Springe nei ynhâld

Martijn Fischer

Ut Wikipedy
Martijn Fischer
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMartijn Fischer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne28 jannewaris 1968
berteplakUtert (stêd)
etnisiteit Nederlânsk
Dútsk
jierren aktyf1997 – no
prizenGouden Keal 2015
offisjele webside
Martijn Fischer op Twitter

Martijn Fischer (Utert, 28 jannewaris 1968[1]) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur, dy't benammen bekend wurden is yn 'e rol fan sjonger André Hazes, yn 'e musical Hij Gelooft in Mij. Dêrnjonken hat er ek spile yn films as Liever Verliefd, Rokjesdag en Redbad.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fischer waard yn 1968 berne yn 'e stêd Utert yn in laach fan Dútsk komôf. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, gied er nei de foaroplieiding fan it konservatoarium yn Hilversum. Nei in jier stapte er oer nei de sosjale akademy yn Driebergen, om him nei it beheljen fan syn propedeuse te wijen oan syn wiere passy: aktearjen. Hy waard oannommen op 'e Hegeskoalle foar de Keunsten Utert, dêr't er yn 1997 ôfstudearre.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fischer begûn syn karriêre op it toaniel, by selskippen as Her Nationale Toneel en Theater Utrecht. Dêrnjonken wied er fan 2003 ôf út en troch yn films te sjen, lykas Liever Verliefd (2003), Floris (2004), Afblijven (2006), De Scheepsjongens van Bontekoe (2007) en Rokjesdag (2016). Op 'e tillefyzje hied er gastrollen yn plysjesearjes as Baantjer, Flikken Maastricht en Suspects, misdiesearjes as Penoza en komeedzjesearjes as ’t Schaep met de 5 Poten.

By de jongere generaasjes waard Fischer ferneamd yn 'e rol fan Swarte Pyt yn 'e bernesearje Bij Sinterklaas, op 'e tillefyzjestjoerder Nickelodeon. By in âlder publyk spile er himsels yn 'e kiker yn reklamespotsjes foar kraslotten en foar it enerzjybedriuw Nuon. teäterbesikers koene him as de skriklike fleislapiter yn 'e toanieladaptaasje fan 'e De GVR fan Roald Dahl, en teffens as de profeet Moazes yn 'e musical Mozes, en as ien fan De Trije Musketiers yn it toanielstik mei deselde namme nei de bekende roman fan Alexandre Dumas.

Oare teäterrollen hie Fischer yn 'e musical Matroos in de Doos, nei in boek fan Daphne Deckers, en yn Peter Pan fan Theatergroep MAX. Syn lanlike trochbraak kaam lykwols mei syn rol as sjonger André Hazes yn 'e biografyske musical Hij Gelooft in Mij fan Joop van den Ende, dy't fan 2012 oant 2014 draaide. Fischer spile Hazes ek yn 2015 yn 'e op 'e musical basearre film Bloed, Zweet & Tranen, ûnder rezjy fan Diederick Koopal. Foar dy rol waard him dat jiers it Gouden Keal takend yn 'e kategory bêste akteur.

Yn 2010 en 2011 hie Fischer in fêste rol yn 'e tillefyzjesearje VRijland. Mei Peaske 2016 fertolke Fischer de rol fan Jezus Kristus yn 'e tillefyzjemusical The Passion. Datselde jiers wied er ek te sjen yn 'e Omrop MAX-searje Petticoat, mei Abbey Hoes yn 'e haadrol. Yn 2018 die Fischer de voice-over foar de natoerdokumintêre De Wilde Stad. Fierders hied er dat jiers in byrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme. Yn 2021 en 2022 hied er in weromkearende rol yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden as Pieter Nieuwenhuis.

Martijn Fischer wennet yn Seist.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2000Verkeerd Verbondenûnbekendgastrol; ôfl. Alles voor de Tuin
2001Novellen: Shit Happensûnbekendtillefyzjefilm
2002Intensive Careman yn drukpakgastrol; ôfl. Virus
2003Dunya en Desiemerkferkeapergastrol; ôfl. Doornen en Rozen
2003BaantjerFred Schopmangastrol; ôfl. De Cock en de Moord op Elvis
2003–2005Meiden van De WitMenno van de Wetering  weromkearende rol; 2 ôfl.
2004Drijfzandsjoernalisttillefyzjefilm
2004Het Glazen Huisredakteur Josgastrol; ôfl. Zilver en Goud
2004De Afdelingputsjemangastrol; ôfl. Geen Kunst
2005Parels & Zwijnenportiergastrol; ôfl. Gun Crazy
2006Fok Jou!learaarminysearje
2006Grijpstra & De GierRudy Kapteingastrol; ôfl. Eenzame Hoogte
2006Gooische Vrouwenûnbekendweromkearende rol; 2 ôfl.
2006Bij Sinterklaaswichtige Pyt #1
Baaljepyt
Trochsakpyt
fêste rol; 27 ôfl.
2006Keyzer & De Boer AdvocatenHarmen de Witgastrol; ôfl. Superwoning
2008Abiheit fan Mirtheminysearje
2008Taxi 656man fan swiere froutillefyzjefilm
2009TaartmanGuidotillefyzjefilm
2009Sorry, MinisterDekkergastrol; ôfl. Beheer, Beleid en Beveiliging
200913 in de Oorlogdhr. Vosgastrol; ôfl. Engeland
2009Flikken MaastrichtDanny Steenwijkgastrol; ôfl. Stiekem
2010Penozafrachtweinsjauffeurgastrol; ôfl. Geen Weg Terug
2010’t Schaep met de 5 Potenmangastrol; ôfl. Patrick
2010–2011VRijlandArie Kruithoffêste rol; 34 ôfl.
2011A'dam - E.V.A.Tonniegastrol; ôfl. De Eerste Maandag
2012Lijn 32kokgastrol; ôfl. Twee Weken Eerder
2013TV Showhimselsgast yn in praatprogramma
2015Bagels & BubbelsTony Kroeseweromkearende rol; 2 ôfl.
2015BlufDan Robinsongastrol; ôfl. Beunhaas
2015Ik Hou van Hollandhimselsdielnimmer oan in spulshow
2015KoningsdagRontillefyzjefilm
2015–2017VechtershartEddie de Beerweromkearende rol; 14 ôfl.
2016The PassionJezus Kristustillefyzjespecial ta gelegenheid fan Peaske
2016Lekker Nederlandshimselsgast yn in praatprogramma
2016–2017PetticoatFred Dupréeminysearje; fêste rol; 7 ôfl.
2017Risky Rivershimselsdielnimmer oan in spulshow
2017SuspectsRon Stokmangastrol; ôfl. Dubbele Moord
2017Van God LosJoris Pahlplatzgastrol; ôfl. To de Dood Ons Scheidt
2017Maestrohimselsgastsjuerylid
2019Sterke Verhalenhimselsgast
2019The Big Music Quizhimselsgast
2019Je Had Erbij Moeten Zijnn.f.t.presintator
2021De Slet van 6VWODaniël Idemafêste rol; 10 ôfl.
2021Onze StraatRickygastrol; ôfl. Othala
2021–2022Goede Tijden, Slechte TijdenPieter Nieuwenhuisweromkearende rol; 39 ôfl.
films
2003Liever VerliefdMike
2004Florissoldaat Kerker
2006Onderhuidsûnbekend
2006De OntgoochelingHanskoarte film
2006Afblijvensjauffeur
2007De Scheepjongens van Bontekoe  smid
2009My Queen Karobadmaster
2010De NobelprijswinnaarBert de Brauw
2011Lenaresjersjeur #2
2013Mee Kee op KampKoos
2015Bloed, Zweet en TranenAndré Hazes
2015Hallo BungalowFridus
2016RokjesdagEdwin
2016Hart BeatJim (heit fan Zoë)
2016Kung Fu Panda 3Poas stimakteur yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2016Onze JongensBas
2017Dikkertje Dappake Dik
2018Gek van OranjeMichael
2018Mannen van MarsMark
2018RedbadGebbe
2018De Wilde Stadn.f.t.voice-over by in natoerdokumintêre
2020Onze Jongens in MiamiBas
2022StrijderDennis

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: