Lisa Smit
Lisa Smit | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Lisa Smit | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 oktober 1993 | |
berteplak | Amsterdam | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
Lisa Smit op Twitter |
Lisa Smit (Amsterdam, 26 oktober 1993) is in Nederlânsk tillefyzje- en filmaktrise.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Smit waard yn 1993 berne yn Amsterdam en makke yn 2005, doe't se tolve jier wie, har debút op 'e tillefyzje yn in byrol yn 'e telefilm Gezocht: Man, fan Patrice Toye. Har earste haadrol hie se datselde jiers as Liselore yn 'e bernefilm De Griezelbus, fan regisseur Pieter Kuijpers en filmprodusint BosBros.
Yn 2007 spile Smit yn Willemspark, in tillefyzjesearje oer it opgroeien fan rike bern yn 'e wyk Amsterdam-Súd, en yn 2008 wie se mei Theo Maassen te sjen yn 'e skriller TBS, fan Pieter Kuijpers, oer in ûntsnapte tbs-er dy't in famke fan trettjin gizelet. Foar dy rol krige hja begjin 2009 in CosmoGirl! Born to Lead Award yn 'e kategory opkommende stjer. Ek sleepte se der datselde jiers in nominaasje mei yn 'e wacht foar de Rembrandt Award foar bêste aktrise.
Yn 2010 hie Smit in gastrol as Baukje yn it twadde seizoen fan 'e tillefyzjerige We Gaan Nog Niet naar Huis. Ek spile se dat jiers de froulike haadrol yn 'e filmhûsfilm Shocking Blue, fan Mark de Cloe. Fierders hie se yn 2010 en 2011 in trije kear weromkearende rol yn 'e plysjesearje Flikken Maastricht as Loretta Versteeghe. Yn 2011 fertolke se ek in byrol yn 'e film Lena, fan 'e Flaamske regisseur Christophe van Rompaey, dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto yn premiêre gie.
Smit spile yn 2012 de rol fan Laura yn 'e Dútske film Quellen des Lebens, dêr't se yn 2013 loovjende kritiken foar krige út Hollywood. By de grutte Dútske filmprizen, de Lola's waard dy film nominearre foar de kategory bêste spylfilm. Yn 2012 krige Smit ek in fêste rol as de jongste dochter fan it titelpersonaazje (spile troch Monique van de Ven) yn 'e op Flylân spyljende dramasearje Dokter Deen (dy't anno 2018 noch altyd rint).
Fierders hie Smit yn 2013 in wichtige byrol yn 'e tillefyzjesearje Zusjes en teffens de haadrol yn 'e searje Max & Billy's Drill Machine Girl. Dy oarspronklik foar it ynternet makke mar ek troch Veronica op 'e tillefyzje útstjoerde rige waard nominearre foar in Amerikaanske Digital Emmy Award. Yn 2014 fertolke Smit de haadrol yn trije koarte films: Guys' Night, fan regisseur Ivan Lopez Nuñez, Forever After, fan Charlotte Scott-Wilson, dy't op it filmfestival fan Palm Springs yn premiêre gie, en De Laatste Dag van de Zomer, fan Feike Santbergen, dy't selektearre waard foar it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto.
Ek yn 2014 spile Smit yn 'e histoaryske film Kenau, oer Kenau Simonsdochter Hasselaar. Yn 2015 wie Smit op it wite doek te sjen yn 'e filmhûsfilm Zomer. Ek fertolke se in gastrol yn 'e populêre tillefyzjerige Danni Lowinski. Yn 2016 hie se ien fan 'e haadrollen yn 'e dramasearje Project Orpheus. Yn 2018 spile se yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan Roel Reiné, de rol fan 'e mêtresse fan it titelpersonaazje, de achtste-iuwske Fryske kening Redbad, in rol fan Gijs Naber.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Lisa Smit op Twitter
- (ned) Webside oer Lisa Smit fan har ympressariaat
- (in) Folsleine filmografy fan Lisa Smit yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|