Springe nei ynhâld

Abbey Hoes

Ut Wikipedy
Abbey Hoes
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeEmily Abigail Ashley Hoes Gauna
nasjonaliteit Nederlânsk
berne20 maaie 1994
berteplakRotterdam (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf2008 – no
prizenGouden Keal 2014, 2017
offisjele webside
www.abbeyhoes.nl

Abbey Hoes (folút: Emily Abigail Ashley Hoes Gauna; Rotterdam, 20 maaie 1994) is in Nederlânsk aktrise. Hja is benammen bekend wurden troch har haadrollen yn 'e tillefyzjesearje Petticoat en de spylfilm Nena. Yn 2014 wûn se it Gouden Keal, de wichtichste Nederlânske filmpriis, yn 'e kategory bêste aktrise.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoes waard yn 1994 berne yn Rotterdam, mar groeide op yn Mijnsheerenland, yn 'e Hoekske Waard, en folge de middelbere skoalle yn it Drintske Emmen. Hja krige as bern musicalles by it Jongereinteäter Hofplein yn Rotterdam, dêr't har de begjinsels fan sang, dûns en toaniel bybrocht waard. Nei't se slagge wie foar har eineksamens, sette se har nei wenjen yn Amsterdam, dêr't se yn septimber 2012 úteinsette mei in stúdzje oan 'e Amsterdamske Toanielakademy.

Mei tolve jier krige Hoes har earste roltsje, yn in reklamespotsje foar it frisdrinken Roosvicee, mei as tekst "Lekker, zeg!" Har filmdebút makke se yn 2009 mei in lytse byrol yn Lover of Loser fan regisseur Dave Schram. Datselde jiers noch fertolke se de titelrol yn 'e foar in Gouden Keal nominearre film Maite Was Hier. Yn 2014 waard se foar dyselde rol by de Seoul International Drama Awards nominearre foar in priis yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2012 hie Hoes ien fan 'e haadrollen yn 'e ferfilming fan it berneboek Koning van Katoren, fan auteur Jan Terlouw, troch regisseur Ben Sombogaart. Yn 2014 wûn Hoes it Gouden Keal yn 'e kategory bêste aktrise foar har titelrol yn 'e film Nena, oer in teenagefamke dat yn 'e simmer fan 1989 har earste seksuële relaasje hat wylst har oan MS lijende heit in deadswinsk koesteret. Dy film waard ek fertoand op it Filmfestival fan Mill Valley, yn Kalifornje.

Yn 2008 hie Hoes in weromkearende rol yn tsien ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje SpangaS. Dêrnei folgen gastrollen yn searjes as Verborgen Verhalen, Van God Los, Zwarte Tulp en Dokter Deen. Ek hie se fêste rollen yn 'e searjes 2012: Het Jaar Nul, Vrijland en Feuten. Fierders die se fan 2012 oant 2015 de neisyngronisaasje fan 'e titelrol yn 'e bernesearje Violetta, fan Disney. Yn 2016 briek Hoes troch by in breder publyk mei har fertolking fan 'e haadrol fan Pattie Jagersma yn 'e lichtfuottige, musicaleftige dramasearje Petticoat. Foar dy rol wûn se in twadde Gouden Keal foar bêste aktrise. Yn 2017 hie Hoes in hiel lyts roltsje yn 'e Amerikaanske aksjekomeedzje The Hitman's Bodyguard.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2008SpangaSBrechtjeweromkearende rol; 10 ôfl.
20092012: Het jaar NulFelixfêste rol
2010Verborgen VerhalenKaringastrol; ôfl. Loser
2010–2012VrijlandDaantje Kruithoffêste rol; 103 ôfl.
2012FeutenCharlie Zekveldfêste rol yn seizoen 2
2012Van God LosIrisgastrol; ôfl. D.I.S.C.O.
2013De Ontmaskering van de Vastgoedfraude   Roos van Woerkomminysearje
2012Bijbel Tapesferskaatas stimaktrise
2012–2015ViolettaViolettafêste rol; as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje
2014Sneeuwwitje en de Zeven Kleine MensenBlanche (Sniewytsje)minysearje
2015–2016Zwarte TulpLynn Kesterweromkearende rol
2016Prooifamke yn fytstunnelcameo
2016–2018Dokter DeenPipweromkearende rol yn seizoen 3 en 4; 13 ôfl.
2016PetticoatPattie Jagersmafêste rol
Gouden Keal foar bêste aktrise yn in tillefyzjesearje
2017SinterklaasjournaalZielepietgastrol; 1 ôfl.
2018Nieuwe BurenFay op den Hagefêste rol yn seizoen 3
2021SwanenburgTara Verheijengastrol; ôfl. Iris 01
2021De Verradersharselsdielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2021Het Perfecte Plaatjeharselsdielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2021DertigersClairefêste rol yn seizoen 2
2022Lost LuggageAstrid HoogstederBelgysk-Frânske minysearje
2022Dirty LinesAnoukproduksje fan Netflix
2022Five LiveHoney Molenaar
films
2009Lover of Loser?
2009Het Mysterie van de Volle MaanKelly
2009Maite Was HierMaitenom. Gouden Keal foar bêste aktrise
nom. Seoul International Drama Award foar bêste aktrise
2010Tirzade jonge Ibi
2011Nina SatanaNina
2011RazendRoosmarijn
2012Koning van KatorenKim
2015FinnemansLizzie
2015NenaNenaGouden Keal foar bêste aktrise yn in film
2015CinderellaAnastasiaas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje
2015MinionsTina Nelsonas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje
2015Het Verhaal achter Baron 1898Doortjekoarte film foar de Efteling
2015De Ontsnappingde jonge Julia
2015Ventouxde jonge Laura
2016FissaAnne-Bo
2016Hotel de Grote LLibbie
2017The Hitman's Bodyguardblommeferkeapster yn Amsterdam   
2018Gek van OranjeEva
2018Zwaar Verliefd!Tamara
2019ValsAbby
2019Verliefd op CubaMaartje
2020Buiten is het FeestSonne / Willemke
2020Zwaar Verliefd 2Tamara
2021Liefde zonder GrenzenLieke
fideoklips
2009She Blew Like Trumpets?nûmer fan Kyteman
2014Zusjesuskenûmer fan Ronnie Flex
2020Mij Niet Eens Gezienfamkenûmer fan Kriss Kross Amsterdam mei Yade Lauren en Lil Kleine

Abbey Hoes is, oars as dat faak tocht wurdt, gjin famylje fan aktrise Isa Hoes. (Likemin is se besibbe oan akteur Geert Hoes, politikus Onno Hoes of muzykprodusint Johnny Hoes.)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.