Fryske kening

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Fryske kening wie yn in tiidrek fan de iere Midsiuwen de heechste gesachsdrager by de Friezen. Lykas by oare Germaanske folken waard de kening oarspronklik allinnich keazen yn gefal fan kriich. Mooglik wie de funksje by de lêste keningen erflik wurden.

Fryske keninkriken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untstean fan it Keningskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân hat him yn de 6e iuw, yn it terpegebiet tusken Fly en Iems, stadichoan in keningskip by de Friezen ûntwikkele. Lykas dat yn de Angelsaksyske wrâld it gefal wie, bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden, elts mei in eigen lieder as kening. De earste keningen moatte mear beskôge wurde as "warlords", kriichshearen waans side tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân biede te kinnen as sprake wie fan driging troch oare folken. Dy keningen beskikten net oer in wiidweidich amtenersapparaat, dat ordintlik belêstingen oplizze koe, mar hiene faaks wol in lyts legerke fan betrouwen by harren.

Wat it juridysk foech oanbelanget fan it Fryske keningskip falt der net folle mei wissichheid oer te sizzen. Neffens de Lex Frisionum wie de Fryske maatskippij yn trije stannen opdield: eallju, frijen en ûnderhearrigen, dy't ferskillende boeten oplein krije koenen. It bestjoer en rjochtspraak wiene hiel bot mei elkoar ferweve en sà organisearre dat dy funksjes alle jierren om bar troch guons dien waarden.

De macht fan de kening waard bepaald troch it tal minsken dat hy mei it jaan fan presintsjes oan him bine koe. De grinzen fan syn keninkryk wie dêrtroch fleksibel en joegen de berik oan fan it netwurk fan persoanlike relaasjes dy't de kening opboud hie. Fierder hie de kening neffens politike, ek sakrale macht. Yn de religy fan de Friezen spile hy in wichtige rol.

De keningen wienen grif ôfkomstich út de klasse fan de eallju. By de iere keningen wie harren funksje net permanint, mar waarden allinnich keazen om yn oarlochstiden lieding te jaan. Sa't letter bliken dy wie Aldgillis, kening tusken ± 650-680, gjin "warlord" mear, mar in machtich persoan dêr't rekken mei hâlden wurde moast troch Ebroin, hofmeier fan de Frânske kening.

Yn de rin fan de 7e iuw hat it Fryske keninkryk hieltyd mear stal krigen, benammen yn de Ryndelta dêr't oan hannel en skipfeart in protte jild te fertsjinjen wie, hat sprake west fan in twatal machtige keningen: Aldgillis en Redbad. Dy twa wienen súksesfol yn de kriich en koenen harren gebiet fierder nei it suden útwreidzje. Sy wienen machtich en ryk en ûnder kening Redbad soe it Fryske ryk har grutste útwreiding krije. Oft hy ek macht útoefene hat oer it hiele Fryske kustgebiet is net wis, mooglik wienen der meardere keningen tagelyk. Sa hat yn Winaam ek sprake west fan in keningsterp.

De ein fan it Fryske keninkryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It keninkryk fan de Friezen soe yn trije weagen oermastere wurde troch de Franken. Karel de Grutte makke yn 772 foargoed in ein oan de selsstannigens fan de Friezen troch it gebiet eastlik fan de Lauwers by it Frankyske ryk te foegjen.

Skriftlike boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Beowulf, in fan oarsprong Deenske sêge-samling dat om-ende-by it jier 1000 op skrift steld is, wurdt ferhelle oer in "Fresna cyng", in kening fan de Friezen, dy't yn de slach oan de Ryn de Denen ferslaat en fan in oare Fryske kening, Finn Folkwalding dy't sit hâld op de Finnsburch. Kening Finn wurdt ek neamd yn it Finnburg Fragmint, in Aldingelske tekst dy't hannelt oer foarfallen út it tiidrek fan it Grutte Folkeferfarren. In oare wichtige boarne oer it Fryske keningskip is de Historia ecclesiastica fan Beda.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • J.J. Kalma e.o. Geschiedenis van Friesland, 1980, siden 95-110.
  • H. Halbertsma Frieslands Oudheid, 2000.
  • P. Pentz e.o., Koningen van de Noordzee, 2003, siden 55-74.
  • K.P.H. Faber, De eerste koningen van Nederland, 2007.