Springe nei ynhâld

Han van der Horst

Ut Wikipedy
Han van der Horst
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes J. van der Horst
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1949
berteplak Skiedam (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
berop/amt histoarikus
aktyf as publisist
jierren aktyf 1978 – no
offisjele webside
Han van der Horst op Twitter

Han van der Horst (folút: Johannes J. van der Horst; Skiedam, 1949) is in Nederlânsk histoarikus. Hy hat ferskate publikaasjes oer histoaryske ûnderwerpen op syn namme stean, en is dêrnjonken aktyf as blogger op 'e opinywebside Joop.nl.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Horst waard yn 1949 berne yn it Súdhollânske Skiedam. Hy wurke fan 1978 oant syn pinsjonearring yn 2012 by de Nuffic, in Nederlânske organisaasje foar ynternasjonale gearwurking yn it heger ûnderwiis. Fierders wied er in stikmannich jierren efterinoar boekbesprekker by it VPRO-radioprogramma OVT, dat yn it teken stie fan 'e skiednis. Sels publisearre er ek boeken oer histoaryske ûnderwerpen, dy't skreaun binne op populêr-wittenskiplike toan foar in breed publyk. Utjeften fan him ferskynden û.m. by de útjouwerijen Scriptum, Prometheus en Polak & Van Gennep. Ek is Van der Horst foarsitter fan it Comité Open Monumentendagen Schiedam.

  • 1984 – Geen Ideaalmenschen: De Afdeling Schiedam van de SDAP (1899-1917)
  • 1990 – Schiedam in Panorama
  • 1993 – Een Wereldstichting uit Den Haag (in útjefte fan 'e Nuffic; werútjûn yn 2002)
  • 1996 – The Low Sky. Understanding the Dutch / De Lage Hemel: Nederland en de Nederlanders Verklaard
  • 1998 – De Lage Hemel: Een Beeldverhaal
  • 1998 – Spinnende Poezen en Speelse Katjesl Het Werk van Henriëtte Ronner-Knip (1821-1909)
  • 1999 – Schiedam: De Kracht van een Stad
  • 1999 – Rotterdam: De stad en de Rvier
  • 2000 – Linking People Worldwide: Turning Stories into Reality (in útjefte fan 'e Nuffic)
  • 2000 – Nederland: De Vaderlandse Geschiedenis van de Prehistorie tot Nu
  • 2002 – Gezichten van de Nuffic (in útjefte fan 'e Nuffic)
  • 2003 – De Straat van de Zilversmeden: Over Internationale Marketing van Instellingen voor Hoger Onderwijs (in útjefte fan 'e Nuffic)
  • 2004 – Avontuur van Nederland: Van Babyneushoorn tot Hippie: Nederlandse Geschiedenis voor Kinderen
  • 2006 – Buurtbetrokkenheid in Historisch Perspectief: Wanneer Hielden We in Schiedam op met de Stoep Schrobben?
  • 2007 – Onze Premiers (1901-2002): Hun Weg naar de Top
  • 2008 – Een Bijzonder Land: Het Grote Verhaal van de Vaderlandse Geschiedenis
  • 2009 – Schep Vreugde in 't Leven, Zet de Zorgen aan de Kant: Levenslessen uit de Grote Depressie
  • 2010 – Schiedammers van Betekenis
  • 2011 – Een Wereld te Winnen: Historische Aspecten van Internationalisering in het Hoger Onderwijs (in útjefte fan 'e Nuffic y.g.m. útjouwerij Scriptum)
  • 2013 – De Mooiste Jaren van Nederland: 1950-2000
  • 2015 – Nederland en Luxemburg: Twee Eeuwen Parallellen (in útjefte fan it Nederlânsk Ministearje fan Bûtenlânske Saken)
  • 2015 – Handel Dapper, Lessen uit de Strijd om Betaalbaar Wonen in Deventer (haadstik 3 o/m 9)
  • 2017 – Rotterdam, Bruid van de Maas: Van Prehistorie tot Nu
  • 2017 – Een Stadswijk Redt Zichzelf: Schiedam-Nieuwland en Tien Jaar Wijkactieprogramma
  • 2018 – Nepnieuws, een Wereld van Desinformatie
  • 2020 - Zwarte Jaren. Nederland in de Tweede Wereldoorlog.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: