Feteraan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Feteranen)
Amerikaanske marinefeteranen dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch op 'e USS Missouri tsjinnen by in besyk oan dat âlde slachskip.

In feteraan (fan it Latynske vetus, dat "âld" betsjut) of ek wol in âld-soldaat of âld-strider, is immen dy't as militêr syn lân tsjinne hat yn ien of mear oarlochssitewaasjes. Sokken krije yn eigen lân faak spesjale erkenning, yn 'e foarm fan ûnderskiedings, plechtichheden, monuminten en earegrêven op begraafplakken. In soad lannen hawwe ek in spesjaal Ministearje fan Feteranesaken. Yn bredere sin wurde yn 'e folksmûle ek alle lju wol feteranen neamd dy't op in beskaat mêd in lange steat fan tsjinst hawwe.

Sitewaasje yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân is sûnt 1990 immen formeel (d.w.s. neffens de wetlike definysje) in feteraan as it giet om in eardere militêr of in eardere militarisearre boarger mei de Nederlânske nasjonaliteit, dy't it Keninkryk fan de Nederlannen tsjinne hat ûnder oarlochsomstannichheden of by fredesmisjes. Faak wurde lykwols foutyf alle eks-militêren foar feteranen oanmurken. De besteande definysje stiet ûnder druk om't eks-militêren dy't ûnder de Kâlde Oarloch yn 'e Nederlânske Striidkrêften tsjinne hawwe, neffens de besteande definysje gjin oanspraak meitsje kinne op 'e status fan feteranen (om't der ûnder de Kâlde Oarloch yn West-Jeropa nea wier oarlochfierd is). In bykommend punt is dat de troch Nederlân hantearre definysje fan wat in feteraan is, op dit mêd wêzentlik ôfwykt fan 'e definysjes dy't yn NATO-bûnsgenoaten lykas it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten gongber binne.

Feteranesykte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feteranesykte is in bakteriële ynfeksjesykte dy't ta de dea liede kin as men jin der net betiid genôch foar behannelje lit. Dizze sykte hjit sa om't de baktearje yn 1976 foar it earst identifisearre waard nei in kongres fan oarlochsfeteranen fan it American Legion, dêr't in soad lju earnstich siik waarden en 34 persoanen oan 'e sykte kamen te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.