Springe nei ynhâld

Charles Scribner's Sons

Ut Wikipedy
Charles Scribner's Sons
algemien
hist. namme Baker & Scribner
Charles Scribner Company
Scribner Book Companies
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1846
oprjochter Charles Scribner I en
Isaac D. Baker
eigner CBS Corporation
mem Simon & Schuster
offisjele webside
gjint

Charles Scribner's Sons, of koarwei Scribner's, is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. Foarhinne naam dit bedriuw in foaroansteande posysje yn 'e Amerikaanske útjouwersbrâns yn, mei't it wurken publisearre fan literêre reuzen as Ernest Hemingway, F. Scott Fitzgerald en Robert A. Heinlein. Yn 1984 ferlear Scribner's lykwols syn selsstannichheid, en tsjintwurdich is it in ymprint fan Simon & Schuster.

Scribner's waard yn 1846 oprjochte troch Charles Scribner I en Isaac D. Baker, ûnder de namme Baker & Schribner. Nei Baker syn ferstjerren kocht Schribner dy syn oandiel yn it bedriuw op fan 'e erven, en feroare er de namme yn 'e Charles Scribner Company. Yn 1865 begûn de útjouwerij foar it earst njonken boeken ek tydskriften út te jaan.

It Scribner Building, yn New York.

Yn 1870 waard foar de útjefte fan it tydskrift Scribner's Monthley de dochterûndernimming Scribner & Company oprjochte. Nei it ferstjerren fan Charles Scribner I, yn 1871, naam syn soan John Blair Scribner it bewâld oer. Dy syn bruorren Charles Scribner II en Arthur Hawley Scribner waarden yn 1875, resp. 1884 ek fennoaten, en tsjinnen elts in hoart as direkteur. Doe't de oare partners harren oandiel ferkeapje woene, kochten de bruorren harren út en waard de namme fan it bedriuw feroare yn Charles Scribner's Sons.

It St. Nicholas Magazine, ien fan 'e bekendste Amerikaanske tydskriften foar bern, waard fanôf 1873 útjûn troch Scribner's. Doe't de bruorren harren tydskrifte-útjouwerij yn 1881 fan 'e hân diene, waard de namme fan Scribner's Monthley feroare yn Century Magazine. Yn 1886 sette Scribner's útein mei de publikaasje fan in nij tydskrift, mei as namme ienfâldichwei Scribner's Magazine. Dat tydskrift waard in begryp yn 'e Amerikaanske literêre fermiddens en soe bestean bliuwe oant 1939. Yn 1934 waard der yn 'e útjouwerij in spesjale ôfdieling oprjochte foar de útjefte fan berneboeken.

Yn 'e earste helte en de midden fan 'e tweintichste iuw wie Scribner's ûnder it bestjoer fan Charles Scribner III en letter Charles Scribner IV ien fan 'e meast foaroansteande Amerikaanske útjouwerijen, dêr't wurken publisearre waarden fan ferneamde skriuwers as Ernest Hemingway, F. Scott Fitzgerald, Kurt Vonnegut, Robert A. Heinlein, Thomas Wolfe en Stephen King. Ferskate boeken dy't by Scribner's útbrocht wiene, waarden bekroane mei in Pulitzerpriis. Yn 1978 fúzjearre Scribner's mei Atheneum Books ta de Scribner Book Companies. Dat bedriuw gie yn 1984 op yn Macmillan Publishers USA. Macmillan waard op syn beurt yn 1994 oernommen troch Simon & Schuster, dat wer in ûnderdiel fan 'e CBS Corporation is. Simon & Schuster hat de namme 'Scribner' as ymprint beholden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.