Trevor Morris
Trevor Morris | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Trevor Morris | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 25 maaie 1970 | |
berteplak | London (Ontario) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Kanadeesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | komponist | |
aktyf as | filmkomponist, tillefyzjekomponist, fideospultsjekomponist | |
jierren aktyf | 1999 – no | |
prizen | 2× Emmy Award | |
offisjele webside | ||
www.trevormorris.com |
Trevor Morris (London (Ontario), 25 maaie 1970) is in Kanadeesk komponist en muzykprodusint. Hy wurket benammen as film-, tillefyzje- en kompjûterspultsjekomponist. Syn fimmuzyk is ûnder mear brûkt as soundtrack fan 'e bekende dramasearjes The Tudors en The Borgias, en foar de Nederlânske spektakelfilms Michiel de Ruyter en Redbad.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Morris waard yn 1970 berne 'e stêd London, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Hy studearre ôf oan it Fanshawe Kolleezje yn syn berteplak, en ferfear yn 1999 nei Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, om in karriêre as filmkomponist te begjinnen yn 'e filmyndustry fan Hollywood.
Dat wurkpaad sette Morris útein by de muzykstudio Remote Control Productions (foarhinne Media Ventures), dêr't er oan 'e slach gie as muzykprogrammator, muzykeditor en soundtrackprodusint. Letter waard er assistint fan 'e filmkomponisten James Newton Howard en Hans Zimmer, en fan 2003 ôf wurke er as addisjoneel komponist njonken Zimmer. Yn dy lêste funksje wie Morris belutsen by it meitsjen fan 'e soundtrack fan 'e folgjende films. Yn 2003: Pirates of the Caribbean: The Curse of the Black Pearl, The Last Samurai en Something's Gotta Give; yn 2004: King Arthur, Shark Tale en Spanglish; en yn 2006: Pirates of the Caribbean: Dead Man's Chest. Tuskentroch wurke er ek as helpkomponist fan Trevor Rabin oan 'e soundtrack fan Bad Boys II (2003), fan Steve Jablonsky oan 'e soundtrack fan The Island (2005), en fan Brian Transeau oan 'e soundtrack fan Stealth (2005).
Mei yngong fan 2006 begûn Morris op eigen manneboet te wurkjen oan syn eigenskreaune muzyk foar films en tillefyzjesearjes. Ek fersoarge er de soundtrack foar ferskate kompjûterspultsjes, lykas Need for Speed: Carbon (2006), Army of Two (2008) en Dragon Age: Inquisition (2014). Njonken de soundtracks foar twa tillefyzjefilms en twa koarte films wie Morris tusken 2006 en 2018 ek ferantwurdlik foar de muzyk fan 26 tillefyzjesearjes, wêrûnder Justice (2006-2007), Moonlight (2007-2008), Chase (2010-2011), Dracula (2013-2014), Vikings (2013-2018), Taken (2017-2018), de minisearje The Pillars of the Earth, en ferskate ôfleverings fan 'e plysjesearje Body of Proof (yn 2013).
Morris syn trochbraak kaam mei de soundtrack dy't er skreau foar de ferneamde dramasearje The Tudors (2007-2010), oer it Ingelske keningshûs Tudor. Dêrmei wûn er yn 2007 in prestizjeuze Emmy Award yn 'e kategory bêste titelmuzyk. Dêrnjonken wûn er mei syn wurk foar The Tudors ek noch twa Gemini Awards en fjouwer ASCAP Awards. Letter wied er ek belutsen by de dramasearje The Borgias, fan deselde makkers, oer de famylje Borgia, wêrfan't de bekendste fertsjintwurdiger Lucrezia Borgia is. Foar syn wurk foar dy rige wûn Morris yn 2011 jitris de Emmy Award foar bêste titelmuzyk, wylst er der yn 2012 en 2013 noch twa nominaasjes foar in Emmy foar yn 'e wacht sleepte.
Op it mêd fan films wie Morris ferantwurdlik foar û.m. de soundtrack fan 'e Amerikaanske aksjefilm Olympus Has Fallen, út 2013, en it ferfolch dêrop, London Has Fallen, út 2016. Underwilens hied er foar B-films lykas The Marine 2 (2009), The Scorpion King 3: Battle for Redemption (2011) en Death Race 3: Inferno (2012) al ferskate kearen gearwurke mei de Nederlânske regisseur Roel Reiné. Doe't dyselde yn 2015 nei syn heitelân weromkearde om 'e histoaryske aventoerefilm Michiel de Ruyter te meitsjen, in foar Nederlânske begripen ûnbidich grutte spektakelfilm oer de santjinde-iuwske admiraal en seeheld Michiel de Ruyter, frege er Morris om de muzyk fan 'e film te komponearjen. En yn 2017, doe't Reiné in twadde Nederlânske histoaryske spektakelfilm makke mei sa titel Redbad, oer Redbad, de kening fan 'e Friezen, dy't yn 'e achtste iuw libbe, wie Morris op 'e nij fan 'e partij.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Trevor Morris (argivearre)
- (in) Folsleine filmografy fan Alex van Galen yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |