Tsjettellapper

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjettellapper, Poalen 19e iuw

In Tsjettellapper wie in ambachtsman dy't keukenrêding sa as tsjettels reparearre. It berop is yn Nederlân útstoarn.

Yndertiid wiene soksoarte saken meast fan koper. Fersliten plakken koene oplape wurde middels it soldearjen, mei tin, fan in 'lape' metaal oer it swakke plak hinne. Koperen tsjettels hiene oan de binnenkant in koperlaagje dat foarkaam dat it iten kontakt krige mei it koper. Dy tinlaach koe de tsjettellapper ek reparearje.

De tsjettellapper wie faak in omreizgjende selstannige dy't ek wol tsjettelboetsjer of panneboetker neamd waard (boetsje is in âld wurd foar reparearjen). It besibbe berop fan koperslagger rjochte him mear op it meitsjen fan nije dingen.

It Ingelske ekwifalint Tinker (ôflaat fan it elemint tin) wurdt yn Ierlân en Grut-Brittanje ek brûkt om omreizgjende lju sa as sigeuners en de Ierske Travellers oan te tsjutten. 'Tinker' wurdt yn sa'n gefal field as in skelwurd foar hannelers by de streek dy't oeral oanbelje om messen te slypjen en tsjettels op te meitsjen.