Springe nei ynhâld

Jorrit Bergsma

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Jorrit Bergsma
Reedrider
Jorrit Bergsma 2013
Jorrit Bergsma 2013
persoanlike bysûnderheden
bertedatum1 febrewaris 1986
berteplakAldeboarn
lingte1,90 m
sportive ynformaasje
ûnderdielLangebaan, Maratonriden
trenerJillert Anema
O.S.Sotsjy 2014
Pyeongchang 2018
Peking 2022
Milaan & Cortina d'Ampezzo 2026
debút2004
ekstraWoe ea Kazak wurde om oan de Olympyske Winterspullen yn Vancouver meidwaan te kinnen

Jacob Jorrit Bergsma (Aldeboarn,1 febrewaris 1986) is langebaanrider en maratonrider. Treent yn 2012 ûnder Jillert Anema fan de BAM-ploech.

Soan fan Anne en Japke Bergsma. Jorrit Bergsma rydt yn it seizoen 2010-2011 foar it BAM team. Op 10 oktober 2009 wûn Bergsma de earste wedstriid om de DSB Bank Cup[1]. Yn it seizoen 2009-2010 besocht er him foar Kazakstan te pleatsen foar de Olympyske Spullen. By it nasjonale kampioenskip yn it Russyske Tsjeljabinsk wûn Bergsma de 5000 meter yn 6.28,21 minuten, inkele hûndertsten hurder as in pear wike dêrfoar. Bergsma hie him dêrmei pleatst foar de wrâldbekerwedstriden in Berlyn. De ISU liet de Nederlânske Kazakken net starte en Bergsma besleat letter om it Kazakse aventoer net troch te setten[2]. Letter dat seizoen wûn Bergsma yn Eastenryk de Alternative Alvestêdetocht[3].

Op 10 febrewaris 2010 wûn Bergsma it Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis yn Súdlaren, troch yn in sprint meiflechter Douwe de Vries te ferslaan. Yn 2012 wurdt er wer Nederlânsk Kampioen op natueriis yn Emmen.

Tidens de Olympyske Winterspullen 2014 yn Sotsjy wint Bergsma de tsien kilometer.

Persoanlike records

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
OfstânTiidDatumBaan
50038,2527 desimber 2014Thialf Hearrenfean
10001.14,3021 desimber 2014Thialf Hearrenfean
15001.47,082 novimber 2013Calgary
30003.39,7914 maart 2013Thialf Hearrenfean
50006.06,9310 novimber 2013Calgary
1000012.37,7228 desimber 2020Thialf Hearrenfean

Resultaten Maraton

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2010-2011

2011-2012

  • Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis

2012-2013

  • Iepen Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis (Weissensee)

Resultaten Langebaan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier NK
Ofstannen
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
2010Goud 5 km flagge fan Kazachstan Kazaks kampioenskip
2011Brûns 5 km flagge fan Nederlân Nederlânsk kampioenskip
2012Goud 5 km
Sulver 10 km
Sulver 10 km
2013Brûns 5 km
Goud 10 km
Sulver 5 km
Goud 10 km
2014Sulver 5 km
Sulver 10 km
Brûns 5 km
Goud 10 km
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Kazach Jorrit Bergsma wint in Alkmaar eerste schaatsmarathon" BN De Stem, 12 oktober 2009
  2. "Marathonschaatsers toch geen Kazachen" Nieuws.nl, 3 jannewaris 2010
  3. "Bergsma wint Alt. Elfstedentocht" De Telegraaf, 30 jannewaris 2010