Springe nei ynhâld

Marrit Leenstra (reedrydster)

Ut Wikipedy
Marrit Leenstra
sporter
Marrit Leenstra (2008)
Marrit Leenstra (2008)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marrit Leenstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 10 maaie 1989
berteplak Wikel
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Sotsji 2014,
Vancouver 2018
debút 2008
karriêre-ein 2018
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 2014
1x sulver Olympyske Spullen 2018
1x brûns Olympyske Spullen 2018

Marrit Leenstra (Wikel, 10 maaie 1989) is in earder Frysk langebaanrydster út Wikel. Se ried oant seizoen 2008/2009 by Jong Oranje. Yn maart 2008 stie se op in 27e plak op de Adelskalender.

Seizoen 2006/2007

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber 2006 ried Marrit Leenstra (mei trener Jan van Veen) foar it earst in wrâldbekerstriid, dit wie de 1500 meter yn Moskou. Dit kaam troch har 9e plak op it NK ôfstannen en in oantal ôfsizzings. Se waard 6e yn de B-groep.[1].

Seizoen 2007/2008

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Leenstra bruts troch op it NK ôfstannen 2008 wêr’t se brûns op de 1500 meter wûn. Hjirmei pleatste se har foar de world cup-wedstriden. Ek pleatste se har foar de 1000 meter, want dêr einige se as fjirde. By de world cup op 10 novimber 2007 pakte se it wrâldrekord foar junioaren op de 1500 meter ôf fan Ireen Wüst en dêrmei waard se alfte[2]. By it NK Allround wûn se op ferrassende wize dizze ôfstân[3] en einige se as 4e, wêrmei’t se har fersekere fan dielname oan it EK Allround yn Kolomna[4][5]. Hjir ferraste se op troch op de 500 meter (twadde)[6] as op de 1500 meter (tredde)[7] op it poadium te einigjen. Op de lange ôfstannen waard se twa kear sânde en úteinlik einige se yn it einklassemint as seisde, wêrtroch’t se har streekrjocht pleatste foar it WK Allround yn Berlyn. Op dat WK waard ze úteinlik tolfde. Twa wiken letter waard Leenstra tegearre mei Jan Blokhuijsen wrâldkampioen op it WK foar Junioaren yn Changchun[8]. Neidat se ek noch de Nederlânske sprinttitel foar A-junioaren ferovere hie, ferbettere se by de Olympic Oval Finals har eigen wrâldrekord foar junioaren op de 1500 meter. Ek ried se in junioarewrâldrekord op de 1000 meter en de lytse fjouwerkamp foar junioaren[9].

Kommersjele teams

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it WK Allround toanden de ridersploegen DSB en TVM belang yn de achttjinjierrige pupil. Leenstra liet trochskimerje dat har foarkar útgie nei TVM, omdat dizze ploech mear froulike allrounders binnen de gelederen hie as DSB. Haadtrener Gerard Kemkers fan TVM woe oer de spekulaasjes fierders gjin kommentaar jaan[10].

Op 19 maart 2008 waard bekend dat Leenstra foar twa jier in kontrakt tekenje sil by de TVM-formaasje en my yngong fan seizoen 2008/2009 dêrfoar ride sil[11]. Leenstra tekende offisjeel it kontrakt op 11 april 2008.[12]

Yn 2018 joech se oan te stopjen mei har karriêre en keas foar har stúdzje. Leenstra hie har bachelor Future Planet helle oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 2018 sil se útein om har master te heljen yn de stúdzje Geo Information Science yn Wageningen.

Dizze seksje fan it artikel moat by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen
Jier NK
Ofstannen
NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Junioaren
WB
Einstân
2007 15e 500m
9e 1500m
12e 3000m
NC13 50e 1500m
2008 9e 500m
4e 1000m
Brûns 1500m
10e 3000m
4e 6e 12e
Goud
19e 1000m
23e 1500m
NC# = net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as # klassearre yn it einklassemint
Kampioenskip Goud
Goud
Sulver
Sulver
Brûns
Brûns
NK Ofstannen
0
0
1
WK Junioaren
1
0
0
Nr. Ofstân Tiid Datum Baan
jr1 1500 meter junioaren 1.56,47 10 novimber 2007 Salt Lake City
jr2 1500 meter junioaren 1.55,14 12 maart 2008 Calgary
jr3 1000 meter junioaren 1.15,41 13 maart 2008 Calgary
jr4 mini fjouwerkamp junioaren 156,360 13 maart 2008 Calgary

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: