Prooi
Prooi | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e IMDb) | ||
makkers | ||
regisseur | Dick Maas[1] | |
produsint | Dick Maas[2] Maria Peters[2] Dave Schram[2] | |
senario | Dick Maas[1] | |
kamerarezjy | Lennert Hillege[2] | |
muzyk | Dick Maas[2] | |
filmstudio | Shooting Star Filmcompany[1] Parachute Pictures[1] | |
distribúsje | Dutch FilmWorks | |
spilers | ||
haadrollen | Sophie van Winden[2] Julian Looman[2] | |
byrollen | Mark Frost[2] Rienus Krul[2] Theo Pont[2] Victor Löw[2] Pieter Derks[2] | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân[1] | |
premiêre | 13 oktober 2016[1] | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | horror-skriller | |
taal | Nederlânsk[1] en Ingelsk | |
spyltiid | 107 minuten[1] | |
budget en resultaten | ||
budget | €3 miljoen[3] | |
opbringst | $6,8 miljoen[1] |
Prooi is in Nederlânske horror-skrillerfilm út 2016[1] ûnder rezjy fan Dick Maas, mei yn 'e haadrollen Sophie van Winden en Julian Looman.[2] De titel betsjut "Proai". It ferhaal giet oer in minskeslinende liuw dy't frij omrint yn Amsterdam en dêre dea en ferdjer sieddet. De plysje is folslein ynkompetint, dat it is oan 'e bistedokter fan Artis, in kameraman fan 'e pleatslike tillefyzjestjoerder AT5 en in grutwyldjager út Ingelân om it bist tsjin te kearen.[1] Hoewol't de filmkritisy oer it algemien tuskenbeiden posityf wiene,[4][5][6][7] flopte Prooi yn 'e Nederlânske bioskopen.[8]
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op in boerespultsje earne yn 'e Hollânske polder wurdt in boerehûshâlding fermoarde weromfûn: heit, mem, de teenagedochter, har bromfytsridende frijer en de jongste dochter fan in jier as tsien. Der wurde klau- en bytspoaren op 'e stoflike omskotten oantroffen, dat haadynspekteur Olaf Brinkers fan 'e Nasjonale Plysje regio Amsterdam hellet Lizzy derby, dy't bistedokter yn dieretún Artis is. Mei't hja ferskate jierren trochbrocht hat yn Tanzania, ken hja de ferwûnings fan 'e slachtoffers fuortendaliks wer as it wurk fan in liuw, om sekuer te wêzen: in mânske mantsjesliuw. Dyseldichste deis noch wurdt der yn it strewelleguod by in golfbaan oan 'e râne fan Amsterdam troch de liuw in golfer grypt en heal opfretten. De plysje set it plak delikt halje-trawalje ôf.
Brinkers en Lizzy besprekke de sitewaasje mei kommissaris fan resjerzje Zalmberg, dy't syn twifels oer har identifikaasje fan 'e dieder hat. Op syn fraach wêr't in liuw yn 'e frede weikomme moatte soe, oppenearret Lizzy de teory dat Afrikaanske liuwen troch de oangeande klimaatferoaring faaks harren ferspriedingsgebiet útwreidzje nei Jeropa, of dat de liuw oars losbrutsen wêze kin út in priveedieretún yn East-Jeropa, dêr't der frijwat fan besteane en dêr't sa goed as gjin tafersjoch op is. Zalmberg wol it spul hoe dan ek stil hâlde om algemiene panyk ûnder de befolking foar te kommen, en faget Lizzy har argumint fan tafel dat de minsken it rjocht hawwe om te witten yn hokker gefaar se har befine. Harren hiele diskusje blykt lykwols efterhelle as guon golfers tsjin 'e media sein hawwe dat se op 'e golfbaan in liuw omrinnen sjoen hawwe. Oars as de kommissaris ferwachte hie, is de reäksje fan 'e media en it algemien publyk yn earste ynstânsje om dat mei de gek te beslaan.
Underwilens hat Lizzy priveeproblemen mei har oerhuorrige freon Dave, dy't kameraman is by de pleatslike Amsterdamske tillefyzjestjoerder AT5. Dy jûns wit Dave him by har appartemint nei binnen te praten mei iten dat er swart kocht hat fan in itensbesoarger. Wylst Dave en Lizzy sitte te iten en letter mei-inoar op bêd geane, wurdt deselde itensbesoarger net fier by harren wei troch de strjitten fan Amsterdam efterfolge troch de mâle liuw. De oare moarns wurdt by it Monumint op de Daam allinne syn holle weromfûn troch in pear meiwurkers fan 'e reinigingstsjinst.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Lizzy advisearret de plysje om in profesjonele bejager fan minskesliners lykas dizze liuw yn 'e earm te nimmen, en se jout dêrby daliks oan dat se yn har tiid yn Afrika gedoente mei sa'nent hân hat, dat se kin de plysje wol mei him yn kontakt bringe. Zalmberg hat lykwols oare ideeën, en skillet syn neef Theo op, in hobbyjager op grut wyld. Yn it troch de plysje ûntromme Vondelpark set Theo by nacht in mûklaach op mei in hartebout hingjend yn in beam, in lûdsprekker mei it âljen fan in oare liuw dat as lokrop fungearje moat, in stikmannich reuseftige wyldklammen ûnder de hartebout en hysels yn in kamûflaazjetintsje mei it jachtgewear yn 'e oanslach.
Lizzy hat der net folle fidúsje yn, mei't se wit dat de bisten dêr't sokke hobbyjagers yn Afrika op jeie yn 't foar drogearre binne om se suf te meitsjen. Har twifels blike rjochtfeardige as Theo en syn knoffelige soan de mûklaach ferprutse: Theo wurdt deamakke troch de liuw, dy't it kamûflaazjetintsje fan efteren beslûpt, wylst syn soan dearekket as er mei syn boppelichem yn ien fan 'e wyldklammen falt. De liuw ûntkomt út it park en rjochtet yn in strjitte dêr nei-oan in bloedbad oan as er in tram binnenkringt en de warleaze passazjiers oanfalt.
Brinkers freget Lizzy dan dochs om 'e namme fan har profesjonele liuwejager. Dat is de Ingelsman Jack Delarue, mei wa't Lizzy yn it ferline in relaasje hân hat. Dyselde komt de oare moarns út Londen wei op Skiphol oan. Brinkers sjocht allinne raar op as bliken docht dat de jager oan in (motorisearre, op rupsbannen geande) rolstoel klústere is trochdat in eardere minskeslinende liuw him in skonk ôfbiten hat. Nei't Delarue it plak delikt yn it Vondelpark besocht hat, dêr't er fuortendaliks in stik as fiif flaters oantsjut dy't Theo begien hat, slacht er foar om op itselde plak nochris in mûklaach te prebearjen, mar diskear mei it lyk fan Theo as lokies, mei't mantsjesliuwen tige territoriaal binne foar har proaien oer. Kommissaris Zalmberg wiist dat foarstel poerrazen fan 'e hân en beëiniget de meiwurking mei Delarue, dy't er as in gefaarlike gek beskôget.
Dy middeis wurdt yn in boarterstún yn Amsterdam-Súd in jonkje opfretten. Zalmberg stjoert nei it fallen fan it tsjuster in swierbewapene arrestaasjeteam it oanbuorjende boskperseel yn, dy't dêr lykwols op in espel legerfeteranen stjitte dy't op eigen manneboet efter de liuw oan gien binne. Beide groepen sjogge de tsjinpartij foar de liuw oan, wat op 'e nij ta in bloedbad liedt, mar no ien dêr't de liuw hielendal net iens by belutsen is.
Nei dy blamaazje wol de kommissaris wol omlyk. De folgjende jûns wurdt it stoflik omskot fan Theo yn it Vondelpark yn 'e beam hyst en stelt Delarue him yn syn rolstoel (oars as Theo dien hie) boppe de wyn tusken it strewelleguod op. Likegoed komt de liuw him hast noch fan efteren oer it mad, mar Delarue merkt it krekt op 'e tiid en wit it bist te ferwûnjen. De liuw naait út en Delarue giet der efteroan, mar rekket him oan 'e râne fan it park kwyt. Brinkers, Lizzy en in hiele kloft unifoarmearre plysjes hastigje har nei it plak fan 'e mûklaach, dêr't it lyk fan Theo blykt te missen. Delarue ornearret dat er de liuw dochs net sa goed rekke hawwe moat as er tocht, as it bist noch puf genôch hie om werom te draven nei it plak fan 'e mûklaach om syn proai op te heljen.
Delarue fynt in gat yn it stek om it park hinne, dêr't de liuw trochhinne glûpt wêze moat. Hy folget it bist en Lizzy jout har by him. Se bedarje by it gebou fan 'e Medyske Fakulteit fan 'e Universiteit fan Amsterdam, dêr't de liuw wat der noch oer is fan Theo lizze litten hat en troch in kelderfinster nei binnen krongen is. As Lizzy en Delarue der fia de haadyngong yn geane, blykt de portier al dea te wêzen. Al rillegau fine se de liuw, dy't efter harren oan komt. Se hawwe allebeide ferskate konfrontaasjes mei it bist, wêrby't Lizzy mei de skrik frijkomt, mar Delarue swierferwûne rekket. Se ferskânzje har yn it mortuarium, wêrfan't se de doar barrikadearje.
Underwilens hat Delarue in gasflesse mei gifgas en in gasmasker opdûkele. As de liuw troch de doar hinne brekt, lokket de mei it gasmasker tariste Lizzy it bist mei nei in hermetysk ôfsletten kuolsel, dêr't se de gasflesse iepenset. De liuw komt har lykwols tenei en slacht har gasmasker stikken, sadat se sels ek driget te fergassen om't de doar fan 'e kuolsel fan binnenút net iepen blykt te kinnen. Dave is har spoar folge nei de Medyske Fakulteit, dêr't er lang om let it mortuarium berikt. Delarue ferwiist him troch nei de kuolsel, wêrfan't er krekt op 'e tiid de doar iepenet om Lizzy te rêden. De liuw, dy't ek noch net alhiel dea is, springt har efternei ta de kuolsel út en driget Dave dea te biten, mar Lizzy deadet it bist mei in priem dy't se him troch de harsens stekt.
As se neitiid by Delarue weromkomme, blykt de Ingelsman deablet te wêzen. Lizzy, dy't oan har hachlike aventoer inkeld wat skrammen oerholden hat, stiet derop om it stoflik omskot fan Delarue nei it sikehûs te begelieden. Underweis hâldt de ambulânse ho foar in spoaroergong. Dave skillet Lizzy op har mobile tillefoan op om har te freegjen hoe't it mei har is. Yn harren petear komt tafallich te praat hoe'n grut gat de liuw makke hat doe't er de Medyske Fakulteit binnenkrong troch in rút op 'e earste ferdjipping. Lizzy seit dat Dave mis is: de liuw is dêr fia in keldersfinster binnenkrongen. Dave antwurdet dat er op ditseldichste stuit nei it rút op 'e earste ferdjipping stiet te sjen, en dat dat dúdlik it punt is dêr't de liuw it gebou ynkommen is. Op dat momint heart ien fan 'e beide ferpleechkundigen foar yn 'e ambulânse wat op 'e dyk, dat hy docht it portier oan 'e passazjierskant iepen, wêrnei't er oanfallen wurdt troch in mânske mantsjesliuw.
Lizzy, dy't foar it ferstân kiget dat der de hiele tiid al twa liuwen west hawwe, springt efter út 'e ambulânse, wylst de beide ferwûne ferpleechkundigen der oan 'e sjauffeurskant ta'n út flechtsje. De bestjoerder fan it autobuske dat efter de ambulânse stiet te wachtsjen, sjocht wat der bart, springt út syn fiertúch en naait geandefoets út. Lizzy klimt yn it buske, jout gas en begjint de ambulânse nei foarren te triuwen. Wylst de liuw har efter út 'e ambulânse wei besiket dea te meitsjen, skoot se de ambulânse op it spoar, krekt foar de passearjende trein. De ambulânse mei de liuw deryn wurdt skept troch de trein en in ein meisleept oant er ûntploft ta in reuseftige fjoerbal, wêrby't de liuw, nei't men oannimme mei, omkomt.
Inkele wiken letter, nei't alle kommoasje wat bedarre is, hawwe Lizzy en Dave harren relaasje ferfette. Se wenje gear en hawwe in hûn nommen, dy't Lizzy de namme 'Simba' jûn hat, nei de liuw út The Lion King. Yn in mei ticht strewelleguod begroeid plantsoen dêr't se sûnder euvelmoed foarbykomme as se tegearre oan it hûnútlitten binne, lit in grut bist de blêden trilje wylst súntsjes (inkeld hearber foar it bioskooppublyk) it grommen fan in grutte kateftige klinkt.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarne: Ynformaasje oer de cast en crew fan Prooi yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Lizzy | Sophie van Winden |
Dave | Julian Looman |
- byrollen
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prooi waard regissearre troch Dick Maas[1] nei in senario fan himsels.[1] Maas krige it idee foar in film oer in minskeslinende liuw yn in grutte stêd om 2000 hinne, doe't er earst noch tocht oan Berlyn as setting. Letter besleat er út te wiken nei him him fertroudere Amsterdam.[9] Yn desimber 2014 makke er syn plannen foar Prooi buorkundich. As produsinten wiene Maas sels, Maria Peters en Dave Schram by it projekt belutsen[2] foar de filmstudio's Shooting Star Filmcompany en Parachute Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lennert Hillege,[2] en de filmmuzyk waard fersoarge troch Maas.[2]
Foar de film wie in budget beskikber fan €3 miljoen,[3] wêrfan't in diel bestie út subsydzje fan it Nederlânsk Filmfûns.[10] Prooi bleau mar kwealk binnen it budget, mar allinnich om't Maas en produsint Dave Schram ôfseagen fan harren salaris.[9]
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Prooi setten yn maaie 2015 útein.[3] By it filmjen steurde Maas him geregeldwei oan 'e Nederlânske regeljouwing. Sa waarden nachtopnamen yn Frankendael op in hier nei skrast om't dêr in ielreager briede soe, en mocht by nachtopnamen yn 'e binnenstêd y.f.m. mooglike lûdsoerlêst inkeld gebrûk makke wurde fan in elektryske scooter.[9] Wol krige Maas de folsleine meiwurking fan it Amsterdamsk gemeentlik ferfiersbedriuw GVB, dat û.m. in tram beskikber stelde foar de opnamen.[9]
Foar it ta libben bringen fan 'e liuw socht Maas kontakt mei Erik-Jan de Boer, dy't earder in Oscar wûn hie foar syn animaasjewurk oan 'e tiger út 'e film Life of Pi (2012).[1][9] Sokke technyk bliek lykwols foar in Nederlânske film te djoer.[9] De Boer berekkene dat ien sêne allinne al mear as €1 miljoen kostje soe, in trêde fan it totale filmbudget.[1] Sadwaande moast Maas him tefreden stelle mei in kombinaasje fan animatroanika en lytse brokjes kompjûteranimaasje makke troch it bedriuw Hectic Electric.[9] Yn Prooi waarden yn 'e postproduksjefaze likernôch 500 special effects-shots ferwurke.[11]
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Prooi waard fersoarge troch Dutch FilmWorks. De Filmkeuring joech de film in label mei fan "16 jier en âlder", wat by Dick Maas yn it ferkearde kielsgat skeat. Yn De Telegraaf neamde de regisseur dy kwalifikaasje "betutteljend".[12] Nei't de trailer fan 'e film op 4 oktober 2016 op YouTube pleatst wie, gie dy firaal en waard er binnen in pear dagen mear as 250.000 kear besjoen.[13][14] Prooi gie op 13 oktober 2016 yn premiêre[1][11] yn 'e Amsterdamske bioskoop Tuschinski.[11]
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Prooi oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes. Sa parten De Volkskrant, Het Parool en NRC Handelsblad de film 3 fan 5 stjerren ta,[4][5][6] wylst De Telegraaf 4 fan 5 stjerren joech.[7]
Op 'e webside CineMagazine wie Henny Wouters folle minder posityf en neamde Prooi "in gefaltsje fan krekt (net) slagge", mei in gebrek oan "skerpte", personaazjes dy't "te betocht" wiene en grappen dy't "te faak foar de hân lizze" soene. Hy klage fierders dat it aktearjen "net altyd oer[hâldt]" en ek dat de akteurs "net altyd te ferstean [binne]". Dêr heakke er oan ta dat der dochs noch genôch oan 'e film wie om fan te genietsjen as men it ferhaal oer de liuw net al te serieus naam: "De krêft fan Maas syn senario sit, lykas gebrûklik, yn 'e kombinaasje fan in útsinnige plot en oerhollânske lullichheid." Wouters parte Prooi sadwaande mar 21/2 fan 5 stjerren ta.[15]
Op FilmTotaal hie Thierry Verhoeven mei 3 fan 5 stjerren mear wurdearring foar Prooi, al hied er krityk op 'e plot: "[…] krekt as yn [Maas syn eardere film Sint] steapelje ek yn Prooi de liken har op sûnder dat it de sitewaasje foar de haadpersonaazjes yngripend beynfloedet." Ek fûn er dat Maas "himsels op narratyf flak yn 'e foet [sjit] troch alle neuzen direkt deselde kant út stean te hawwen," mei't der yn 'e film nei de alderearste sênes gjin personaazjes binne dy't net yn it bestean fan 'e liuw leauwe of dy't it net iens binne mei it ôfsjitten fan it bist. Verhoeven fûn de humor yn Prooi goed slagge, mar "spannend wurdt it allegear lykwols net (ek al binne der wol in tal slagge skrikmominten); dêrfoar is Maas syn styl dochs echt te cartoonesk."[16]
Joost Broeren fan De Filmkrant fûn dat Maas gjin horrorfilms makket, mar "grouwelfilms". Dat typearre er as: "in lyts mar wichtich ferskil. Grouweljen is bang wêzen sûnder ècht bang te wêzen, bang wêzen ûnder it laitsjen. Efteling-eangst." Dat fêststeld hawwende, karakterisearre er Prooi as "in âlderwetsk grouwelfestijn". Hy wurdearre de "fette knypeach" wêrmei't Maas syn ferhaal opdiste, mar fûn dat de trijehoeksferhâlding tusken Lizzy en har beide (eardere) frijers "de oandacht mar dreech fêsthâlde" koe.[17]
En op FilmVandaag fette Josta Tessers Prooi beheind gear mei de wurden: "lekker folle skrikmominten, wat koarkdrûge humor en in bulte goarichheid". De film naam himsels neffens har net te serieus, en sa'n soarte ynstelling wie ek wol ferlet fan mei in plot dy't sa fiersocht wie. Se fûn Prooi eins it gaadlikst foar teenagers, dy't de film "ècht spannend" fine soene, wylst "it foar de folwoeksen, krityske sjogger wol kâns hat dat it in film is dy't net lang hingjen bliuwe sil." Se konkludearre dat se bettere films fan Maas sjoen hie, en beoardiele Prooi mei 3 fan 5 stjerren.[18]
Oer de fraach oft de special effects yn 'e film slagge wiene, en dan spesifyk de werjefte fan 'e liuw, wiene de mienings ferdield. Henny Wouters skreau op CineMagazine dat de liuw it "djiptepunt" fan 'e film wie, mei't er derút seach as in "út syn krêften groeide muppet". It bist wie neffens him "om te laitsjen" wat "deadlik [is] foar de horror."[15] Oan 'e oare kant skreau Joost Broeren yn De Filmkrant oer de liuw: "mei sawol meganyske as digitale trukaazje wurdt er oertsjûgjend te foarskyn tovere."[17]
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande de oerweldigjende belangstelling foar de trailer fan 'e film op YouTube loek Prooi yn 'e Nederlânske bioskopen mar sa'n 30.000 besikers. Dêrmei wie it de minst besochte film fan Dick Maas ea, en wurdt de film sjoen as in flop.[8] It budget fan €3 miljoen waard lang net weromfertsjinne. Mar yn maart 2019 kaam Prooi yn 'e Folksrepublyk Sina ûnder de ynternasjonale titel Prey[1] yn 'e bioskoop, dêr't de film yn trije dagen tiid mear as 1,1 miljoen besikers loek, goed foar €4,4 miljoen oan ynkomsten.[8] De úteinlike wrâldwide opbringst fan 'e film bedroech $6.821.000.[1] Dêrmei kamen Maas-en-dy dochs noch rom út 'e kosten.[1]