Nova Zembla (film)

Ut Wikipedy
Nova Zembla
film
makkers
regisseur Reinout Oerlemans
produsint Reinout Oerlemans
Hans de Weers
senario Reinout Oerlemans
kamerarezjy Lennert Hillege
muzyk Melcher Meirmans
Merlijn Snitker
Chrisnanne Wiegel
filmstudio (ûnôfhinklik)
distribúsje Benelux Film Distributors
spilers
haadrollen Robert de Hoog
Derek de Lint
Victor Reinier
Doutzen Kroes
Jan Decleir
byrollen Teun Kuilboer
Semmy Schilt
Juda Goslinga
Mads Wittermans
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
premiêre 23 novimber 2011
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske film
taal Nederlânsk
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget €7 miljoen

Nova Zembla is in Nederlânske histoaryske film út 2011 ûnder rezjy fan Reinout Oerlemans, mei yn 'e haadrollen Robert de Hoog, Derek de Lint, Victor Reinier, Doutzen Kroes en Jan Decleir. It is in ferfilming fan 'e ferneamde Oerwintering op Nova Sembla troch in groep Nederlânske skipbreklingen yn 'e winter fan 1596 op 1597. Nova Zembla is in ûnôfhinklike film, dy't produsearre waard troch regisseur Oerlemans en Hans de Weers, op basis fan in senario dat ek troch Oerlemans skreaun wie. It wie de earste Nederlânske jûnfoljende 3D-film. De resinsjes wiene net bêst, mar de film waard yn 'e bioskopen dochs goed besocht.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nova Zembla romantisearret de lêste Nederlânske ekspedysje dy't yn maaie 1596 útstjoerd waard om 'e Noardeastlike Trochfeart te finen. Men tocht dat dy farrûte by de noardkust fan Jeropeesk Ruslân en Sibearje lâns tagong jaan soe ta East-Aazje, mei de lukrative hannelsbestimmings fan Sina en Japan. Yn wurklikheid wie de see dêr yn dy tiid (de Lytse Iistiid) frijwol it hiele jier tichtferzen, dat al it sykjen wie om 'e nocht. De ekspedysje, ûnder lieding fan 'e Skylger skipper Willem Barents, komt by de Russyske eilannegroep Nova Sembla fêst te sitten yn it iis, dat harren skip, De Windhond, fynknypt. Dêrnei binne de santjin opfarrenden twongen om 'e winter fan 1596 op 1597 op Nova Sembla troch te bringen.

De film besjocht dit wierbarde ferhaal troch de eagen fan 'e histoaryske persoan fan Gerrit de Veer (dy't der letter in reisferslach oer skriuwe soe dat it misse aventoer ferneamd makke). Hy wurdt folge wylst er mei skipper Barents, de bekende kaptein Jacob van Heemskerck (dy't as kommys meifear op De Windhond) en de oare opfarrenden de winter oerbliuwt yn in 't Behouden Huys, in hutte dy't se yninoar timmerje fan driuwhout en materiaal dat se fan it skip helje.

Tusken alle ûntbearings, gefaren en ferfeling troch is der omtinken foar in (troch Oerlemans optochte) românse tusken De Veer en de (net histoaryske) Catharina Plancius, de dochter fan 'e Amsterdamske predikant en kartograaf Petrus Plancius, dy't ien fan 'e driuwende krêften efter de ekspedysje is. Nei de lange poalwinter sette de trettjin oerlibbenen fan Nova Sembla ôf yn 'e sloep fan De Windhond, wêrmei't se nei in tocht fan mear as tûzen seemyl de kust fan it Kola-skiereilân berikke. Underweis komt Barents te ferstjerren, wêrnei't Van Heemskerck de lieding oernimt. Yn Kola wurde se oppikt troch in Nederlânsk keapfardijskip dat harren mei werom nei hûs nimt.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Gerrit de Veer Robert de Hoog
Willem Barents Derek de Lint
Jacob van Heemskerck Victor Reinier
Catharina Plancius Doutzen Kroes
Petrus Plancius Jan Decleir


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Pieter Vos Teun Kuilboer
Claes Semmy Schilt
Laurens Juda Goslinga
de sjirurgyn Mads Wittermans
Jan Fransz. van Haerlem Jochum van der Woude
Harmen Herman Egbers
Oene Arjan Duine
Adriaan Arend Brandligt
de kok Bas Keijzer
Ginger Remon de Koning

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nova Sembla waard regissearre troch Reinout Oerlemans, dy't dêrnjonken mei Hans de Weers tsjinstdie as filmprodusint, en dy't ek noch sels tekene foar it senario. It wie foar Oerlemans de twadde film dy't er regisearre, nei it tige súksesfolle Komt een Vrouw bij de Dokter. De kamerarezjy waard dien troch Lennert Hillege, en de filmmuzyk waard komponearre troch Melcher Meirmans, Merlijn Snitker en Chrisnanne Wiegel. Benelux Film Distributors fersoarge de distribúsje.

De film waard opnommen op lokaasje yn Iislân, Belgje, Kanada en Nederlân. De Amsterdamske sênes waarden draaid yn it Flaamske Brugge. Oerlemans-en-dy hiene foar it meitsjen fan Nova Zembla in budget fan 7 miljoen. De film gie yn 'e bioskopen op 23 novimber 2011 yn premiêre yn Belgje, en in dei letter, op 24 novimber, yn Nederlân.

Histoarisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Louwrens Hacquebord, direkteur fan it Arktysk Sintrum yn Grins, naam yn 1992 diel oan in mienskiplike Russysk-Nederlânske argeologyske ekspedysje nei Nova Sembla, dy't ûndersyk die nei de resten fan ’t Behouden Huys. Hy pleatste in stikmannich krityske kanttekenings by de film. "De bemanning wurdt ôfskildere as in groep rauwe keardels – se sûpe en huorkje – wylst Barents doedestiden krekt keas foar belêzen en troude mannen. De werjefte fan it poalgebiet kloppet ek net, de bemanning sjocht yn augustus, it is dan poalsimmer en 24 oeren deis ljocht, nei in stjerrehimel. De sfear ûnder de bemanning wie oars as yn 'e film net hingerich, mar krekt posityf mei in soad dissipline, ynventiviteit en trochsettingsvermogen."[1]

Gerrit de Veer, de haadpersoan fan 'e film, skreau letter in reisferslach dat de Oerwintering op Nova Sembla ferneamd makke. Hy neamde dêryn dat de skipbreklingen oan 'e ein fan 'e poalwinter op 24 jannewaris 1597 foar it earst yn twa moannen de sinne wer seagen. Lange tiid late dat ta ûnbegryp mank astronomen, dy't dy earste sinne-opkomst op grûn fan harren berekkenings pas twa wiken letter ferwachten. Pas yn 1998 waard der in ferklearring fûn: in arktyske loftspegeling, dy't nei de oerwintering ferneamd waard as it Nova Sembla-effekt. Dit ferskynsel wurdt yn 'e film wol toand, mar op in net histoaryske wize.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske tydskrift Variety makke barnhout fan Nova Zembla en neamde it aktearwurk "planút swak" en de plot "fierstente meager". It blêd wie ek net te sprekken oer it kamerawurk en de montaazje. Hoewol't de film yn 3D wie, miste er neffens Variety it 'wow-effekt'. Fierders fûn it blêd dat der fierstente lichtfuottich omsprongen wie mei de histoaryske korrektens fan 'e Oerwintering op Nova Sembla.[2] Regisseur Oerlemans joech de histoaryske ûnkrektens trouwens ta yn in fraachpetear mei it tillefyzjeprogramma Shownieuws op 28 novimber 2011.

Fan 'e binnenlânske media fûn NRC Handelsblad dat Nova Zembla "in útputtingsslach foar de sjogger" wie. Ek berjochte dy krante oer bioskooppublyk dat "der net oer út koe hoe min oft de film wie."[3] De resinsjewebside FilmTotaal hie in justjes positiver oardiel en neamde Nova Zembla "in fermaaklik en deeglik famylje-epos," dêr't Robert de Hoog en Derek de Lint "weardige rollen" yn delsetten. It aktearwurk fan model Doutzen Kroes yn har earste filmrol waard "fertsjinstlik" neamd, hoewol't FilmTotaal har Fryske aksint betreure. Mar de webside hie ek krityk op de oermjittige ferienfâldiging fan it histoaryske ferhaal, de rommelige montaazje en de ûnlogyske sprongen yn 'e tiid, dy't foarkamen dat de film ea wier meislepend waard.[4]

De webside NU.nl spriek fan in technysk knap makke film, dy't lykwols ek ôfstanlik bleau. "De kjeld is fielber, de tragyk net. Behalven Robert de Hoog bliuwt de bemanning karikaturaal of kleurleas." De film twong neffen NU.nl bewûndering ôf, mar liet de sjogger úteinlik kâld.[5] Het Parool miende dat Nova Zembla yn dramatysk opsjoch net folle mear yndruk makke as de bekende skoalplaat fan Cornelis Jetses dy't de Oerwintering op Nova Sembla útbyldet.[6] En nlfilmdoek.nl, ta einbeslút, spriek fan in fraaie trijediminsjonele foarmjouwing, mar mei personaazjes dy't sa plat bliuwe as in dûbeltsje.[7]

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande de minne resinsjes loek Nova Zembla in soad bioskoopgongers en waard de film foar Nederlânske begripen in kassúkses. Binnen fjouwer dagen nei de premiêre wiene der al 100.000 besikers west, en dêrmei krige Nova Zembla de status fan gouden film. Twa wiken letter waard it oantal fan 400.000 besikers berikt, wêrmei't it in platina film waard. Begjin 2012 stie de teller op 635.000 besikers. Nova Zembla waard yn 2012 nominearre foar twa Rembrandt Awards.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haselhoef, Ali, Nova Zembla barst van de knullige fouten, yn: it Algemeen Dagblad, 26 novimber 2011.
  2. Hoeij, Boyd van, Nova Zembla, yn: Variety, 1 jannewaris 2012.
  3. Bahara, Hasan, In Nederland, yn: NRC Handelsblad, 5 jannewaris 2012, s.3.
  4. ——, Nova Zembla (2011), op: FilmTotaal, 23 novimber 2011.
  5. Nientied, André, Nova Zembla – Reinout Oerlemans, op: NU.nl, 23 novimber 2011.
  6. ——, Nova Zembla***, yn: Het Parool, 23 novimber 2011.
  7. Melchers, Fabian, Nova Zembla: recensie, op: nlfilmdoek.nl, 23 novimber 2011.