Springe nei ynhâld

Video-on-demand

Ut Wikipedy

Video-on-demand, ek skreaun as video on demand en gauris ôfkoarte ta VOD, is in fideodistribúsjesysteem dêr't minsken tsjin betelling gebrûk fan meitsje kinne sûnder dat se in tradisjoneel apparaat nedich binne om 'e fideo op ôf te spyljen (lykas in fideorecorder of in dvd-spiler), en sûnder de beheinings fan it fêststeande útstjoeringsskema fan in tillefyzjestjoerder. Yn 'e tweintichste iuw wie útstjoering troch de eter en letter fia de keabel de meast foarkommende foarm fan mediadistribúsje. Doe't yn 'e 1990-er jierren stadichoan de ûntwikkeling fan ynternettechnology begûn, waarden oare foarmen fan mediadistribúsje mooglik, dy't úteinlik laten ta it ûntstean fan video-on-demand op tillefyzjes en persoanlike kompjûters.

Oars as by tillefyzje-útstjoerings wie foar video-on-demand yn 't earstoan in ynternetferbining nedich mei in oansjenlike bânbreedte om fideo's yn in reedlike tiid downloade te kinne. Doe't The Disney Company, Paramount Pictures, Sony Pictures, Universal Pictures en Warner Bros. yn 2002 it Digital Cinema Initiative begûnen, ûntwikkele it Fraunhofer Institute de JPEG2000-codec, dy't filmdistribúsje fia saneamde digital cinema packages mooglik makke. Dy technology is sûnt fierder útwreide om njonken de distribúsje fan films ek dy fan tillefyzje-útstjoerings mooglik te meitsjen. Dêrtroch binne de betingsten op it mêd fan bânbreedte foar de ûntfangst fan video-on-demand sterk belune.

Video-on-demandsystemen dy't fia tillefyzje-apparaten wurkje, kinne ynhâld (d.w.s. fideo's) streame, itsij troch in tradisjoneel keabelmodem, itsij fia oare apparaten mei in eigen ynternetferbining, lykas kompjûters, tablets of smartphones. Brûkers fan video-on-demand kinne oanhâldend fideo's downloade nei sokke apparaten, mar ek nei digitale fideorecorders of draachbere mediaspilers, sadat se sûnder ophâlden nei films en/of tillefyzjeprogramma's sjen kinne. In soad keabeltillefyzje- en mobile tillefoan-providers biede no video-on-demandtsjinsten oan, wêrby't in brûker in fideo (yn 'e foarm fan in film of tillefyzjeprogramma) útsiket dat fuortendaliks begjint ôf te spyljen of te downloaden nei in apparaat dêr't de brûker it op in letter tiidstip op ôfspylje kin.

Troch it ûntstean fan video-on-demandtechnology is ynternettillefyzje mooglik wurden, dat him yn 'e 2010-er jierren ûntjûn hat ta in almar populêrder medium. Fia apps lykas de Apple iCloud-webshop en Amazon Prime Video kinne fideo's tydlik hierd, of foargoed kocht wurde. Oare video-on-demandtsjinsten oer it ynternet jouwe brûkers tsjin it ôfsluten fan in per moanne betelle abonnemint frije tagong ta bondels fan fideo's ynstee fan ta yndividuële films en tillefyzjeprogramma's. Foarbylden fan sokke video-on-demandtsjinsten binne Netflix, Hulu, Disney+ en (yn Nederlân) Videoland, dy't net inkeld besteande films en tillefyzjeprogramma's oanbiede, mar ek hieltyd mear harren eigen ynhâld oanmeitsje, besteande út films dy't net yn 'e bioskopen útkomme en tillefyzjesearjes dy't op gjin inkele oare stjoerder te sjen binne. YouTube, in oare video-on-demandtsjinst dy't operearret fia it ynternet, brûkt gjin abonnemintssysteem, mar wurdt finansierd út reklame-ynkomsten, wêrby't it meastepart fan it fideo-oanbod troch eltsenien fergees besjoen wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.