Springe nei ynhâld

Tinker Bell

Ut Wikipedy
Tinker Bell
Tinker Bell yn har bekendste foarm, út 'e Disney-film Peter Pan
Tinker Bell yn har bekendste foarm, út 'e
Disney-film Peter Pan
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje elfke
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Peter Pan
Wendy Darling
Kaptein Heak
Tiger Lily
geastlike heit J.M. Barrie
ûntstean 1904
Dizze side giet oer it fiktive personaazje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Tinker Bell (betsjuttingsside).

Tinker Bell, yn guon Nederlânsktalige oersettings ek wol Tinkelbel neamd, is in fiktyf personaazje yn 'e foarm fan in minuskule wjukte pixie (of elfke) út it toanielstik Peter Pan, dat yn 1904 skreaun waard troch de Skotske auteur J.M. Barrie. Itselde personaazje kaam ek foar yn 'e roman Peter and Wendy, dy't Barrie yn 1911 op basis fan it toanielstik skreau, en yn alle adaptaasjes ta oare media dy't neitiid wer op dat boek basearre waarden. Tinker Bell waard benammen bekend yn 'e foarm dy't har oanmetten waard foar de wrâldferneamde Disney-tekenfilm Peter Pan, út 1953.

Yn it wurk fan Barrie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har geastlike heit J.M. Barrie omskreau Tinker Bell as in ierdgeast dy't potten en tsjettels reparearret, in wiere, boppenatuerlike tsjettellapper (Ingelsk: tinker). Har spraak bestiet út 'e lûden fan in rinkeljend beltsje, dy't inkeld ferstien wurde kinne troch dyjingen dy't bekend binne mei de taal fan pixies. Yn 'e earste ferzje fan syn toanielstik woe Barrie har eins Tippy-toe neame, mar by it neilêzen fan 'e tekst foar de definitive ferzje betocht er ynstee de namme Tinker Bell.

Yn it toanielstik Peter Pan, út 1904, en de dêrop basearre roman Peter and Wendy, út 1911, komt Tinker Bell soms nei foarren as humeurich, bedoarn, jaloersk en wraaksuchtich. Se is lykwols ek nijsgjirrich, en behelpsum en freonlik foar Peter Pan. Dy ekstremen yn har persoanlikheid leit Barry út troch derop te wizen dat Tinker Bell troch har minuskule grutte mar ien emoasje tagelyk hawwe kin; dus as se lulk is, bestiet der yn har wêzen gjin romte foar bgl. begrutsjen dat de lulkens bedimje soe.

Oan 'e ein fan 'e roman, as Peter weromfljocht om in âldere Wendy te finen, wurdt ferteld dat Tinker Bell ferstoarn is yn it jier nei't Wendy en har bruorren it magyske eilân Neverland ferlitten hawwe, en dat Peter him har no net mear tebinnenbringe kin.

Peter Pan (1924)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e live action-film Peter Pan, út 1924, waard de rol fan Tinker Bell spile troch aktrise Virginia Browne Faire.

Peter Pan (1953)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jûnfoljende tekenfilm Peter Pan, fan Walt Disney, út 1953, waard Tinker Bell foarsteld mei blûn hier, blauwe eagen, in grien jurkje en griene slofkes mei wite pompoms derop. Hja is oantreklik en hat in oerdreaun sânrinnerfiguer. Yn 'e film en yn 'e offisjele Disney Character Archives wurdt Tinker Bell oantsjut as in pixie ("elfke"), wylst har betinker Barrie yn syn wurken inkeld de folle algemienere term fairy ("ierdgeast") brûkte. Al har bewegings wurde yn 'e film oanhâldend folge troch in lyts bytsje fan har magyske elfkestof (pixie dust), dat minsken fleane litte kin salang't se blide gedachten hâlde.

It personaazje hat gjin dialooch, en as Peter Pan mei har praat, klinke der lûden fan in lyts beltsje as se wat weromseit. Nettsjinsteande dat waard dizze ynkarnaasje fan Tinker Bell fierwei it bekendst. It elfke ûntjoech har sels ta ien fan 'e wichtichste ûnoffisjele maskottes fan The Walt Disney Company, en wurdt hjoed de dei oer de hiele wrâld as sadanich werkend. De Disney-foarm fan Tinker Bell sprinzget har magyske elfkestof (pixie dust) om har hinne mei in toverstokje, hoewol't se yn 'e film út 1953 feitliks nea in toverstokje brûkt. It ferhaal giet dat de orizjinele animearre Disney-ferzje fan Tinker Bell foarmjûn waard nei de likenis fan aktrise Marilyn Monroe. Dat is lykwols in myte. Disney-animator Marc Davis besearre har uterlik eins op dat fan aktrise Margaret Kerry.

In aktrise ferklaaid as Tinker Bell yn it ferdivedaasjepark Disneyland, yn Anaheim.

Yn novimber 2009 waard Tinker Bell yn har Disney-ynkarnaasje as it lytste waaksen byldsje ea (14 sm) opnommen yn it waaksenbyldemuseum fan Madame Tussaud. En op 21 septimber 2010 krige Tinker Bell har eigen stjer (de 2.418e) op 'e Hollywood Walk of Fame. Dêrmei wie se noch mar it trettjinde fiktive personaazje ea dat dy ear te'n diel fallen wie.

Oare Disney-publikaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1954 is Tinker Bell brûkt foar withoefolle advertinsjes en reklamespotsjes foar The Walt Disney Company. Ek wie se te sjen, spile troch in aktrise fan minsklike grutte, yn 'e ûnderskate ferdivedaasjeparken fan Disney, en waard se as stripfiguer brûkt foar in grut tal Disney-strips. Yn 1988 hie se in cameo yn 'e mingde live action-animaasjefilm Who Framed Roger Rabbit?, tegearre mei Porky Pig. Dêrby sprinzget se har elfkestof oer it byldskerm nei't Porky syn bekende ôfskiedsgroet "Th-th-th-that's all folks!" utere hat, krekt foar't it byld swart wurdt en de ôftiteling begjint.

Yn 2005 begûn Disney de nije Disney Fairies-mediafranchise, wêrfan't Tinker Bell it mulpunt foarme. De jûnfoljende animaasjefilm Tinker Bell, út 2008, wie de earste fan 'e Tinker Bell-filmsearje, en waard folge troch Tinker Bell and the Lost Treasure (2009), Tinker Bell and the Great Fairy Rescue (2010), Tinker Bell and the Secret of the Wings (2012), Tinker Bell and the Pirate Fairy (2014) en Tinker Bell and the Legend of the NeverBeast (2015). Fierders hie se ek de haadrol yn 'e koarte tekenfilm Pixie Hollow Bake Off (2013) en wie se te sjen yn 'e koarte tekenfilm Pixie Hollow Games (2011). Yn alle Tinker Bell-films waard de stim fan Tinker Bell ynsprutsen troch aktrise Mae Whitman.

De filmsearje is eins in prequel fan 'e film Peter Pan út 1953. Tinker Bell wennet yn 'e films noch yn Pixie Hollow, it domein fan 'e elfkes op it magyske eilân Neverland, en is noch net mei Peter Pan yn 'e kunde kommen. Yn Tinker Bell and the Secret of the Wings komt oan it ljocht dat Tinker Bell in twillingsuster hat, it froastelfke Periwinkle út 'e Winter Woods.

Yn 'e live action-film Hook, út 1991, waard de rol fan Tinker Bell spile troch Julia Roberts as in wjukt, fyftjin sintimeter lang, jongeseftich elfke mei read hier. Se is klaaid yn in fersliten learene tunyk en hat in dagge oan har boppeskonk fêst gaspe. Se hat krêft dy't bûten eltse proporsje is, har lytse stal yn oanmerking nommen; sa kin se in folwoeksen man optille en fuortdrage, en wylst se fljocht in swurd fan minsklike grutte brûke om mei te skermjen. Hook is ek de iennichste ferzje fan it ferhaal wêryn't Tinker Bell minsklike grutte oannimme kin.

Yn 'e film nimt se de no folwoeksen Peter Pan mei nei Neverland om syn bern te rêden fan Kaptein Heak. Se kriget Heak safier dat dy har trije dagen de tiid jout om it ferlerne ûnthâld fan Peter te genêzen, sadat der sprake wêze kin fan in earlik gefjocht tusken Heak en Peter. Nei't Peter syn oantinkens wer weromkrigen hat, 'winsket' Tinker Bell harsels ta de grutte fan in minsklike frou om him te tútsjen. Nei't Peter weromkeard is nei Londen, ferskynt se noch ien kear oan him, op it stânbyld fan Peter Pan yn Kensington Gardens, om him te fertellen dat se altyd fan him hâlde sil.

Peter Pan (2003)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Peter Pan, út 2003, wie regisseur P.J. Hogan oarspronklik fan doel om in kompjûteranimearre ferzje fan Tinker Bell te brûken. Uteinlik keas er der lykwols foar om 'e rol yn kombinaasje mei special effects spylje te litten troch Ludivine Sagnier, sadat it eflke natuerliker gesichtsútdrukkings krige.

Op 'e tillefyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e tillefyzje waard de rol fan Tinker Bell spile troch:

Yn oare literêre wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peter Pan in Scarlet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Peter Pan in Scarlet, de offisjele ferfolchroman op Peter and Wendy, dy't yn 2006 ferskynde, keart Tinker Bell werom. Yn dat boek geane Wendy en de oaren wer nei Neverland. As Wendy dêr oan Peter Pan freget wêr't Tinker Bell is, antwurdet er dat er net wit wa't dat is. Peter Pan in Scarlet slút dêrmei oan op Peter and Wendy, wêryn't ferteld waard dat Tinker Bell kaam te ferstjerren yn it jier nei't Wendy en har bruorren Neverland ferlieten, en dat Peter him har neitiid net mear tebinnenbringe koe.

Wendy en de Ferdwaalde Jonges moetsje letter Fireflyer, in grappich blau elfke, oan wa't se ferhalen oer Tinker Bell fertelle. As Fireflyer de top fan 'e Neverpeak berikt, docht er in winsk om har te moetsjen. Letter wurdt de skatkiste fan Kaptein Heak iepene en blykt dêr ta freugde fan Fireflyer ek Tinker Bell yn te sitten. Yn 't earstoan kin se him net útstean, mar sa njonkelytsen komt se ta de konklúzje dat se dochs wol oer him mei. Uteinlik trouwe se en begjinne se dreamen te ferkeapjen oan 'e Swalkers, de eardere Ferdwaalde Jonges dy't troch Peter fuortstjoerd binne.

Peter and the Starcatchers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e romansearje Peter and the Starcatchers makket Tinker Bell foar it earst har opwachting oan 'e ein fan it earste boek. Yn dizze ferzje is se fan oarsprong in grien-giele fûgel, dy't yn in elfke feroare is nei't se yn in pûde stjerrestof stoppe is. De ferneamde stjerrefanger Lord Leonard Aster stelt har oan as beskermster fan Peter, en neitiid folget se him by al syn aventoeren. Allinnich hy kin har folslein neikomme, mar hy bringt yn 'e regel net oan oaren út wat se seit, om't it almeast om misledigings giet. Se hat der in grouwéligen hekel oan as Peter oandacht besteget oan oare froulju. Ek is se by steat om in tige fel ljocht út te strieljen, dat se as wapen tsjin Peter syn fijannen brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.