Pixie

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Elfke)
It Disney-personaazje Tinker Bell is nei alle gedachten de bekendste pixie.
Net te betiizjen mei it flinterskaai fan 'e elfkes (Callophrys).

In pixie of piskie is in mytysk wêzen út 'e folkloare fan Ingelân. It wurdt foarsteld as in soarte fan elf, mar dan folle lytser as in minske, ter grutte fan in kabouter of noch lytser. Yn it Frysk en Nederlânsk wurdt foar sokke wêzens oer it algemien de minder spesifike term elfke brûkt. Pixies lykje yn Ingelân benammen konsintrearre te wêzen op de heechlizzende moorlands yn 'e súdwestlike greefskippen Cornwall en Devon, wat wiist op in Keltyske oarsprong foar it leauwen yn it bestean fan sokke wêzens. De etymology fan 'e term pixie is lykwols ûndúdlik. Guon taalkundigen hawwe spekulearre oer in ôflieding fan it Sweedske dialektyske pyske, dat likernôch deselde betsjutting hat, mar oaren hawwen dêrtsjin ynlein dat it net oannimlik is dat Noardgermaanske lienwurden allinnich yn súdwestlik Ingelân ynboargere rekke wêze en oant de dei fan hjoed oerlibbe hawwe soene.

Pixies soene libje yn ûndergrûnske wenten op plakken lykas stienrûnten, grêfheuvels, hunebêden en menhirs. Ut 'e tradisjonele folksferhalen fan súdwestlik Ingelân komme se nei foarren as oer it algemien goedaardich mar ûndogensk yn hâlden en dragen, en lyts fan stal en ynnimlik bernich fan uterlik. Se soene graach dûnsje meie en soms nachts yn grutte oantallen gearkomme om harren dûnsen út te fieren en mei-inoar te wrakseljen.

Tsjintwurdich wurde pixies, benammen ûnder ynfloed fan it personaazje Tinker Bell, út 'e Disney-tekenfilm Peter Pan (1953), oer it algemien foarsteld as net folle grutter as in minsklike finger, mei earen dy't fan boppen puntich binne, en mei libelle-eftige wjukjes op 'e rêch dêr't se mei fleane kinne. Se soene fierders yn 'e regel griene klean drage. Dizze moderne foarstelling fan 'e pixie datearret lykwols út 'e Fiktoriaanske Tiid en makket net needsaaklikerwize diel út fan 'e âldere folkloare. Pixies wurde gauris lykslein mei sprites, hoewol't dat neffens de folkloare in oar ras fan mytyske wêzens is, mei wa't de pixies in tradisjonele fijânskip ûnderhâlde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.