Sint (film)

Ut Wikipedy
Sint
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Dick Maas
produsint Dick Maas
Tom de Mol
senario Dick Maas
Wijo Koek (bydragen)
kamerarezjy Guido van Gennep
muzyk Dick Maas
distribúsje A-Film
spilers
haadrollen Egbert-Jan Weeber
Caro Lenssen
Bert Luppes
Huub Stapel
byrollen Escha Tanihatu
Jaap Spijkers
Ben Ramakers
Kees Boot
Madelief Blanken
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
premiêre 11 novimber 2010
foarm langspylfilm
sjenre horrorfilm
taal Nederlânsk
spyltiid 85 minuten
budget en resultaten
budget €4 miljoen
opbringst €4,8 miljoen

Sint is in Nederlânske horrorfilm (spesifyk in slasherfilm) út 2010 ûnder rezjy fan Dick Maas, mei yn 'e haadrollen Egbert-Jan Weeber, Caro Lenssen, Bert Luppes en Huub Stapel. De titel ferwiist nei Sinteklaas. De film jout in fiktive eftergrûn oan 'e Goedhillichman en it Sinteklaasfeest, wêrby't de Sint de ûndeade geast fan in ôffallige, libben ferbaarnde biskop wêze soe, dy't weromkomt om wraak te nimmen eltse kear as it folle moanne is op 'e dei fan syn dea (5 desimber). Sint krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tuskenbeiden oant negative resinsjes en kaam nei alle gedachten mar kwealk út 'e kosten, ek al waarden der mear as 100.000 bioskoopkaartsjes foar ferkocht.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prolooch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e fyftjinde iuw waarden de Nederlannen teheistere troch Sinteklaas, in ôffallige biskop dy't mei syn kriichsfeinten plonderjend en moardzjend troch de strjitten teach en poppen en lytse bern yn sekken stoppe en ûntfierde. As men hearde dat hy deroan kaam, flechten de lju yn 'e hûs en barrikadearren de doarren en finsters. De trewanten fan Sinteklaas sloegen har lykwols mei heksebilen en helleburden in wei nei binnen ta en krongen ek troch de skoarstiennen de huzen yn. Op 5 desimber 1492 kamen de minsken lykwols yn ferset en stieken de trijemêster fan Sinteklaas yn 'e brân, wêrnei't de biskop en en al syn trewanten libben ferbaarnden.

Haadfilm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 wit hast nimmen mear ôf fan 'e wiere eftergrûn fan Sinteklaas. Hy wurdt no sjoen as de 'Goedhillichman', dy't op syn jierdei pakjes bringt foar de bern. Dat komt om't syn leginde troch de iuwen hinne net mear goed begrepen rekke is en de minsken him leaver sjogge as bernefreon ynstee fan bernemoardner. Syn trewanten, mei harren troch ferbrâning ferkoalde hûd, wurde no Swarte Piten neamd. De inkelingen dy't àl heard hawwe fan 'e ysbaarlike ferhalen oer de wiere Sinteklaas, miene dat it samar in teltsje is om 'e lju bang te meitsjen.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't sterk yn ferlegenheid brocht is troch de wiere Sinteklaas, en de Nederlânske oerheid, dy't in algemiene panyk ûnder de befolking foarkomme wol, dogge tige by tige war om derfoar te soargjen dat dat sa bliuwt. De measte jierren is dat net sa dreech, mar ienris yn 'e tritich of fjirtich jier, as 5 desimber gearfalt mei folle moanne, steane Sinteklaas en syn trewanten op út 'e dea om wraak te nimmen troch yn Nederlân safolle mooglik minsken te fermoardzjen en safolle mooglik lytse bern te ûntfieren. De lêste kears dat soks barde, wie yn 1968, doe't der hûnderten deaden foelen. Dat Sinteklaas en syn Swarte Piten dêrfoar ferantwurdlik wiene, kaam lykwols yn 'e dôfpot.

Goert Hoekstra wie der yn 1968, as jonge fan in jier as tsien, tsjûge fan hoe't Sinteklaas en syn Swarte Piten syn heit en mem en âldste suske fermoarden en syn jongste bruorke en suske ûntfierden. Anno 2010 is er in resjersjeur by de plysje fan Amsterdam. Hy hat in wiidweidich rapport oer de oanfallen fan 42 jier lyn skreaun om 'e autoriteiten wekker te skodzjen foar it gefaar, net begripende dat de autoriteiten net wekker skodde wurde wolle. As 5 desimber 2010 wer gearfalt mei folle moanne, wurdt Hoekstra troch syn superieur, de haadynspekteur, mei twongen ferlof stjoerd.

In groepke learlingen oan in middelbere skoalle yn Amsterdam ferkeart ûnderwilens yn 'e oertsjûging dat de moardferhalen oer de wiere Sinteklaas in mearke binne. As der yn 'e klasse Sinteklaasfeest fierd wurdt, wêrby't eltse learling in kado kriget fan in anonime klasgenoat, ûntfangt Frank in doaze mei syn eigen besittings werom dy't er by syn faam Sophie efterlitten hie, mei dêrby in gedicht (dat er foar de klasse foarlêze moat) wêryn't Sinteklaas fertelt dat er Frank mei in oar fanke tútsjeboartsjen sjoen hat yn it fytsehok fan 'e hockeyklub. It is dúdlik dat it Sophie har, foar Frank fernederjende, manear is om 'e ferkearing út te meitsjen. Nei't de skoalle útgien is en Sophie en har buorfamke en bêste freondinne Lisa nei hûs rûn binne, wurdt Lisa op har eigen hiem opwachte troch Frank. It docht bliken dat Lisa it famke is mei wa't Frank stien hie te tútsjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dy jûns nei tsjuster rekket in plysjeboat op it IJ bûten wurking troch in stikkene akku. Wylst de boat dêr stil omdriuwkelet, wurdt er oerfearn troch in rynkranke, heal útbaarnde trijemêster dy't him fuortbeweecht mei in faasje dy't gjin inkeld normaal skip berikke kin. Letter dy jûn wurde Sophie en har jonge bruorke Timmie thús oerfallen. Sophie is oan it beljen mei Lisa as it bart, dat Lisa fljocht út 'e hûs en dwers oer de strjitte, mar as se by Sophie thús arrivearret, treft se dy dea oan, ûnderstboppest hingjend yn 'e skoarstien, wylst fan 'e lytse Timmie gjin spoar is.

Underwilens giet Frank der mei in pear maten fan sines, Hanco en Sander, op út om Sinteklaas en Swarte Pyt te spyljen by in fiering fan in studinteferiening. Trochdat yn Amsterdam oeral strjitten tichtset binne fanwegen de oanlis fan 'e Noord-Zuidlijn, reitsje se paadbjuster. As se de auto stilsette sadat ien fan harren eefkes mei syn sweager fûstkje kin, ûntdekke se dat de ferhalen oer Sinteklaas wol deeglik op wierheid berêste. Hanco en Sander wurde troch de fan gesicht skriklik skeinde Sinteklaas en syn swartbleakere trewanten op grouwélige wize fermoarde. Frank sels wit mar nauwerneed te ûntkommen. Hy is noch net iens fan 'e skrik bekommen as er klemriden wurdt troch de plysje, dy't him siket foar de moard op Sophie. It tinken is nammentlik dat Frank har fermoarde hat út wraak foar har fernederjende útmeitsjen fan 'e ferkearing dy moarns. As se de útinoar houde liken fan Hanco en Sander ûntdekke, begjinne de resjersjeurs Frank as in searjemoardner te sjen. Hy wurdt ûnder druk set om te fertellen wat er mei Timmie dien hat. Nei Lisa, dy't oan 'e plysje besiket te fertellen dat Frank Sophie net fermoarde hat, wurdt net harke.

Nei oerenlang yn it ferhear nommen te wêzen, wurdt Frank efteryn in plysje-auto ôffierd nei it hûs fan bewar. Underweis sjogge de resjersjeurs dy't him ferfiere ynienen Sinteklaas op syn hynder oer de dakken riden. Se sette de efterfolging yn en ien fan harren iepenet it fjoer en rekket it hynder. Dat rûgelet fan it dak ôf en komt boppe-op 'e foarein fan 'e plysje-auto del, wêrby't de beide plysjeminsken foaryn ferplettere wurde. Frank wit út 'e auto te ûntsnappen, mar komt dan each yn each te stean mei de skriklike Sinteklaas op syn alwer hielendal opbettere hynder. Hy wurdt rêden trochdat út it neat Goert Hoekstra opdûkt, dy't de ûndeade geast mei in eigenmakke flammesmiter op 'e flecht jaget. Hy nimt Frank mei nei syn boatsje op 'e grêft en leit him út dat de ûndeade Sinteklaas en syn trewanten net mei kûgels útskeakele wurde kinne, mar dat se fetber binne foar fjoer, om't se dêrmei yn it ferline ombrocht binne.

It docht bliken dat Hoekstra syn boat folladen hat mei eksplosiven om it skip fan Sinteklaas persiis om midsnacht, as Sinteklaas en alle Swarte Piten wer oan board gien binne, op te blazen. Hoekstra wol Frank oan 'e kant ôfsette, mar de bûtenboardmotor hat kueren, en Frank, dy't ferstân fan motortechnyk hat, betinget yn ruil foar syn help dat er mei mei. Neitiid fertelt Hoekstra Frank alles dat er wit oer Sinteklaas en wat himsels as bern oerkommen is. Hy ferwachtet de trijemêster fan Sinteklaas oan te treffen yn 'e Alde Haven fan Amsterdam, dy't net mear brûkt wurdt. Underweis dêrhinne wurde Hoekstra en Frank lykwols onaholden troch in plysjeboat. As de trije plysjes de eksplosiven yn 'e boat fan Hoekstra sjogge, wurde hy en Frank arrestearre. It boatsje wurdt oan in keabel efter de plysjeboat oan sleept.

Underweis nei in plysjeburo om harren arrestanten ôf te leverjen, sjogge de plysjes dat immen troch de boom hinne fearn is dy't de Alde Haven ôfslút. Se geane op ûndersyk út, mar de plysjeboat wurdt intere troch in stikmannich Swarte Piten, dy't de trije plysjes mei bluodderich geweld deameitsje. Hoekstra en Frank brekke frij en farre fuort mei de plysjeboat, mar reitsje strâne by in oanlissteger. Mei't Hoekstra by de oanfal fan 'e Swarte Piten swierferwûne rekke is, stelt Frank op syn ynstruksjes de ûntstekking yn en ferbynt dy mei de springstof.

In arrestaasjeteam fan 'e plysje ferskynt op it toaniel om Hoekstra op te pakken, mei't resjersjeur Van Dijk oan 'e hân fan plattegrûnen mei oantekenings by Hoekstra thús fêststeld hat dat syn kollega it iene of oare fan doel is yn 'e Alde Haven. Ynstee ûntdekke se de trijemêster en de Swarte Piten dy't sekfollen guod (te witten: lytse bern) oan board bringe. Se fermoedzje in smokkeloperaasje en geane op ûndersyk út. As se troch de ûndeade Swarte Piten oanfallen wurde, rekket it arrestaasjeteam gau útskeakele. Sinteklaas komt fanwegen en ûndersiket it plak fan 'e konfrontaasje, dêr't Frank himsels ferskûle hat ûnder in ûnderstboppest lizzende roeiboat. Hy wit noch krekt Hoekstra syn boatsje op 'e trijemêster ôf te stjoeren foar't er ûntdutsen wurdt. As Sinteklaas him deaslaan sil mei syn stêf, ûntploft syn skip, wêrnei't Sinteklaas en syn trewanten útnaaie.

Hoekstra libbet krekt langernôch om syn oerwinning mei te meitsjen foar't er oan syn ferwûnings beswykt. Frank wurdt weromfûn troch de fersterkings dy't de leden fan it arrestaasjeteam foar harren dea oproppen hiene. Hy wurdt nei it sikehûs brocht, dêr't er al rillegau wer opbetteret. De boargemaster fan Amsterdam jout oan 'e haadynspekteur opdracht om it tal moarden op dizze pakjesjûn "werom te bringen ta in akseptabel nivo". Neitiid sjocht Frank yn it sikehûs op 'e tillefyzje dat in slachtpartij op 'e berne-ôfdieling fan it sikehûs behimmele is troch dêr brân te stiftsjen, wylst in protte oare bern op skoalreiske omkommen wêze soene by in ferkearsûngemak mei in touringcar. Hoekstra, dy't dea is en him net mear ferwarje kin, wurdt weiset as in searjemoardner, sadat in protte moarden oan him taskreaun wurde kinne.

Resjersjeur Van Dijk besiket Frank yn it sikehûs en fertelt him dat alle oanklachten tsjin him ynlutsen binne. Hy langet him ek in sjek fan 50.000 oer dy't ôfkomstich is fan 'e boargemaster, sadat syn sike mem nei in klinyk yn Switserlân kin dy't spesjalisearre is yn neurologyske oandwanings. As Frank dat oannimt, leit dêryn besletten dat syn stilswijen oer de foarfallen fan pakjesjûn kocht wurdt. Letter komt Lisa yn it sikehûs del, dy't Frank freget oft er har nochris fertelle sil wat der wier bard is. Hy antwurdet dat er dat noch net wit, mar dat se it oars wol ûntdekke sil yn 2033, as it op 5 desimber wer folle moanne is. Lisa seit dat se in kado foar him meinommen hat en dat se it wol even foar him útpakke sil, wêrnei't se by him op bêd krûpt en harsels begjint út te klaaien. Underwilens sjocht in ûndeade Sinteklaas fan 'e top fan 'e Westertoer út oer Amsterdam.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Egbert-Jan Weeber.
Huub Stapel.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Frank Egbert-Jan Weeber
Lisa Caro Lenssen
resjersjeur Goert Hoekstra Bert Luppes
Sinteklaas Huub Stapel


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sophie Escha Tanihatu
haadynspekteur Jaap Spijkers
resjersjeur Van Dijk Ben Ramakers
resjersjeur #1 Kees Boot
Natasha Madelief Blanken
resjersjeur #2 Bob Schwarze
mem fan Lisa Cynthia Abma
mem fan Frank Barbara Sarafian
Hanco Joey van der Velden
Sander Jim Deddes
Timmie Julian Maas
nachtsuster yn sikehûs Lien van de Kelder
nachtwachter yn sikehûs Hein van der Heijden
wetterplysjeman #1 Peter Bolhuis
wetterplysjeman #2 Casper Gimbrère
wetterplysjeman #3 Geert Lageveen
learaar Wil van der Meer
barkeeper Fred Goessens
plysjeman #1 Frederik Brom
plysjeman #2 Sjoerd Dragtsma
plysjeman #3 Jörgen Scholtens
boargemaster fan Amsterdam René van Asten
Goert Hoekstra as bern Niels van den Berg
heit fan 'e jonge Goert Rinus van de Giessen
mem fan 'e jonge Goert Esther de Koning
bruorke fan 'e jonge Goert Levi Meijer
suske fan 'e jonge Goert #1 Chrissy Meijer
suske fan 'e jonge Goert #2 Noa Roest
dief Jens Koopman

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint waard regissearre troch Dick Maas nei in senario fan fan himsels, dêr't ek Wijo Koek bydragen oan levere hie. As produsinten wiene Maas en Tom de Mol by it projekt belutsen. Foar Sint wie in budget beskikber fan 4 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Guido van Gennep, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dick Maas.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Sint fûnen foar in diel plak op lokaasje yn Amsterdam. Inkele dielen fan 'e sêne wêryn't Sinteklaas op syn hynder oer de dakken fjouweret, waarden opnommen yn 'e Universiteitsklinyk foar Hynders fan 'e fakulteit Diergenêskunde fan 'e Universiteit Utert, op in rinbân foar bewegingsûndersyk by sporthynders. De begjinsêne fan 'e film, dy't spilet yn 1492, waard opnommen yn it Midsiuwske diel fan it iepenloftmuseum Archeon yn Alfen oan de Ryn.

Opnamen foar Sint geande op 'e hoeke fan 'e Brouwersgracht en de Herengracht yn Amsterdam (fan 'e sêne wêryn't de plysjeman út 'e auto wei Sinteklaas besjit dy't oer de dakken riidt).

Yn Sint is yn in sêne op 'e eftergrûn op 'e tillefyzje in ôflevering oer Sinteklaas fan 'e komeedzjesearje Flodder te sjen (ek produsearre troch Dick Maas). Dêrby giet it om Heerlijk Avondje, mei Lou Landré as Sjakie van Kooten, dy't foar Sinteklaas spilet, beselskippe troch Coen van Vrijberghe de Coningh as Johnnie Flodder en Stefan de Walle as soan Kees Flodder, dy't foar Swarte Pyt spylje.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Sint waard yn Nederlân fersoarge troch A-Film en yn Belgje troch Kinepolis. De film gie yn beide lannen tagelyk yn premiêre, op 11 novimber 2010.

Opskuor om filmposter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint late al foàr de premiêre ta in lytse opskuor omreden fan in filmposter, dêr't Sinteklaas op ôfbylde wie mei in skeind, meunsterlik antlit en in boasaardige gesichtsútdrukking. Hoewol't de film yn 'e bioskopen net tagonklik wie foar bern, spande de feriening fan âldelju Ouders & Coo in koart pleit oan tsjin 'e produsinten, wêryn't easke waard dat de poster ek net op 'e strjitte of yn 'e hal fan 'e bioskoop te sjen wêze mocht, om't soks bern kjel meitsje of yn betizing bringe koe. By de behanneling fan 'e rjochtsaak riddenearre Dick Maas dat as minsken harren bern wiismeitsje koene dat Sinteklaas bestiet, se harren grif ek wiismeitsje koene dat de persoan op 'e poster net Sinteklaas is. De rjochter stelde him yn it gelyk, mei't de poster sa dûnker is dat it gesicht fan Sinteklaas mar amper te sjen is.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e ynternasjonale filmkritisy krige Sint oer it algemien negative resinsjes. It wichtichste kritykpunt wie dat de film in ynteressant útgongspunt hie, mar dêr net folle mei die. Chris Cabin fan Slant Magazine parte de film mar 1 fan 4 stjerren ta en omskreau de produksje as "fisueel monotoan en mei in foarsisbere plot." Fierders hie de film neffens him in gebrek oan spanning, en omfette moarden dy't op gjin inkele wize bysûnder wiene. James Dennis fan Screen Anarchy priizge de special effects yn Sint en omskreau de film as "in luchtige, oangename rit salang't it duorret", mar ek as "net wat dat je lang bybliuwe sil". Fan 'e Nederlânsk filmkritisy krige Sint oer it algemien tuskenbeiden resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint brocht yn 'e bioskopen yn Nederlân en Belgje 4.790.742 miljoen op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan €4 miljoen betsjut dat in winst fan goed $790.000. Mei't dêr de marketingkosten noch ôf moatte, kaam Sint wierskynlik mar krekt út 'e kosten.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omreden fan 'e ferkeap fan mear as 100.000 kaartsjes foar de bioskoop krigen de produsinten foar Sint in Gouden Film. De omstriden filmposter waard op 4 jannewaris 2011 troch de lêzers fan 'e TV Krant bekroane mei de TV Krant Filmposter Award, dy't troch Dick Maas sels yn ûntfangst nommen waard by in útrikkingsseremoanje yn it Amsterdamske Pathé City Theater.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side en ûnder: References, op dizze side.