Nynke (film)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Nynke is in Fryske film út 2001 ûnder rezjy fan Pieter Verhoeff (1938-2019). Verhoeff skreau ek it senario; de muzyk is fan Cees Bijlstra. De film krige twa 'Gouden Kalveren': ien foar bêste film en ien foar bêste aktrise Monique Hendrickx. Dêrneist die 'Nynke' mei foar in Oskar yn de kategory 'bêste bûtenlânske film'.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadpersoan Nynke is Nynke fan Hichtum, in pseudonym fan Sjoukje Bokma de Boer. De film is autobiografysk. 'Nynke' wol hegerop en komt yn ’e kunde mei studint Piter Jelles Troelstra, dy’t rjochten studearret. Se kinne tegearre goed oer literatuer, dichtsjen en oare kulturele saken prate.

Sjoukje skriuwt sels ek: it letter ferneamde 'De Tsien fan Martens Afke' (Ned.:'Afkes Tiental'); yn haadpersoan Afke sitte in soad autobiografyske eleminten fan Nynke. Nei harren trouwen krijt Sjoukje lykwols hieltiten mear in byrol, as Piter Jelles mear de sosjalistyske foaroanman wurdt. Hja is der slim ûngelokkich ûnder. Se is faak siik en komt mear en mear allinnich te stean. De sykte fan Nynke is op’t lêst sa slim dat se in senuwynsinking krijt. De film spilet yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje; de earste foarmen fan feminisme wurde oanrekke. Neffens har psychiater hawwe har problemen te krijen mei har ynderlike striid tusken mem-wêzen en har ambysjes. Sy en Piter Jelles groeie op it lêst dochs útinoar.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • (winner) Gouden Keal - foar bêste aktrise (Monique Hendrickx)
  • (nominaasje) Gouden Keal - foar bêste akteur (Jeroen Willems)
  • (nominaasje) Gouden Keal - foar bêste regisseur
  • Gouden Film - foar 100.000 besikers
  • 3e plak op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Emden
  • (winner) bêste aktrise (sjury priis) op it Filmfestival fan Newport Beach