Springe nei ynhâld

Grutte Rivieren

Ut Wikipedy
NASA World Wind-foto fan Nederlân fan de Noardsee rjochting it easten sjoen

De Grutte Rivieren (Nederlânsk: Grote Rivieren) is de namme dêr't de Ryn, Lek, Waal, Maas en Merwede yn Nederlân faak ûnder beflapt wurde. Dy rivieren streame yn Midden-Nederlân deun byinoar troch itselde leechleine gebiet yn 'e provinsjes Gelderlân, Noard-Brabân en Súd-Hollân. Ferskate bekende lânstreken wurde folslein troch de rivier omjûn, wêrûnder de Betuwe, it Lân fan Maas en Waal, de Bommelerwaard, de Tilerwaard, it Lân fan Altena, de Biisbosk, de Alblasserwaard, it Eilân fan Doardt, Iselmûne, de Hoekske Waard en Foarne-Putten. Inkeld wurdt de Isel ek wol ta de Grutte Rivieren rekkene, mar meastal net, om't dy in hiele oare koerts folget.

De oantsjutting "de Grutte Rivieren" wurdt behalven as in poer geografysk begryp likefolle brûkt as in grins om Nederlân yn twaen te spjalten. Dan hat men it oer "benoarden fan 'e Grutte Rivieren" of "súdlik fan 'e Grutte Rivieren". Dy funksje binne de rivieren nammenste mear gaadlik foar om't se de grins foarmje tusken it protestantske noarden en it roomske suden (al nimt it grutste part fan Seelân datoangeande in útsûnderingsposysje yn). In dêrmei ferbânhâldend ferskynsel is de fiering fan it karnaval, dêr't besuden de Grutte Rivieren altyd al rûnom oan dien waard, mar dy't noardlik derfan (op in pear isolearre roomske enklaves nei) pas resint yntrodusearre is, en dat noch inkeld yn 'e gruttere stêden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.