Omrop MAX
Appearance
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/94/Omroep_MAX_logo.svg/220px-Omroep_MAX_logo.svg.png)
Omrop MAX (Nederlânsk en folsleine namme: Omroepvereniging MAX) is in Nederlânske publike omropferiening. Omrop Max waard yn 2002 oprjochte troch Jan Slagter, en startte mei útstjoeren op sneon 3 septimber 2005 op radio en telefyzje. De doelgroep fan MAX binne minsken boppe de 50 jier. In tal bekinde programma's fan Omrop Max binne:
- We zijn er Bijna, - Programma oer minsken dy't mei in organisearre kampearreis geane.
- Bed & Breakfast, - Programma oer eigeners fan bêd & brochsjes dy't by inoar sjogge en inoars ûndernimming beoardiele.
- Heel Holland Bakt, - Bak programma programma wêryn 't tsien Nederlanners besykje de titel "Bêste thúsbakker fan Nederlân" te heljen.
- Erica op Reis, - Reisprogramma mei Erica Terpstra dy't bysûndere en eksoatyske bestimmingen oer de hiele wrâld opsiket.
- Droomhuis Gezocht - Programma oer minsken dy't in (fakânsje) hûs sykje yn it bûtenlân.