Springe nei ynhâld

Tsjeljabinsk

Ut Wikipedy
Tsjeljabinsk
Челябинск
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Ruslân
oblast Tsjeljabinsk
Stedsyndieling7 distrikten
Sifers
Ynwennertal1.177.058 (2024)
Oerflak500,91 km²
Befolkingsticht.2.346,75 ynw. /km²
Stêdekloft1.660.717
Hichte238 m (trochsnit)
Oar
Stifting1736
TiidsôneUTC+5:00
Koördinaten55° 9' N 61° 26' E
Offisjele webside
cheladmin.ru
Kaart
Tsjeljabinsk (Ruslân)
Tsjeljabinsk

Tsjeljabinsk (Russysk: Челябинск) is wat ynwenners oanbelanget de sânde stêd (2020) fan 'e Russyske Federaasje en it bestjoerlike sintrum fan 'e oblast Tsjeljabinsk. De stêd is ien fan 'e grutste yndustriële, ekonomyske, kulturele en saaklike sintra fan it lân. De stêd leit op de geologyske grins fan de Oeral en Sibearje yn it Aziatyske diel fan Ruslân. Troch de op 'e eastlike hellings fan it Oeralgeberchte lizzende stêd streamt de Miass, dy't beskôge wurdt as de grins tusken de Oeral en Sibearje.

De stêd waard yn 1736 stifte as in fort en ûntwikkele him yn 'e 19e iuw as ien fan 'e grutste hannelssintra yn 'e Oeral. Troch de spoarferbining mei de haadstêd Moskou koe de stêd sûnt 1892 sels ien fan 'e grutste hannelssintra fan it Russyske Ryk wurde. De stêd wie yn dy tiid it útgongspunt foar de oanlis fan de Transsibearyske Spoarwei. Ek Stalin's fiifjierrenplan yn 'e jierren 1930 en wat letter de ferhûzing fan fabriken yn 'e Twadde Wrâldkriich nei it easten droegen by oan 'e foarse groei fan 'e stêd as ien fan 'e grutste yndustriële sintra fan 'de Sovjet-Uny. Fanwegen de grutte produksje fan tanks, lykas de T-34, en oar militêr materjeel, lykas de Katûsja-raketsystemen (de saneamde Stalin-oargels), waard de stêd yn 'e kriichstiid yn 'e folksmûle "Tankograd" neamd. Oant 1992 wie de hiele oblast Tsjeljabinsk noch sletten foar bûtenlanners.

De ekonomysk drege tiden fan 'e jierren 1990-2000 makke in ein oan in tal grutte fabriken yn 'e stêd. Tsjin 'e ein fan it earste dessinium hie Tsjeljabinsk te krijen mei in soad miljeuproblematyk, benammen de loftfersmoarging. Dat wie de oarsaak fan in grutte úttocht fan bewenners nei oare dielen fan it lân. Oare swierrichheden fan 'e stêd binne de ôfwêzigens fan foarsjennings en in oantreklike arsjitektuer en in min ûnderholden ynfrastruktuer.

Op 15 febrewaris 2013 ûntplofte in meteoroïde yn 'e omkriten fan Tsjeljabinsk yn it Russyske Oeralgebiet. Om 09:15 oere lokale tiid waarden dêr ferskate eksploazjes heart en in fjoerbal oan 'e himel sjoen. Likernôch 1.600 minsken rekken ferwûne en in soad hûzen en gebouwen hiene te krijen mei skea.[1]

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
JierYnwenners
189719.998
1939273.116
1959689.049
1970875.210
19791.029.522
19891.141.777
20021.077.174
20101.130.132
20201.195.446


Boarnen, noaten en/as referinsjes: