Springe nei ynhâld

Oerlis:Kurling

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

K-urling

[boarne bewurkje]

Der stiet al jierren Sport#Handigenssporten: " Kurling". Berjocht:Tema:Sport/Siden dêr't ferlet fan is stiet dat der ferlet is fan "Kurling". It kin ek net oars, om't wurden yun it Frysk net mei in 'C' begjinne. Sels [1] seit "Kurling".

Dat ik meitsje de frege side "Kurling" oan. En at ik moandeis werom kom, is er "Curling" fan makke. Is der wier immen dy't tinkt dat der net in 'c' op dit kaaiboerd sit?

CCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCCC

Wa wurdt der no lulk at ik "curling" weromneam ta "Kurling"? Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 5 des 2022, 14.11 (CET)[beäntwurdzje]

Ik bin it mei Mysha iens, Kurling mei in K is moaier. FreyaSport (oerlis) 5 des 2022, 16.04 (CET)[beäntwurdzje]
Ik bin it net mei Mysha iens. Der is net ien dy't "kurling" skriuwt. Ik fyn it healwiis om sokke lienwurden dy't noch mar relatyf koartby út it Ingelsk oernommen binne, te ferfryskjen. It hat nei myn tinken totaal gjin sin. Ek oare Ingelske lienwurden lit men oer it algemien yn it Frysk yn 'e oarspronklike stavering stean. Der binne mar in hantsjefol wêrfan't de ferfryske foarm sa ynboargere is dat dy húsriem wurden is, lykas "kompjûter" en "plestik". "Kurling" is dúdlik net ien fan dat groepke. As hjir lykwols in mearderheid foar de stavering mei in k is, sil ik dêr ek gjin sliep om ferlieze, sa is 't no ek wer net, mar moai is oars. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 des 2022, 00.00 (CET)[beäntwurdzje]
Ik bin it al mei Mysha iens (mar dat is net útsûnderlik). Wy skreaunen "Kurling", it wurdboek, dws. de Frysker skriuwt "Kurling". Sels de Hollânsk-talige "Curling Club Fryslân" (net in wurd nl by, mar goed) skriuwt at hja Frysk brûke oer it "Iepen Fryske Kampioenskip Kurling". Wêrom soenen wy der dan "C-urling" fan meitsje? Mysha (oerlis)
O. No ja, as it bûten de Wikipedy sa brûkt wurdt, dan moat it mar curling mei in k wurde. Ik fyn it net moai, mar dat sil dan wol oan my lizze. Mar dat de Fryske Akademy sa'n Ingelsk wurd ferfrysket, fyn ik no wer typysk. Wurden as "trottoir", "dressoir", "notoir", dy't al folle langer yn it Frysk foarkomme, meie fan 'e FA út noch yn net as "trotwaar", "dreswaar", "notwaar" skreaun wurde, mar dit mei dan wer wol. Watfoar kritearia brûke se dêr eins? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 des 2022, 00.14 (CET)[beäntwurdzje]
Wy soenen 'e FA freegje kinne watfoar kritearia hja brûke. Mysha (oerlis)
Ik fermoedzje sterk dat se gjin kritearia hawwe en dat se mar wat dogge. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 des 2022, 02.09 (CET)[beäntwurdzje]

Ynterwiki, of soks.

[boarne bewurkje]

By it omneamen waard my frege in gean nei at it omneamen earne oars ek goed gongen wie. Mar dat wie net sa. Wat no? Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 13 des 2022, 10.31 (CET)[beäntwurdzje]