Rembrandt Award

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rembrandt Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
útrikt foar film
útrikt troch Rembrandt Awards Foundation
frekwinsje 1x jiers
datum maart
plak Amsterdam (Noard-Hollân)
1e útrikking 1993
offisjele webside
therembrandtawards.com

De Rembrandt Award is de iennichste Nederlânske publykspriis foar films, dy't sûnt 1993 útrikt wurdt. De priis is ferneamd nei Nederlâns grutste skilder, Rembrandt Harmens van Rijn (1607-1669). Fan 1999 oant 2006 fûn der gjin útrikking plak, en it liek dien te wêzen mei dizze prizen, oant presintator en film-afficionado René Mioch it spul nij libben yn blies. Dêrtroch koe yn 2007 de njoggende útrikkingsseremoanje holden wurde. Mioch is noch altiten yngeand by de Rembrandt Awards belutsen; hysels stalt mei in faksjuery in list gear fan nominearre films en akteurs yn in ferskaat oan kategoryen, wêrnei't it publyk dêr syn stim op útbringe kin.

Lju dy't alris in Rembrandt Award wûn hawwe, binne û.m. Carice van Houten, Johnny Depp, Meryl Streep, Keira Knightly, Ilse DeLange, Willeke van Ammelrooy, Brad Pitt, Sandra Bullock, Angelina Jolie, Rutger Hauer, Natalie Portman, Colin Firth, Angela Schijf, Linda de Mol en Leonardo DiCaprio. Foar in list mei alle winners fanôf 2007, sjoch op dizze side, op 'e Nederlânske Wikipedy.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

aktearkategoryen
  • bêste Nederlânske akteur
  • bêste Nederlânske aktrise
  • bêste bûtenlânske akteur
  • bêste bûtenlânske aktrise
produksjekategoryen
  • bêste Nederlânske film
  • bêste bûtenlânske film
  • bêste bernefilm
  • bêste regisseur
  • bêste sinematografy
  • bêste kostúmûntwerp
  • bêste filmmuzyk
spesjale prizen
  • Rembrandt Inspiration Award
  • Rembrandt Masters Award
  • Rembrandt Fellowship
  • Rembrandt Best Young Actor Award
  • Rembrandt Rising Star Award
  • Rembrandt Dutch Honorary Award

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.