy't it tichtst by it doel is.

De namme "kurling" komt fan it Ingelsk, en jout oan dat de stien at er mear gryp op it iis krijt, fan rjochting feroaret. De "curl" fan de stien is it wuoljen fan de stien. De spylder jout de rjochting by it smiten, mar hoefolle at dat bart hinget lykwols ek ôf fan hoe glêd as de ûndergrûn, it iis, is. Fan dêre dat de spylders at hja net smite, it iis feie om dat glêd te hôlden en sa it streekrjochtgean fan de stien te ferlangerje. Dat is wêrom de spylder, roppet nei de oaren, om't er oanjout krekt hoe lang der noch feie wurde moat of hoenear begûn wurde moat mei it wuoljen.

Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.