Minions (film)

Ut Wikipedy
Minions
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Pierre Coffin
Kyle Balda
produsint Chris Meledandri
Janet Healy
senario Brian Lynch
muzyk Heitor Pereira
filmstudio Illumination
Universal Pictures
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Pierre Coffin
Sandra Bullock
voice-over Geoffrey Rush
byrollen Jon Hamm
Jennifer Saunders
Michael Keaton
Allison Janney
Katy Mixon
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 juny 2015
foarm lange tekenfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 91 minuten
budget en resultaten
budget $74 miljoen
opbringst $1.159,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Despicable Me
● folgjend diel Minions: The Rise of Gru

Minions is in Amerikaanske kompjûteranimearre lange tekenfilm út 2015 yn 'e foarm fan in komeedzje foar bern en folwoeksenen. De film waard regissearre troch Pierre Coffin en Kyle Balda, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Coffin sels en Sandra Bullock. De titel betsjut: "Trewantsjes". Minions is in spin-off fan 'e Despicable Me-filmsearje, en as sadanich is it in prequel fan 'e earste film út dy rige. It ferhaal folget de trewantsjes, lytse gielhûdige wêzentsjes, dy't nei't it skynt altyd al bestien hawwe. Se wolle sa stomme graach in supersmjunt tsjinje, mar de hiele skiednis troch wurdt harren knoffeligens har iene nei har oare master fataal. Uteinlik geane trije fan harren, Kevin, Stuart en Bob, yn 1968 oan it wurk foar de earste froulike supersmjunt, Scarlet Overkill. Minions krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in aldertigenst kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar in BAFTA en in Saturn Award. In direkt ferfolch, Minions: The Rise of Gru, waard útbrocht yn 2022.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De trewantsjes (yn it Ingelsk: minions) binne lytse gielhûdige wêzentsjes dy't al besteane sûnt it begjin fan 'e tiden, doe't se har ûntjoegen út giele iensellige organismen. Harren doel yn it libben is ienfâldichwei om 'e kweadaardichste master te tsjinjen dy't se mar fine kinne, in wiere supersmjunt. De hiele skiednis troch einige dat foar harren masters lykwols yn triennen, want hoewol't de trewantsjes it goed bedoele, binne se ûntychlike knoffelich. Nei't se harren earste master, in Tyrannosaurus rex, by fersin yn in aktive fulkaan rôle hiene, namen se tsjinst by in hoalebewenner, dy't troch in nij fersin fan harren ferslynd waard troch in hoalebear. Lettere minsklike masters rûn it ek min mei ôf, lykas in farao yn it Alde Egypte dy't troch tadwaan fan 'e trewantsjes ferplettere waard ûnder in piramide, en greve Dracula, dy't by fersin bleatsteld waard oan direkt sinneljocht, sadat er ta jiske ferbaarnde.

Harren lêste master wie Napoleon, op wa't de trewantsjes ûnder de Tocht nei Moskou by fersin in kanon ôffjurren. Oars as harren oare masters oerlibbe er dat, mar hy stjoerde syn Grande Armée op harren ôf, sadat de trewantsjes flechtsje moasten om it faaie libben derôf te rêden. Se bedarren yn Sibearje, dêr't se ûntwyk sochten yn in reuseftige grot. Dêr libben se mear as oardel iuw yn isolaasje, mar sûnder master om te tsjinjen rekken se meitiid deprimearre en rêsteleas. Ien fan harren, Kevin, stelt op in dei foar en tsjoch de wrâld yn om in nije master te sykjen. Hy kiest Stuart, dy't sit te sliepen en net wit wêr't er him as frijwilliger foar opjout, út om mei te gean. Bob, dy't wól graach mei wol, mar dy't Kevin der leaver net by hat, mei úteinlik, by gebrek oan oare frijwilligers, ek mei.

Kevin, Stuart en Bob tsjogge de wide wrâld yn en slagje úteinlik nei New York, dêr't se oankomme yn 1968. Nei't se in dei trochbrocht hawwe mei har yn 'e pleatslike dracht te klaaien en te besykjen om 'e pleatslike wizânsjes te learen, reitsje se oan 'e ein fan 'e wurkdei ynsletten yn in warehûs, dêr't se dy nachts op in tillefyzje in ferburgen tillefyzjestjoerder ûntdekke en in reklamespotsje sjogge foar Villain-Con, de jierlikse konvinsje foar supersmjunten yn Orlando (Floarida). Se beslute dat dàt is wêr't se wêze moatte om in nije master te finen. Dat, de oare deis sette se út New York ôf. It rinnen hawwe se al rillegau har nocht fan, dat se hâlde in passearjende auto oan om in ein mei te liftsjen. It docht bliken dat it de auto fan 'e húshâlding Nelson is, dy't oan 'e poppe ta bestiet út bankrôvers en dieven. De Nelsons binne ek ûnderweis nei Villain-Con, dat Kevin, Stuart en Bob treffe it alhiel en kinne it hiele ein meiride.

Op 'e konvinsje is harren besykjen en fyn in master earst net botte súksesfol. By in presintaasje fan Scarlet Overkill, de earste froulike supersmjunt, fertelt sy oan it tastreamde publyk dat se inkele helpers siket. Dejinge of dejingen dy't har in grutte robyn witte ôf te krijen, wurde oannommen. Kevin, Stuart en Bob hawwe dêr earst wol earen nei, mar as se sjogge wat Scarlet docht mei in gadingmakker dy't tsien kear sa grut en sa sterk is as sysels, betinke se harren. Yn it gedrang middenmank de mânske slaanderij op it poadium, wêrby't Scarlet alle gadingmakkers útskeakelet, rekket Bob lykwols syn teddybear kwyt, en by syn wanhopige besykjen om it boartersguod werom te krijen, einiget Scarlet mei de teddybear yn 'e hân, wylst Bob hast stikt yn 'e robyn. Fan gefolgen wurde de trije trewantsjes oannommen as de nije assistinten fan Scarlet Overkill.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst se mei Scarlet yn it fleantúch ûnderweis binne nei Ingelân, dêr't se wennet, skillet Kevin de grot yn Sibearje op. Dêr binne ûnderwilens in stikmannich yeti's opdaagjen kommen, en de efterbleaune trewantsjes hawwe de lieder fan dyselden útkeazen as nije master. Dat it goede nijs fan Kevin wurdt kuoltsjes ûntfongen. Op datseldichste stuit rekket de lieder fan 'e yeti's lykwols dea as er troch de knoffeligens fan 'e trewantsjes in stalaktyt op 'e plasse kriget. Wannear't de oare yeti's har dan tsjin 'e trewantsjes keare, beslute dy om dochs mar te sjen dat se yn Ingelân komme om har by Kevin, Stuart en Bob te jaan.

Yn har haadkertier yn Ingelân bringt Scarlet Overkill har nije helpkes yn 'e kunde mei har man, Herb Overkill, dy't in útfiner is dy't har foarsjocht fan al har gadgets. Se jout Kevin, Stuart en Bob opdracht om 'e Keizerlike Steatskroan, de kroan fan 'e monargen fan it Feriene Keninkryk, foar har te stellen. As se dat foar har dogge, sil se harren alles jaan dat harren hert begeart. Dy jûns lêst se Kevin, Stuart en Bob in ferhaaltsje foar it koesen foar, wêryn't se fertelt oer in famke dat as bern leafde tekoart kommen is en dêrom in kroan hawwe wol om't se dêrtroch in prinsesse wurde soe, en wa hâldt der net fan in prinsesse? Dat se stjoert har trije helpkes derop út om 'e kroan te stellen, mar hja fale. As se by har weromkomme sûnder kroan, nimt se op freeslike wize wraak op harren. Kevin en Stuart binne deabenaud fan dat ferhaal en dogge de hiele nacht gjin each ticht, mar de ûnnoazele Bob, dy't net foar it ferstân hat wat Scarlet harren dermei fertelle woe, sliept as in roas.

Tarist mei gadgets fan Herb ynfiltrearje Kevin, Stuart en Bob de oare deis de Toer fan Londen, dêr't de Britske kroan bewarre wurdt. Nei gâns swierrichheden oerwûn te hawwen, steane se op it punt en stel de kroan, as dy fuorthelle wurdt om't keninginne Elizabeth II him op hawwe moat by de iene of oare plechtichheid. Kevin, Stuart en Bob sette de efterfolging yn en kape de keninklike koets. Bob besiket en krij de keninginne de kroan ôf, mar sy hâldt him foar dat in hear net de kroan fan in dame heart ôf te pakken, en jout him dan in wan bruien. De trije trewantsjes moatte flechtsje en reitsje ynsletten yn in park, dêr't Bob, mei de krêft fan in gadget dat Herb him jûn hat, in swurd út in stien skuort om himsels en de oaren mei te ferdigenjen. It docht lykwols bliken dat it giet om it Swurd yn 'e Stien, wêrfan't it fermogen om it los te lûken in teken is dat neffens de oerlevering de wiere kening fan Ingelân oantsjut. As se sjogge wat er dien hat, falle sadwaande alle efterfolgers foar Bob op 'e knibbels, en hy wurdt fuortendaliks foar Elizabeth II yn it plak útroppen ta kening Bob fan it Feriene Keninkryk.

Scarlet sjocht dat op 'e tillefyzje, en se is poerrazen dat de trewantsjes har ferret hawwe troch har kroan te stellen (sa't sy it sjocht). As se Buckingham Palace binnenkringt om wraak te nimmen, biedt Bob lykwols daliks oan om troansôfstân te dwaan yn it foardiel fan Scarlet. Sy nimt dat oan, dat foar de twadde kear dy deis giet de Britske troan oer yn oare hannen. Scarlet har lulkens is dêrtroch lykwols net yn it minst delbêde, dat se slút Kevin, Stuart en Bob op yn 'e tsjerkers, dêr't Herb harren sûnder súkses besiket te marteljen. De jûns beleit Scarlet in plechtige kroaningsseremoanje yn 'e Abdij fan Westminster, dêr't se al har supersmjuntefreonen foar útnûget. Kevin, Stuart en Bob binne wisberet om it mei har goed te meitsjen, dat se ûntsnappe fia it rioel út 'e tsjerker dêr't se opsletten sitte en stelle in roukrâns fan in begraffenis wêrfan't se de tekst op it lint feroarje yn "Sorry, Scarlet". Se besykje de krâns yn 'e Abdij fan Westminster te bringen, mar om't se net talitten wurde, klimme se nei it dak fan 'e katedraal ta en kringe troch in finster nei binnen. Har knoffeligens spilet wer op, en yn in besykjen om oan in bij te ûntkommen, dy't de blommen fan 'e roukrâns blykber ûnwjersteanber fynt, litte se in reuseftige kroanluchter boppe op Scarlet falle.

Scarlet oerlibbet it ûngemak, mar fettet it op as in moardoanslach. Se jout befel ta de eksekúsje fan Kevin, Stuart en Bob, en tsientallen supersmjunten sette de efterfolging op it ûngelokkige trio yn. Lang om let wurde Bob en Stuart finzen nommen. Kevin siket beskûl yn in pub, dêr't er op 'e tillefyzje in taspraak fan Scarlet sjocht, dy't driget syn maten terjocht te stellen as er himsels net foar moarnsdage oanjout. Dat, Kevin giet werom nei Scarlet har haadkertier, dêr't er himsels bewapenje wol mei alderhanne gadgets dy't útfûn binne troch Herb. De kliber supersmjunten kriget him lykwols yn 'e rekken en komt him efternei it haadkertier binnen. Yn syn panyk om fuort te kommen, stelt Kevin in masine yn wurking dy't him sa grut as in flatgebou makket. Fan gefolgen wurdt Scarlet har haadkertier folsein ferwoastge.

De reuseftige Kevin trapet troch Londen, wêrby't er muoite hat om himsels tusken de gebouwen troch te wringen. Nettsjinsteande dat komt er krekt op 'e tiid om Stuart en Bob te rêden fan in brânsteapel fan dynamyt en buskrûd. Hy wurdt troch Scarlet yn it nau dreaun, mar krekt dan komme alle oare trewantsjes yn Londen oan. Scarlet hat no wolfergoed har nocht, dat se beslút in atoombom yn setten om alle trewantsjes yn ien kear út te rûgjen. Kevin fangt de bom lykwols op en slokt him troch. Scarlet en Herb besykje al fleanend mei har raketjurk te ûntkommen, mar Kevin hâldt se fêst. De bom ûntploft, liedend ta in ûnbidgen reekwolk dy't alle sicht benimt. Stuart en Bob en de oare trewantsjes begjinne al te skriemen om it ferlies fan Kevin, mar dan komt dyselde, op mysterieuze wize werombrocht ta syn normale grutte, út 'e loft omleech saaien oan in parasjute makke fan syn túnbroek.

Neitiid komt Elizabeth II wer op 'e Britske troan. By in plechtige seremoanje yn 'e iepen loft beleannet se Kevin, Stuart en Bob foar harren heldemoed. Bob kriget in lyts kroantsje foar syn teddybear, Stuart in elektrysk gitaar, en Kevin in ridderoarder. As de Britske kroan ynienen wer ferdwûn is, docht bliken dat Scarlet en Herb de ûntploffing ek oerlibbe hawwe. Se hawwe de kroan stellen wylst alle oandacht op 'e trewantsjes rjochte wie. Foar't se lykwols ûntkomme kinne, wurde se beferzen mei in skot út in friesgewear, wêrnei't in jonge Gru mei de kroan útpykt op in motorfyts mei raketoandriuwing. De trewantsjes besauwe har oer sa'n talint foar boasaardigens en beslute fuortendaliks dat se har nije master fûn hawwe. As se by Scarlet en Herb lâns komme, jout Bob oan Scarlet it kroantsje dat er foar syn teddybear krigen hie, sadat se dochs noch in kroan hawwe sil.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pierre Coffin.
Sandra Bullock.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Kevin, Bob en Stuart Pierre Coffin Pierre Coffin
Scarlet Overkill Sandra Bullock Isa Hoes


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
voice-over Geoffrey Rush Chris Zegers
Herb Overkill Jon Hamm Barry Atsma
keninginne Elizabeth II Jennifer Saunders Susan Visser
Walter Nelson Michael Keaton Bas Keijzer
Madge Nelson Allison Janney Karin Bloemen
Tina Nelson Katy Mixon Abbey Hoes
Walter Nelson jr. Michael Beattie Hardwell
prof. Flux Steve Coogan ?
de jonge Gru Steve Carrell Jon van Eerd
VNC-oankundiger Michael Beattie Sipke Jan Bousema
toerwachter op jierren Steve Coogan ?
Dumo de Sûmo Hiroyuki Sanada ?
Fabrice Dave Rosenbaum Hans Klok
keninklik riedshear Alex Dowding ?
ferslachjouwer op 'e tillefyzje Paul Thornley ?
Frankie Fishlips Andy Nyman Levi van Kempen
alle oare trewantsjes Chris Renaud Chris Renaud

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dat de trewantsjes út 'e Despicable Me-filmsearje in eigen spin-off-film krije soene, waard foar it earst oankundige yn july 2012. Minions waard regissearre troch Pierre Coffin en Kyle Balda nei in senario fan Brian Lynch. As produsinten wiene Chris Meledandri en Janet Healy by it projekt belutsen foar de filmstudio's Illumination en Universal Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $74 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Heitor Pereira.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Minions waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 11 juny 2015 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 17 juny yn Austraalje en Yndoneezje yn 'e bioskopen, in dei letter folge troch Maleizje en Singapoer en in fertoaning op it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy yn Frankryk. Op 26 juny kaam de film yn it Feriene Keninkryk yn 'e bioskopen, en op 27 juny fûn yn 'e Feriene Steaten in nasjonale premiêre plak yn Los Angeles foar't Minions dêr op 10 july yn 'e bioskoop kaam. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Back Lot Music. Minions kaam op 16 novimber 2015 beskikber as digitale download en teffens op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Minions mingde resinsjes. Yn The Washington Post joech Michael O'Sullivan de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Ik mocht foarhinne ek wol oer de trewantsjes, yn 'e lytse doazes dêr't se yn kamen. Mar it foardielpak Minions is […] tefolle fan it goede." Yn The New York Times omskreau Manohla Dargis de film as "oars, mar dochs itselde" as de oare Despicable Me-films. Tom Russo parte Minions yn The Boston Globe 21/2 fan 4 stjerren ta en murk op: "Yndrukwekkend as it wêze mei dat de filmmakkers op komysk mêd sa'n ein komme mei it mar heal-fersteanbere geëamel fan harren personaazjes, de konvinsjonele dialooch [yn 'e film] is ferbjusterjend ûngrappich." Yn it blêd Rolling Stone krige Minions 2 fan 4 stjerren fan Peter Travers. Hy skreau: "It giet der net om oft dizze prequel jild opbringe kin; dat stiet wol fêst. De fraach is: kinne de trewantsjes hielendal allinne […] in film drage? Bin bang fan net."

De yngong fan 'e Universal Studios Florida yn Orlando behongen mei reklame foar Minions.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Minions in justjes boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 204 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It fel kleure type fan troch apegryksk oandreaune sljochtsinnigens fan 'e trewantsjes wurdt ta spylfilmlingte oprutsen yn har nei harsels ferneamde Despicable Me-spin-off, mei ûngelikense mar faak hilaryske gefolgen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Minions in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 35 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minions brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $336,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $823,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.159,4 miljoen, oftewol krapoan $1,2 miljard. Ofset tsjin it budget fan $74 miljoen betsjut dat in winst fan $1.085,4 miljoen, hoewol't dêr de mânske marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Minions de op fjouwer nei meast opbringende film fan 2015 (nei Star Wars Episode VII: The Force Awakens, Jurassic World, Furious 7 en Avengers: Age of Ultron), de op twa nei meast opbringende animaasjefilm aller tiden (nei Incredibles 2 en Frozen) en de op tolve nei meast opbringende film aller tiden. It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan Minions op $502,3 miljoen.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minions wûn in People's Choice Award yn 'e kategory favorite famyljefilm. De film waard ek nominearre foar de People's Choice Award foar favorite stimakteur (Sandra Bullock), en foar de BAFTA, de Saturn Award en de Empire Award foar bêste animaasjefilm. Fierders waard Minions ek twaris nominearre foar in Kids' Choice Award.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Despicable Me (filmsearje)
lange films
Despicable Me (2010) • Despicable Me 2 (2013) • Minions (2015) • Despicable Me 3 (2017) • Minions: The Rise of Gru (2022)
koarte films
Home Makeover (2010) • Orientation Day (2010) • Banana (2010) • Puppy (2013) • Panic in the Mailroom (2013) • Training Wheels (2013) • Binky Nelson Unpacified (2015) • Competition (2015) • Cro Minion (2015) • Mower Minions (2016) • The Secret Life of Kyle (2017) • Yellow is the New Black (2018) • Santa's Little Helpers (2019) • Minion Scouts (2019)