Springe nei ynhâld

Teun Kuilboer

Ut Wikipedy
Teun Kuilboer
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Teun Kuilboer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 septimber 1982
berteplak Haarlim (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
Teun Kuilboer op Twitter

Teun Kuilboer (Haarlim, 21 septimber 1982) is in Nederlânsk film-, tillefyzje- en toanielakteur. Hy waard bekend mei in rol yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden, mar ferliet dy tillefyzjerige al nei in jier. Sûnt hat Kuilboer û.m. rollen hân yn 'e searjes Meiden van De Wit, Zoop en De Co-assistent, en films as Volle Maan, De Heineken Ontvoering, Nova Zembla en Redbad.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kuilboer waard yn 1982 berne yn Haarlim. Al fan jongs ôf oan hied er belangstelling foar toaniel en teäter. Sadwaande folge er kursussen op it mêd fan toanielspyljen, en teffens workshops oangeande teäter. Op 'e middelbere skoalle naam er diel oan in teäterklasse. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, wurke er earst as helpkok yn in restaurant.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kuilboer syn karriêre begûn yn 2001, doe't er in baan krige by it bedriuw Script Studio's Scenario's, dat û.m. ferantwurdlik wie foar de senario's fan soapsearjes as Goede Tijden, Slechte Tijden, Onderweg naar Morgen, en Goudkust. Dêr waard er 'ûntdutsen' troch de skriuwers fan Goede Tijden, Slechte Tijden, dy't fûnen dat er sa op akteur Ferri Somogyi liek, dat se foar him it personaazje Job Zonneveld skoepen, de soan fan Somogyi syn personaazje. Kuilboer bleau in jier by Goede Tijden, Slechte Tijden, oant syn kontrakt ôfrûn wie. De skriuwers wisten net dat hy fan doel wie om oar wurk te sykjen, en dêrom skreaune se om dy tiid hinne in lange ferhaallinne om syn personaazje hinne. Doe't er opstapte, sette dat sadwaande nochal wat kwea bloed, mei't men doe twongen wie om syn personaazje tydlik troch in oare akteur spylje te litten (te 'recasten') om 'e ferhaallinen wer út 'e tiis te krijen.

Neitiid spile Kuilboer fan 2002 oant 2005 yn 'e dramarige Meiden van De Wit en fan 2005 oant 2006 yn 'e searje ZOOP. Doe't der in ein kaam oan syn rol as Olivier van Echteren yn Meiden van De Wit, woe Kuilboer wol wer werom nei Goede Tijden, Slechte Tijden, mar om't syn 'tillefyzjeheit' Somogyi dy rige ûnderwilens de rêch takeard hie, seagen de makkers dêr gjin heil yn. Kuilboer wie doe in skoft lang fierhinne oanwiisd op gastrollen yn searjes as Dunya & Desie (2004), Samen (2006) en Flikken Maastricht (2011). Weromkearende rollen hied er yn De Co-assistent (2008), as Maurits Biesterfeld, en Floor Faber (2009), as Erik. Yn 2012 wied er te sjen yn 'e rige Van God Los, en yn 2015 spile er yn it twadde seizoen fan 'e dramasearje Bluf de rol fan 'e jonge pokerder Julian, byneamd Darkhorse. Ek wie Kuilboer op it toaniel te sjen yn foarstellings as Onze Jeugd (2003-2004) en Romeo over Julia (2008-2009).

Op it wite doek makke Kuilboer yn 2002 syn debút as Rikki Kuperus yn Volle Maan. Njonken ferskate koarte films en tillefyzjefilms wied er ek te sjen yn 'e spylfilms SEXtet (2007), Skin (2008), Den Helder (2008) en Stella's Oorlog (2009). Yn De Heineken Ontvoering (2011), oer de ûntfiering fan Freddy Heineken, spile er ûntfierder Frans Meijer, en yn Nova Zembla (2011), oer de oerwintering op Nova Zembla, hied er de rol fan Pieter Vos. Yn 2015 spile Kuilboer de rol fan Patrick van Zuydewijn yn Bon Bini Holland. Yn 2018 wied er te sjen yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme. Kuilboer spile dêryn de (net histoaryske) foargonger fan Redbad, 'kening Jurre'.

Under syn tiid by Goede Tijden, Slechte Tijden hie Kuilboer in skoftke in relaasje mei syn tsjinspylster Aukje van Ginneken. Nei in jier makke dy it lykwols mei him út. Yn 2003 makken Kuilboer en Katja Schuurman bekend dat se in relaasje hiene, mar ek dat rekke al rillegau wer út. Yn 2012 kaam Kuilboer syn mem, senarioskriuwster Desiree Duwel, op 48-jierrige leeftyd te ferstjerren.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: