Springe nei ynhâld

Kenau (film)

Ut Wikipedy
Kenau
film
makkers
regisseur Maarten Treurniet
produsint San Fu Maltha
Els Rientjes
senario Marnie Blok
Karen van Holst Pellekaan
kamerarezjy Mátyás Erdély
filmstudio Fu Works
spilers
haadrollen Monic Hendrickx
Barry Atsma
byrollen Sallie Harmsen
Sophie van Winden
Lisa Smit
Matthijs van de Sande
   Bakhuyzen

Anne-Marie Jung
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
premiêre 6 maart 2014
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsfilm
taal Nederlânsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget €6 miljoen

Kenau is in Nederlânske histoaryske oarlochsfilm út 2014 ûnder rezjy fan Maarten Treurniet. It giet oer it Belis fan Haarlim troch de Spanjerts ûnder de Tachtichjierrige Oarloch, yn 1572 en 1573. Haadpersoan is de widdo Kenau Simonsdochter Hasselaer, in wat riedseleftich figuer yn 'e Nederlânske skiednis, dy't belutsen wie by de ferdigening fan Haarlim. It senario foar de film waard skreaun troch Marnie Blok en Karen van Holst Pellekaan, dy't it loskes basearren op 'e roman mei deselde namme fan Tessa de Loo, út 2013. Aktrise Monic Hendrickx spile de titelrol, en har tsjinspiler wie Barry Atsma as de oranjesinnige garnizoenskommandant Wigbolt Ripperda. De film waard ûnthelle mei mingde resinsjes.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it neijier fan 1572 giet it dat it slydjaget mei de saken fan 'e Haarlimmer widdo Kenau Simonsdochter Hasselaer, dy't de skipswerf fan har man silger beheart. De Tachtichjierrige Oarloch, dy't al fjouwer jier oan 'e gong is, liket dêr gjin negative ynfloed op te hawwen. Mar Kenau hat wol problemen mei har dochters. De jongste, Geertruide, is oergien nei it ketterske leauwe fan 'e kalvinisten en temûk fereale rekke op 'e knappe Pieter Ripperda, de soan fan Wigbolt Ripperda, de kommandant fan it garnizoen fan 'e stêd. Nei harren dielname oan 'e Byldestoarm yn 'e Grutte of Sint-Bavotsjerke wurde Geertruide, Pieter en ferskate oare jonge ynwenners fan 'e stêd troch de Spaanske besetters oppakt en nei Utert stjoerd, dêr't se ta de brânsteapel feroardiele wurde. Kenau en har âldste dochter Kathelijne arrivearje dêr krekt te let om beswier tsjin dat fûnis te meitsjen. Kathelijne wit lykwols har suster mei in pistoalskot út har lijen te ferlossen ear't se libben ferbrânt.

Werom yn Haarlim hearre Kenau en Kathelijne it nijs dat de Spaanske fjildhear don Freark, de soan fan 'e hartoch fan Alva (de Spaanske lânfâd fan 'e Nederlannen), optsjocht yn 'e rjochting fan harren stêd mei it leger dat earder it Bloedbad fan Naarden oanrjochte hat. Kenau, dy't har bekommerje moat om har werf, en dy't boppedat rout om 'e dea fan har dochter, hat gjin belangstelling foar de oarloch. Dat bliuwt sa, ek as it leger fan don Freark begjin desimber wier belis foar Haarlim slacht. Nei it ferrie fan 'e regint Cornelis Duyff giet se lykwols oerstaach, en jout se it timmerhout fan har werf foar it fersterkjen fan 'e stedspoarten.

Under it Belis fan Haarlim giet Kenau de striid mei de Spanjerts oan en kriget se de lieding oer in groepke Haarlimmer froulju dy't aktyf oan 'e ferdigening fan 'e stêd dielnimme. Underwilens besiket se har iennichst oerbleaune dochter Kathelijne sa fier mooglik fan it striidgewoel te hâlden, en ek út 'e earmen fan 'e sjarmante hierling dêr't it fanke it mei oanleit. Mei har frouljuskompanjy wit Kenau in bestoarming fan 'e Spanjerts op 'e Sint-Janspoarte ôf te slaan troch de oanfallers mei siedende pik te oerjitten.

Ek liedt se in oanfal fan in groep froulju op redens tsjin in Spaanske befoarriedingstroep op 'e Haarlimmermar. En fierders wit se de Spaanske oanfalplannen bút te meitsjen troch it Spaanske kamp yn te kringen wylst de belegerjende soldaten ôflaat wurde troch in stikmannich froulju dy't op 'e stedswâlen harren boarsten ûntbleatsje. Wigbolt Ripperda jout ta dat Kenau in grutte oanwinst is foar de ferdigening fan 'e stêd, mar ûnderwilens rekket it mei de bân tusken de dominante Kenau en har dochter Kathelijne yn it neigean fanwegen de oerbeskermjendheid fan 'e mem. It belis moat úteinlik beteare yn 'e nederlaach fan 'e dappere Haarlimmers en de ynname fan 'e stêd troch de Spanjerts, dy't neitiid bloedich wraak nimme op 'e ferdigeners. Kenau-en-dy witte lykwols te ûntkommen.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Kenau Simonsdochter Hasselaer Monic Hendrickx
Wigbolt Ripperda Barry Atsma
Barry Atsma.
Sallie Harmsen.


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Kathelijne Sallie Harmsen
Magdalena Sophie van Winden
Gertruide Lisa Smit
Pieter Ripperda Matthijs van de Sande Bakhuyzen
Bertha Anne-Marie Jung
Alda Eva Bartels
Dominique Thomas Ryckewaert
don Freark Pau Cólera
hartoch fan Alva Francisco Olmo
Cornelis Duyff Jaap Spijkers

Kenau waard regissearre troch Maarten Treurniet, dy't ek ferantwurdlik wie foar De Heineken Ontvoering, út 2011. De film waard produsearre troch San Fu Maltha en Els Rientjes foar Fu Works. De kamerarezjy waard dien troch de Hongaarske kameraman Mátyás Erdély. It senario fan Kenau wie skreaun troch Marnie Blok en Karen van Holst Pellekaan, dy't it loskes basearren op 'e roman mei deselde namme fan Tessa de Loo, út 2013. De titelsong In Je Dromen waard ynsongen troch sjongster Wyke van Weelden, in âld-dielnimster oan 'e talintejacht De Beste Singer-Songwriter.

Trailer fan Kenau.

De opnamen foar Kenau begûnen op 23 febrewaris 2013. Mei in budget fan 6 miljoen waard de film foar it meastepart (80%) opnommen yn Hongarije, dêr't it sechstjinde-iuwske Haarlim foar in diel neiboud waard. Guon sênes waarden opnommen op lokaasje yn Amsterdam-Súd en yn 'e Belgyske dunen. Regisseur Treurniet hie 60 figuranten en tsientallen tinten ta syn foldwaan, dêr't er troch fermannichfâldiging troch kompjûterbewurking de Spaanske belegeringstroepen fan meitsje moast (2.000 man en 2.000 tinten). Kenau gie op 6 maart 2014 yn premiêre. Yn july 2014 wûn Kenau de publykspriis op it Stony Brook Filmfestival yn New York.

De makkers fan 'e film keazen nei alle gedachten Kenau Simonsdochter Hasselaer as haadpersoan út om't fan har in oansprekkend feministysk figuer avant la lettre makke wurde koe. Histoarysk sjoen is der net safolle oer har bekend: se wenne yn Haarlim; se hie fjouwer (en net twa) dochters (fan wa't net ien op 'e brânsteapel einige); se wie yn 1572 al jierrenlang widdo; en se droech op 'e iene of oare manear by oan 'e ferdigening fan 'e stêd ûnder it Belis fan Haarlim. Histoaryske boarnen út dy tiid fermelde lykwols nearne dat se aktyf oan 'e striid dielnaam, dat dat is wierskynlik in betinksel út letter tiid, krekt as it ferhaal dat se in legerke fan trijehûndert lyksinnige froulju oanfierd hawwe soe. It liket folle wierskynliker dat Kenau yn wurklikheid inkeld oan 'e ferdigening meidie troch finansjele of materiële (hout) bydragen te leverjen en troch aktyf diel te nimmen oan graafwurk om 'e stedswâlen te fersterkjen.

Alternative filmposter fan Kenau.

De resinsjes foar Kenau wiene fan in mingd karakter. Resinsint Thierry Verhoeven beskreau de film as in "histoarysk spektakel fan heitelânske boaiem" dat "mei flagge en wimpel" slagge wie, wylst it titelpersonaazje yn syn eagen delset waard as "in pragmatyske heldinne". Hy ferliek Kenau sels mei de Amerikaanske film The Patriot (mei Mel Gibson) oer de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Hy besleat mei de fêststelling dat "de froulik ynfalshoeke yn in histoarysk spektakel as Kenau tige ferfrissend" is "yn in filmlânskip dêr't sterke frouljusrollen tin siedde binne."[1] Ek De Telegraaf wie frijwat loovjend oer Kenau, in film dy't yn dy krante omskreaun waard as "Braveheart mei froulju".[2] Neffens Trouw, dêr't Kenau twa fan fiif stjerren krige, bedarre de film "earne tusken ferantwurde-Thea Beckman en soppich-Hollywood yn."[2]

Filmkritikus Jeroen van Bree fûn dat regisseur Maarten Treurniet "sjen lit wat er wurdich is troch mei in beheind budget in fisueel oertsjûgjend histoarysk drama del te setten oer de heldedieden fan it titelpersonaazje ûnder de belegering fan Haarlim troch de Spanjerts." Mar hy gie fierder mei de fêststelling: "it ferhaal ferliest lykwols geandewei oan krêft en sakket úteinlik wei yn in wurchmeitsjende foarsisberens." Hy kaam sterke sênes tsjin "dy't bêst wat langer duorje meien hiene", wylst "wankele sênes" foar syn gefoel te lang rutsen waarden. Dat wiet er benammen oan it senario fan Blok en Van Holst Pellekaan, dat averij oprûn troch de (yn Van Bree syn eagen oerstallige) tafoeging fan 'e ferhaalline oer de relaasje fan Kenau mei har dochters. It momint dat de film definityf te sink gie, wie foar Van Bree de sêne wêryn't de folgelingen fan Kenau "boppe-op de stedsmuorren in striptease útfiere om 'e Spanjerts ôf te lieden."[3]

Op it blôch Cinema.nl, fan 'e VPRO, gie Kenau troch foar "in midsmjittich histoarysk drama", dat "forsearre en obligaat" oerkomt en "inkeld rêden wurdt fan teannekromming" troch it sterke aktearjen fan 'e aktrises.[2] Yn 'e resinsje yn it Het Parool stie oer Kenau: "it fersetsdrama is oppept mei Pietje Bell-eftige wa't-net-sterk-is-moat-snoad-wêze-sênes, en in mem-dochterdrame dat mear op in moderne soap liket as op 'e Midsiuwen." En oer de ôfliedingsmaneuver mei de bleate boarsten skreau Het Parool dat it "frjemd" is dat de makkers net beseften dat dy "ridikule sêne" de film "as serieus histoarysk drama folslein ûnderút skoffelet."[2]

Wa't neat fan Kenau hawwe moast wie Bor Beekman, dy't de film yn syn resinsje yn De Volkskrant omskreau as in "ûnbeholpen en ynfantyl drama". It dekôr neamde er "lytsskalich", de "bombastyske" filmmuzyk "twaddehâns", en de digitale effekten "midsmjittich ynpast". Hoewol't haadrolspylster Monic Hendrickx "oprjocht tormintearre" liek, wie de rol fan Sallie Harmsen as dochter Kathelijne "funest". Ek fûn er dat de makkers fan 'e film de Spanjerts te maklik weisetten as karikaturale smjunten, of, yn syn eigen wurden: "steand neukende glûperts, dy't harren de oanfalplannen ûntfytmanje litte troch it earste it bêste neakene Hollânske ljidske." Beekman frege him ôf "hoe't dy oarloch dochs tachtich jier duorje koe" as de Spanjerts sokke omkoalen wiene.[4]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Verhoeven, Thierry, Kenau: Een historisch spektakel van vaderlandse bodem dat met vlag en wimpel slaagt voor de Bechdeltest, op FilmTotaal.nl, 5 maart 2014.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Seegers, Jules, Recensieoverzicht Kenau: Braveheart met vrouwen of matig historisch drama?, yn NRC Handelsblad, 6 maart 2014.
  3. Bree, Jeroen van, Vermoeiende Heldendaden, op FilmVandaag.nl, 5 maart 2014.
  4. Beekman, Bor, Kenau is een onbeholpen en infantiel historisch drama, yn: De Volkskrant, 27 febrewaris 2014.