Joop.nl

Ut Wikipedy
Joop.nl
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre opinywebside
bestean 2009 – no
oprjochter VARA
plak haadred. Hilfertsom (Noard-Hollân)
offisjele webside
www.joop.nl

Joop.nl is in Nederlânske opinywebside fan polityk linkse synjatuer, dy't ferbûn is oan 'e omrop VARA. 'Joop' is in ôfkoarting fan Jouw Online Opiniepagina, hoewol't der op 'e webside aktyf suggerearre wurdt dat de namme eins ferwiist nei de eardere PvdA-politikus Joop den Uyl.

Oprjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joop.nl waard op 3 novimber 2009 oprjochte troch Francisco van Jole en Maarten van den Heuvel út namme fan 'e VARA. Nei eigen sizzen fan 'e oprjochters wie harren stap in reäksje op "de dominânsje fan 'e rjochtse miening op it ynternet", dat neffens harren "net in sûne sitewaasje" is. It inisjatyf ta de oprjochting kaam fan Van Jole, dy't de doetiidske foarsitter fan 'e VARA, Vera Keur, syn idee foarlei. Mei har goedkarring koe de webside opstarten wurde.

Format[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joop.nl waard staljûn nei foarbyld fan 'e Huffington Post, in Amerikaanske nijs- en diskusjeside op it ynternet, dy't troch Van Jole as progressyf sjoen waard. De redaksje fan Joop.nl bestie yn 't earstoan út fjouwer persoanen: Van Jole, Van den Heuvel en fierders Samira Ahli en Jeroen Mirck. Dy lêste stapte yn 2010 op yn ferbân mei nije karriêrekansen earnewêr oars.

De op Joop.nl oanbeane ynformaasje kin yndield wurde yn twa kategoryen: troch de redaksje selektearre nijsberjochten en ynstjoerde stikken dy't skreaun binne troch 'opinymakkers'. Registrearre leden fan Joop.nl kinne dêr in eigen reäksje ûnder pleatse ynsafier't dy op it mêd fan fatsoen en taalgebrûk goedkard wurdt troch de redaksje. Ek kinne se reägearje op 'e reäksjes fan oare meidoggers.

Krityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krityk op Joop.nl leit him ta op in stikmannich mêden. Yn it foarste plak fine guon lju it ûnbetamsum dat de VARA, in publike omrop dy't foar in diel betelle wurdt mei belestingjild, der in polityk oriïntearre opinywebside op nei hâldt. De VARA en Joop.nl stelle lykwols dat de webside folslein finansierd wurdt út 'e kontribúsje dy't de omrop ûntfangt fan syn leden, en net út belestingjild. In oar problematysk punt is dat Joop.nl nijsberjochten út oare media (soms) yn syn hiele hear en fear oernimt. Yn HP/De Tijd is de webside dêrom alris beskuldige fan plagiaat fan artikels út NRC Handelsblad en De Volkskrant. Dy beide kranten hawwe dêr sels lykwols (noch) net oer klage.

Ek it rjocht dat de redaksje fan Joop.nl himsels foarbehâldt om beskate reäksjes fan lêzers te wegerjen, hat krityk oproppen. Soks soe sinsuer wêze, waard alris yn it praatprogramma Pauw en Witteman sein. Yn in reäksje liet Francisco van Jole witte dat hy it skiftsjen fan 'e reäksjes nedich fynt om "ûnwinske eleminten" bûtendoar te hâlden. De ferhâlding tusken wegere en talitten reäksjes soe neffens him likernôch 1:10 wêze. Oft dat ek wurklik wier sa is, kinne bûtensteanders lykwols net neigean.

Opskuor om Wilders-cartoon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 11 febrewaris 2011 waard op Joop.nl in cartoon publisearre wêryn't cartoonist Adriaan Soeterbroek politikus Geert Wilders, de lieder fan 'e rjochts-populistyske Partij foar de Frijheid (PVV), ferliek mei in Dútske kampboal, en it PVV-foarstel om probleemgesinnen yn ôfsûndere wenienheden (saneamde 'túchdoarpen') op te bergjen, mei konsintraasjekampen en de Holokaust. Wilders spriek syn ôfkarring út oer de cartoon, en wegere langer om oan tillefyzjeprogramma's fan 'e VARA diel te nimmen salang't de cartoon op Joop.nl stean bleau.

Personielsleden fan 'e VARA ûntfongen ferskate bedrigings fan PVV-oanhingers, mar Van Jole wegere yn 't earstoan om 'e cartoon fuort te heljen. VARA-presintator Paul Witteman fûn de cartoon "in stompsinnige tekening", en in oare VARA-koryfee, Paul de Leeuw, neamde de spotprint "walchlik" en "ôfgryslik" doe't er yn 'e MaDiWoDoVrijdagshow fertelde oer de bedrigings dy't er derom krigen hie. Hy song der ek in liet oer, wêryn't er oankrong op it ûntslach fan Van Jole en Soeterbroek. Oare waarnimmers fûnen it lykwols iroanysk dat Wilders en syn oanhingers, dy't oanhâldend roppen hiene dat misledigjende cartoons fan 'e profeet Mohammed gewoan publisearre wurde moasten, blykber oare mjitstêven brûkten as it om himsels gie. Op 24 febrewaris, trettjin dagen nei de pleatsing, besleat it bestjoer fan 'e VARA dat de cartoon fuorthelle wurde moast fanwegen de slimme bedrigings dy't utere wiene tsjin VARA-wurknimmers.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenties, op dizze side.