Sallie Harmsen

Ut Wikipedy
Sallie Harmsen
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sallie Harmsen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 maaie 1989
berteplak Amsterdam
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 2004 – no
prizen Guido de Moor-priis 2015
Zilveren Krekel 2015
offisjele webside
www.sallieharmsen.nl

Sallie Harmsen (Amsterdam, 2 maaie 1989) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise. Hja is benammen bekend wurden mei har rol yn 'e film Het Echte Leven, dêr't se foar nominearre waard foar in Gouden Keal. Fierders hie se byrollen yn De Heineken Ontvoering en Kenau, en wie se op 'e tillefyzje te sjen yn û.m. De Geheimen van Barslet en Voetbalmaffia.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harmsen waard yn 1989 berne yn 'e Amsterdamske Nieuwmarktbuurt, dêr't se letter ek nei de Roomsk-Katolike Basisskoalle Sint-Antonius gie. De middelbere skoalle folge se oan it Montessori Lyceum Amsterdam. Yn 'e tiid dat se dêr't op it VWO siet, skreau se artikels foar de online-tydskrift Spunk.nl. Nei't se slagge wie foar har VWO-diploma, besleat Harmsen in tuskenjier te nimmen. Dat wie yn 2008.

Hoewol't Harmsen twifele tusken in ferfolchoplieding oan 'e keunstakademy, de toanielskoalle en it konservatoarium, besleat se oan 'e ein fan har tuskenjier audysje te dwaan foar de toanielopliedings yn Amsterdam, Arnhim en Maastricht. Doe't se oannommen waard op sawol de Amsterdamske Toanielskoalle & Lytskeunstakademy as op 'e Toanielakademy Maastricht, keas se foar de skoalle yn Limburch. Dêr studearre se yn 2012 ôf.

Sallie Harmsen.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harmsen hie har earste rol as aktrise yn 'e tillefyzjesearje Snacken, yn 2004, doe't se fyftjin jier wie. It jiers dêrop wie se te sjen yn trije films: Guernsey, Het Paard van Sinterklaas en Brommermeisjes. De rol fan Sofie, yn Het Paard van Sinterklaas, spile se nochris yn Waar is het Paard van Sinterklaas?, út 2007. Ek hie se dat jiers in rol yn 'e film De Muze. Yn har tuskenjier 2008 spile se har earste haadrol as Simone yn 'e film Het Echte Leven, fan regisseur Robert Jan Westdijk. Foar dy rol waard se nominearre foar in Gouden Keal yn 'e kategory bêste aktrise.

Yn 2008 hie Harmsen in gastrol yn in ôflevering fan 'e súksesfolle plysjesearje Flikken Maastricht. Op 'e tillefyzje wie se ek te sjen as Manon de Vries yn 'e foar in part yn it Fryske doarp Easterlittens opnommen searje De Geheimen van Barslet (2012), en fierders yn Hart tegen Hard (2011), De Jacht (2016) en Voetbalmaffia (2017). Yn 2012 spile se Sophie yn 'e tillefyzjefilm Oom Henk. Yn 2010 wûn Harmsen de CosmoGirl! Born to Lead Award yn 'e kategory opkommende stjer.

Op it toaniel rûn Harmsen yn 2012 staazje by it toanielselskip Orkater yn 'e foarstelling Breaking the News. Sûnt de ein fan dat jier wie se ferbûn oan it Nasjonale Toaniel. Foar dat toanielselskip spile se û.m. yn in produksje fan In Midsimmernachtdream fan Shakespeare (2012) en de toanieladaptaasje fan Het Stenen Bruidsbed fan Harry Mulisch (2013). Ek wie se foar it Nasjonale Toaniel te sjen yn û.m. De Wannseeconferentie (2013), Elektra (2014) en ûnder rezjy fan Theu Boermans as Jeanne d'Arc yn it stik mei deselde namme (2017). Yn 2015 wûn Harmsen de Guido de Moor-priis foar har rollen yn 'e stikken Polleke, Vrijdag en Tasso fan it Nasjonale Toaniel. Datselde jiers krige se ek de Zilveren Krekel foar har rol yn Polleke.

Op it wite doek hie Harmsen nei 2008 rollen yn films as De Vliegenierster van Kazbek (2009), Sterke Verhalen (2010), Loft (2010), Pizza Maffia (2011) en Lucia de B. (2014). Yn 2011 hie se fierders de byrol fan Lisa yn De Heineken Ontvoering, oer de ûntfiering fan Freddy Heineken. Yn 2014 spile se mei û.o. Monic Hendrickx yn 'e histoaryske film Kenau, wêryn't se de rol fan Kathelijne fertolke, de dochter fan 'e sechstjinde-iuwske Kenau Simonsdochter Hasselaer. Yn 2017 hie Harmsen in lyts roltsje yn 'e Amerikaanske film Blade Runner 2049, as in froulike 'replikant'.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.