Daphne Wellens

Ut Wikipedy
Daphne Wellens
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Daphne Wellens
nasjonaliteit Belgysk
berne 17 april 1988
berteplak Vilvoorde (Flaanderen)
etnisiteit Flaamsk
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
Daphne Wellens op Facebook

Daphne Wellens (Vilvoorde,[1] 17 april 1988) is in Belgysk aktrise, sjongster en dûnseresse fan Flaamsk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wellens waard yn 1988 berne yn Vilvoorde, in foarstêd fan Brussel dy't yn 'e provinsje Flaamsk-Brabân leit. Hja wie as bern fan tsien jier al geregeldwei op 'e Flaamske tillefyzje te sjen. Fan 1998 oant 2002 wie se dûnseresse en eftergrûnsjongster te sjen yn it berneprogramma de Samson & Gert Kerstshow en yn fideoklips fan in oar berneprogramma, Big en Betsy. Se waard lykwols it bekendst mei har rol as Leen Avondts yn 'e jongereinrige Spring. Yn 2000 die Wellens mei oan 'e Belgyske ferzje fan 'e musical Pinokkio. Fan 2002 oant 2004 wie se ien fan 'e seis leden fan 'e band 6 Teens.

Fan oktober 2009 ôf fertolke Wellens as Freya ien fan 'e haadrollen yn 'e dramasearje De Rodenburgs, op 'e Flaamske kommersjele tillefyzjestjoerder VTM. Dy rige rûn twa seizoenen, oant 2011. Fierders wie hja yn 2012 te sjen yn in gastrol yn in ôflevering fan it fjirde seizoen fan 'e rige Vermist en yn in ôflevering fan it twadde seizoen fan Rox. Yn 'e searje Spitsbroers hie se in fêste byrol. Ek spile se yn 2014 mei yn Welkom in de Wilton. Dêrnei hie se in stikmannich rollen yn sketches yn it tillefyzjeprogramma Echt Niet OK en in byrol yn Patrouille Linkeroever.

Op it wite doek wie Wellens yn 2017 te sjen yn 'e film Charlie en Hannah Gaan Uit, yn 'e mande mei de aktrises Frances Lefebure en Evelien Bosmans, dy't al jierrenlang har freondinnen wiene. Yn 2018 wie Wellens yn 'e rol fan 'e Frankyske ealfrouwe Plektrudis, de oarehelte fan hofmeier Pepyn fan Herstal, te sjen yn 'e Nederlânske histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Daphne Wellens, op Knack.be.