Peter and Wendy

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Peter and Wendy
Omslach fan 'e earste printinge út 1911.
Omslach fan 'e earste printinge út 1911.
algemiene gegevens
auteur J.M. Barrie
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 1911, Londen
oarspr. útjwr. Hodder & Stoughton

Peter and Wendy, ek wol bekend as Peter Pan, is in ferneamde roman út 1911 fan 'e hân fan 'e Skotske skriuwer J.M. Barrie (1860-1937), dy't it basearre op syn eigen toanielstik Peter Pan, or The Boy Who Wouldn't Grow Up, út 1904. It boek fertelt it ferhaal fan Peter Pan, in ûndogenske mar ûnskuldige jonge dy't fleane kin en dy't withoefolle aventoeren belibbet op it magyske eilân Neverland, dat bewenne wurdt troch elfkes, seemearminnen, Yndianen en seerôvers. Bekende personaazjes út 'e roman binne behalven Peter Pan it 'gewoane' famke Wendy Darling, it elfke Tinker Bell, de Yndiaanske prinsesse Tiger Lily en de wichtichste antagonist, de seerôver Kaptein Heak.

Sawol it oarspronklike toanielstik as de roman waarden ynspirearre troch it gesin Llewelyn Davies, fan wa't Barrie in hûsfreon wie. Peter and Wendy waard yn it Feriene Keninkryk útjûn troch Hodder & Stoughton, en yn 'e Feriene Steaten troch Charles Scribner's Sons. Yn 1929 droech Barrie de auteursrjochten op syn Peter Pan-wurken oer oan it Londenske Bernesikehûs fan Great Ormond Street, dat se foar wat it Feriene Keninkryk oangiet, noch altyd yn besit hat en der al mear as njoggentich jier fan profitearret. It ferhaal fan Peter and Wendy is bûten de Angelsaksyske wrâld benammen bekend fan 'e jûnfoljende tekenfilm Peter Pan, fan Disney, út 1953.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It personaazje fan Peter Pan en de aventoeren dy't er belibbe, kamen fuort út 'e ferhalen dy't Barrie om 1900 hinne optocht foar George en Jack, de soannen fan syn goede freondinne Sylvia Llewelyn Davies. De namme fan Peter Pan komt fan it jongere bruorke fan 'e jonges, Peter (berne yn 1897) en fan 'e Pan, de ûndogenske god fan it wâld út 'e Grykske mytology. Peter Pan ferskynde foar it earst as literêr figuer yn Barrie syn roman The Little White Bird, út 1902.

Neitiid skreau Barrie oer itselde personaazje it toanielstik Peter Pan, or The Boy Who Wouldn't Grow Up, dat op 27 desimber 1904 foar it earst opfierd waard yn Londen, en dat in trochslaand súkses waard dat syn skriuwer ta in ryk man makke. Barrie hold oan mei it oanbringen fan lytse oanpassings yn 'e tekst fan it toanielstik oant it yn 1928 yn syn úteinlike foarm publisearre waard. Yn 1906 waarden de haadstikken út The Little White Bird dêr't Peter Pan yn foarkaam, los publisearre ûnder de titel Peter Pan in Kensington Gardens. Dêrnei wurke Barrie it toanielstik om ta in roman, dy't yn 1911 útkaam ûnder de titel Peter and Wendy, hoewol't er tsjintwurdich gauris werútjûn wurdt as Peter Pan.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peter Pan besiket ferskate jûnen efterinoar it hûs fan it gesin Darling yn 'e Londenske wyk Bloomsbury, dêr't er troch it iepensteande finster de ferhaaltsjes foar bêdtiid ôfharket dy't Mary Darling oan har bern fertelt. Op in nacht wurdt Peter wat te dryst en merke de Darlings him op. Hy ûntsnapt, mar ferliest dêrby syn skaad. Dy nachts keart er werom om syn skaad op te heljen en makket er de dochter fan it hûs, Wendy Darling, wekker. Dy helpt him om syn skaad wer oan him fêst te meitsjen.

As Peter ûntdekt dat sy withoefolle ferhaaltsjes foar bêdtiid út 'e holle ken, nûget er har út om mem te wurden fan syn binde, de Ferdwaalde Jonges. Dy bestiet út bern dy't yn it Londenske park Kensington Gardens harren âldelju kwytrekke binne: Tootles, Nibs, Slightly, Curly en de Twilling. Wendy stimt mei it foarstel yn en nimt har jongere bruorren John en Michael mei. Peter leart harren te fleanen en liedt harren troch de loft nei it magyske eilân Neverland, dêr't de bern út 'e loft sketten wurde mei in kanon. Wendy wurdt by fersin hast ombrocht troch Tootles, en Peter Pan en de Ferdwaalde Jonges bouwe foar har in lyts hûs dêr't se opbetterje kin. Underwilens wurde John en Michael alhiel opnommen yn 'e Ferdwaalde Jonges.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Peter Wendy ferwolkommet yn syn ûndergrûnske wente, nimt sy fuortendaliks de rol fan in memmefiguer op har. Neitiid nimt Peter de Darlings mei op ferskate aventoeren. It earste gefaarlike dêrfan fynt plak yn 'e Lagune fan 'e Seemearminnen, dêr't Peter en de Ferdwaalde Jonges de Yndiaanske prinsesse Tiger Lily rêde en behelle reitsje yn in gefjocht mei de seerôvers fan 'e boasaardige Kaptein Heak.

Dat is de aartsfijân fan Peter Pan. Hy wurdt sels oanhâldend bejage troch in krokkedil dy't him earder de lofterhân ôfbiten hat (dêr't er no by wize fan proteze in heak draacht). De krokkedil hat ek ris in wekker trochslokt, sadat Kaptein Heak oan it tiktakjen hearre kin as de krokkedil yn 'e buert is. Dat hat as gefolch dat de kaptein benaud is fan alle tikjende lûden. By it gefjocht yn 'e lagune rekket Peter ferwûne as Hook him klaud mei syn heak. Hy komt fêst te sitten op in rots yn see wylst it tij opkomt, en mient dat er deagean sil. Dêr is er lykwols net bang fan, mei't er de dea sjocht as "in ôfgryslik grut aventoer". Lokkigernôch stiet in fûgel him ta om syn nêst as in boat te brûken, sadat Peter nei hûs ta farre kin.

As tank foar it rêden fan it libben fan Tiger Lily, bewekje de Yndianen (dy't yn it boek trouwens beskreaun wurde op in wize dy't tsjintwurdich as rasistysk beskôge wurde soe) Peter syn wente tsjin 'e driigjende oanfal troch de seerôvers. Underwilens begjint Wendy fereale te reitsjen op Peter. As se him freget oft er ek gefoelens foar har hat, antwurdet er dat er him fielt as har trouwe soan. Op in dei, as se ferhalen oan it fertellen is oan 'e Ferdwaalde Jonges, komme har âldelju Wendy yn 't sin. Se beslut har bruorren en de oare jonges mei werom nei hûs te nimmen, mar ûnderweis wurde se finzennommen troch Kaptein Heak. Dyselde fergiftiget ek it medisyndrankje fan Peter Pan wylst de jonge sliept.

As Peter wekker wurdt, heart er fan it elfke Tinker Bell dat Wendy finzennommen is. Om it har nei 't sin te meitsjen, beslút er syn drankje yn te nimmen, dêr't sy altyd by him op oanstie om te dwaan. Tinker Bell, dy't gjin tiid hat om him te warskôgjen, drinkt it ynstee gau sels op, wêrmei't se harsels deadlik fergiftiget. Se fertelt Peter dat har libben rêden wurde kin as bern mar yn it bestean fan elfkes leauwe. Om't dat yndie sa is, oerlibbet se it ynsidint. Neitiid bejout Peter him nei it skip fan Kaptein Heak om Wendy en de jonges te rêden, wêrby't er ûnderweis de tikjende krokkedil tsjinkomt. Hy beslút om it tikjen nei te bearen, sadat oare wylde dieren dy't er tsjinkomme kin, ôfskrikt wurde sille. As er oan board fan it skip komt, is er alhiel fergetten dat er noch altyd tikket, mar as Kaptein Heak it tikjen heart, krimpt er yninoar en siket beskûl op in sideplak. Wylst de seerôvers it hiele skip ôfsykje nei de krokkedil, wit Peter Wendy en de Ferdwaalde Jonges te befrijen. De seerôvers komme op it leven ôf, mar Peter ferslacht harren. As er himsels einlings oan Kaptein Heak bekendmakket, folget der in fjochtpartij tusken harren beiden dy't Peter mei gemak wint. Hy skopt de kaptein yn 'e iepene bek fan 'e wachtsjende krokkedil, dy't him ferslynt. Dêrnei nimt Peter de lieding oer it skip oer, dat er nei Londen ta sylt.

Uteinlik komt Wendy ta it beslút dat har plak thús by har âlden is, ta blydskip fan har dea-ûngerêste mem. Se nimt net inkeld har bruorren mei, mar ek de oare Ferdwaalde Jonges. Foar't Wendy-en-dy harren âldershûs berikke kinne, fljocht Peter foar harren út en besiket it finster ôf te sluten sadat Wendy miene sil dat har mem har fergetten is. Mar as er it fertriet fan frou Darling sjocht, nimt er it bittere beslút om it finster iepen te litten. Hy fljocht fuort, mar keart letter foar eefkes werom en komt yn 'e kunde mei frou Darling. Dy hat ûnderwilens op Wendy har oantrúnjen besletten om 'e Ferdwaalde Jonges te adoptearjen. Hja biedt oan om ek Peter oan te nimmen, mar hy slacht it oanbod ôf, om't er benaud is dat er fongen wurde sil en twongen om op te groeien. Der is in oanwizing dat Mary Darling Peter kennen hat doe't se sels in famke wie, want nei't er foargoed ôfset is, bliuwt se oandien efter.

In yllustraasje fan F.D. Bedford út 'e earste edysje.

Peter ûnthjit dat er eltse maityd weromkeare sil om Wendy op te heljen, sadat se yn Neverland útfanhûzje kin. In jier letter komt Wendy sadwaande foar it earst wer op it magyske eilân werom. Tinker Bell is ûnderwilens stoarn, om't elfkes fan natuere mar koart libje. Peter is har hiele bestean lykwols al fergetten. Krektsa is er ek de Ferdwaalde Jonges fergetten en sels Kaptein Heak. Hy wit net wêr't Wendy it oer hat as se oer harren praat, en likemin begrypt er har winsk dat se him mei nei hûs nimme koe.

Epilooch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1908, fjouwer jier nei de earste opfiering fan it toanielstik Peter Pan, skreau Barrie in soarte fan epilooch dy't er de namme joech: When Wendy Grew Up: An Afterthought ("Doe't Wendy Opgroeide: In Lettere Beprakkesearring"). Dy waard yn 1911 as it lêste haadstik opnommen yn 'e roman Peter and Wendy, en kaam yn 1957 út as in selsstannige publikaasje.

Peter keart dêryn jierren letter werom om Wendy te sykjen, mar dy is no folwoeksen en hat sels in dochter dy't Jane hjit. As Peter foar it ferstân kriget dat Wendy him 'ferret' hat troch grut te wurden, is er alhiel te lider slein, oant Jane deryn tastimd om mei te gean nei Neverland as Peter syn nije 'mem'. Yn 'e lêste regels wurdt fermelden dat no ek Jane opgroeid is, mar dat har dochter Margaret as 'mem' mei Peter nei Neverland gien is. Dy syklus sil trochgean salang't bern "fleurich en ûnskuldich en herteleas" binne.

Ferfolch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2006 ferskynde fan 'e hân fan Geraldine McCaughrean in offisjele ferfolchroman op Peter and Wendy, mei as titel Peter Pan in Scarlet. Dêryn keare Wendy en de oaren werom nei Neverland en komt Tinker Bell wer ta libben.

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike toanielstik Peter Pan, or The Boy Who Wouldn't Grow Up en de roman Peter and Wendy binne neitiid adaptearre ta in grut tal oare media. Sa is der in pantomym fan makke, ferskate musicals en in tillefyzjefilm. Ek is it ferhaal ferskate kearen ferfilme, de earste kear as de stomme film Peter Pan, út 1924. Fierwei it bekendst is de jûnfoljende Disney-tekenfilm Peter Pan, út 1953. Yn 2003 waard fierders in live action-film makke, Peter Pan. Ferskate oare films borduerje fuort op it materiaal fan it toanielstik en de roman, lykas de tekenfilm Return to Never Land, út 2002, en de live action-film Hook, út 1991. Ek hat Disney oan it personaazje fan Tinker Bell in hiel eigen filmsearje wijd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.