Springe nei ynhâld

preHistorisch Dorp

Ut Wikipedy
preHistorisch Dorp
Besikers yn it preHistorisch Dorp
Besikers yn it preHistorisch Dorp
algemiene ynformaasje
hist. namme Historisch OpenluchtMuseum
   Eindhoven
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. iepenloftmuseum
wurkmêd skiednis
fêstige yn Eindhoven (Noard-Brabân)
oprjochte 1982
offisjele webside
www.prehistorischdorp.nl

It preHistorisch Dorp is in Nederlânsk iepenloftmuseum yn 'e Genneper Parken oan 'e Boutenslaan yn 'e stêd Eindhoven. It makket ûnderdiel út fan it gruttere ferbân fan it Eindhoven Museum. It preHistorisch Dorp is wijd oan 'e Nederlânske skiednis en beljochtet seis histoaryske tiidrekken, fan 'e prehistoarje oant de Tachtichjierrige Oarloch. It museum waard yn 1982 iepene, en yn it gemiddelde jier 2005 waarden der likernôch 60.000 besikers ferwolkomme. Dêrûnder binne fral in soad skoalgroepen, dy't, as dat nedich is, yn 'e museumpleatsen oernachtsje kinne. Yn 'e wykeinen en de fakânsjes komme der ek in protte deirekreänten yn it iepenloftmuseum.

Ynformaasje-oerdracht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In diel fan 'e ynformaasje-oerdracht yn it preHistorisch Dorp wurdt dien yn 'e foarm fan libbene skiednis, dy't opfierd wurdt troch akteurs. Ek wurdt der geregeldwei op histoaryske wize itensean, kinne der Midsiuwske spultsjes dien wurde en wurde der workshops oanbean op it mêd fan bgl. beamstamkanofarren, bôgesjitten en it meitsjen fan fibula's.

It preHistorisch Dorp waard yn 1982 oprjochte troch in groep ûnderwizers, doe noch ûnder de namme Historisch OpenluchtMuseum Eindhoven. Yn 'e earste tsien jier waard mei help fan in protte frijwilligers en wurkleazen in doarp út 'e Izertiid opboud. Doe't dêr yn 1995 in libbenseksperimint holden waard, helle dat alle lanlike en in diel fan 'e bûtenlânske media. By dat eksperimint loek in lytse groep minsken (wêrûnder de doetiidske direktrise fan it museum, Anneke Boonstra) him werom om te besykjen en libje sa't de lju dat yn 'e Izertiid dien hiene.

Ein jierren '90 krige it iepenloftmuseum subsydzje fan 'e Jeropeeske Uny, wêrmei't it yn relatyf koarte tiid útwreidzje koe oant it twaris sa grut as it earder wie. Doe kaam der ek in oar grut temadoarp by, dat wijd wie oan 'e Midsiuwen. Sûnt dy tiid hawwe der ferskate koarte libbenseksperiminten yn it museum plakfûn.

Yn 2012 fúzjearren it Historisch OpenluchtMuseum Eindhoven en Museum Kempenland ta it nije Eindhoven Museum. Sûnt 2016 wurdt foar it iepenloftdiel fan dat museum de namme 'preHistorisch Dorp' brûkt. De lytse letter p en de grutte letter H binne bedoeld om dúdlik te meitsjen dat it net inkeld om 'e prehistoarje giet, mar ek om oare, histoaryske tiidrekken.

It preHistorisch Dorp is ien fan 'e oprjochtsjende lidorganisaasjes fan EXARC, de ynternasjonale feriening fan argeologyske iepenloftmuseä. Fan 2006 oant en mei 2009 wie it organisator fan in projekt dêr't acht argeologyske iepenloftmuseä yn Jeropa oan meidiene. Yn 2016 kende de Museumferiening oan it preHistorisch Dorp de Kidsproof-priis ta, wêrmei't it iepenloftmuseum ta de top-10 fan 'e bernfreonlikste museä yn Nederlân kaam te hearren.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.