Kastiel fan Bouillon

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kastiel fan Bouillon
Château de Bouillon
0 Bouillon - Grande et petite poudrière, corne de Turenne, arsenal et pont sur la Semois.jpg
lokaasje
lân Flag of Belgium (civil).svg Belgje
gewest Flag of Wallonia.svg Walloanje
provinsje Official flag of the Province of Luxembourg.svg Lúksemboarch
plak Flag of Bouillon.svg Bouillon
koördinaten 49°47′34″ N 5°03′56″ E
bysûnderheden
type bouwurk kastiel
boujier 8e iuw

It Kastiel fan Bouillon (Frânsk en offisjeel: Château de Bouillon) is in Midsiuwsk kastiel yn 'e Belgyske provinsje Lúksemboarch. It is boud op in heuvel boppe it stedsje Bouillon, oan 'e wei fan Reims, yn Frankryk, dy't oer Luik nei it Dútske Aken liedt. It kastiel bestiet út trije aparte fêstingwurken op trije strategysk leine rotspunten yn in bocht fan 'e rivier de Semois, dêr't yn earder tiden sawol de wei as de rivier wei behearske wurde koe. De trije fêstingwurken steane troch brêgen mei-inoar yn ferbining. Tsjintwurdich fungearret it kastiel as museum, dat iepen is foar it publyk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kastiel fan Bouillon waard foar it earst fermelden yn in histoaryske boarne út 988, en it waard nei alle gedachten boud yn 'e achtste iuw. Yn 'e alfde iuw wie it kastiel eigendom fan Godfryd fan Bouillon, de hartoch fan Neder-Loataringen, dy't it yn 1082 urf. Yn 1096 joech er de hearlikheid Bouillon mei kastiel en al as ûnderpân oan 'e Luikske prinsbiskop Otbert, sadat er de Earste Krústocht finansiere koe. Yn 1134 waard it Kastiel fan Bouillon oerweldige troch greve Reinoud I fan Bar, dy't neitiid ek de byhearrende hearlikheid opeaske. Nei in belegering troch de troepen fan biskop Alberon II fan Namen moast er yn 1141 lykwols beide wer opjaan. Yn it Rampjier 1672 waard it kastiel nei in belis fan tweintich dagen ferovere troch de Sinnekening Loadewyk XIV fan Frankryk. De militêre betsjutting fan it Kastiel fan Bouillon einige pas mei de Belgyske Opstân fan 1830.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it Kastiel fan Bouillon wierskynlik út 'e achtste iuw stammet, is it yn 'e Lette Midsiuwen sa yngeand ferboud en útwreide dat der no net in protte mear út 'e begjintiid fan it gebou oer is. Yn 'e trettjinde iuw waard de Godfryd fan Bouillon-seal úthoud út 'e rotsen ûnder it kastiel. Yn dy romte befynt him yn 'e rotsboaiem in oerâld houten krús. Tsjin ien fan 'e wanden oan is in stânbyld fan Godfryd fan Bouillon pleatst, en oan wjerskanten dêrfan hingje de wapens fan 'e oare histoaryske eigners fan it kastiel.

Ut 'e Habsburchske Tiid datearret de saneamde 'Eastenrykske Toer', dy't by in grutte ferbouwing yn 1551 tafoege waard. Ek nei de ferovering fan it kastiel troch Loadewyk XIV fan Frankryk folge in grutte ferbouwing. Dêrby waard it troch de grutte fêstingboukundige Sébastien Le Prestre de Vauban geskikt makke om swiere artillery sawol te húsfêstjen as te wjerstean. De lêste grutskalige ferbouwings fûnen plak ûnder it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen (1815-1830), doe't de Midsiuwske donjon sloopt waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.