Springe nei ynhâld

Minysearje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Minisearje)

In minysearje is in tillefyzjesearje dy't mar út in beheind tal ôfleverings bestiet (soms 4 of 5, mar soms ek 12 of 16). Dy ôfleverings hawwe dan gauris de lingte fan in spylfilm (oardel oere), ynstee fan 'e 40 minuten oant in oere dy't normaal is foar gewoane tillefyzjesearjes.

In dúdlik ferskil tusken minysearjes en gewoane searjes is dat de personaazjes yn langrinnende tillefyzjeriges, lykas soapsearjes, plysjesearjes of komeedzjesearjes, gjin of amper karakterûntwikkeling trochmeitsje, om't se noch jierren mei moatte. Yn minysearjes, lykwols, dêr't it hiele ferhaal yn 't foar fêstleit, fynt yn 'e regel wol deeglik karakterûntwikkeling plak. Noch dúdliker is it ferskil op it mêd fan 'e ferhaallinen. Minysearjes fertelle ornaris mar ien grut trochrinnend ferhaal, wylst soapsearjes almar wer nije ferwikkelings op 't aljemint bringe, en by plysje- en komeedzjesearjes eltse ôflevering meastal in ôfrûne ferhaal omfiemet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.