Birgit Schuurman
Birgit Schuurman | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Birgit Schuurman | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 july 1977 | |
berteplak | Utert (Utert) | |
etnisiteit | Nederlânsk Sineesk Surinaamsk-Kreoalsk Yndiaansk | |
wurkpaad | ||
sjenre | popmuzyk, rock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | stim | |
grutste hit(s) | A Little Famous I Know | |
jierren aktyf | 1999 – no | |
prizen | Musical Award 2007 | |
offisjele webside | ||
birgitschuurman.nl |
Birgit Schuurman (Utert, 1 july 1977) is in Nederlânsk sjongster, dy't yn 1999 in karriêre yn 'e popmuzyk begûn. Lang stie se yn it skaad fan har bekendere suster Katja Schuurman. Har bekendste hits wiene A Little Famous en I Know. Fan 2006 ôf wie Schuurman ek aktyf as aktrise, en dêropta hat se ferskate tillefyzjeprogramma's presintearre. Yn 2007 wûn se de Musical Award yn de kategory bêste froulike haadrol foar har optreden yn 'e musical The Last 5 Years.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schuurman waard yn 1977 yn 'e stêd Utert berne en groeide op yn Bunnik. Har heit is in etnyske Nederlanner, wylst har mem op Kurasau berne waard út Surinaamske âlden mei in tige mingde etnyske eftergrûn: beide oerpakes wiene Nederlanners, mar fan 'e oerbeppes hearde ien ta de Sineeske minderheid yn Suriname, wylst de oare sawol Kreoalsk as Yndiaansk bloed hie. Schuurman har âldere suster is de bekende aktrise en presintatrise Katja Schuurman. Yn it kylwetter fan 'e karriêre fan har suster begûn Birgit Schuurman yn 'e lêste jierren foar't se har VWO-diploma behelle, op te treden as sjongster. Yn 't earstoan betrof it dêrby frij ûnkende projekten op it mêd fan R&B en dance. Ek song se yn 1995 in skoftke mei har suster yn 'e band Jeunes Turcs.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjongster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1999 berikten Schuurman har singles A Little Famous en Maybe the Wine in lanlik publyk. Yn 2000 hie Schuurman in roltsje yn 'e fideoklip fan it nûmer Onderweg, fan 'e band Abel. Har muzikale trochbraak kaam yn 2001, mei it nûmer I Know, dat it tsiende plak yn 'e Nederlânske Top 40 berikte. Datselde jiers brocht se ek har earste album út, mei as titel Few Like Me. In twadde single, Few Like You, ek útbrocht yn 2001, berikte it fyftjinde plak yn 'e Top 40.
Fan it nûmer Alright, dat Schuurman yn 2002 mei help fan har fans opnaam op 'e Megafestatie, gie de opbringst nei it goede doel War Child. Oan 'e ein fan dat jier besleaten Schuurman en har platemaatskippij Virgin om útinoar te gean. Wol song hja noch in cover fan it nûmer Weak fan Skunk Anansie foar de soundtrack fan 'e film Liever Verliefd. Dat waard lykwols gjin hit. Yn septimber 2003 krige Schuurman in nij platekontrakt by Purple Eye Entertainment, wêrnei't se de single Everybody Wants To Be úbrocht, dy't op plak tritich yn 'e Top 40 stykjen bleau. Har twadde album, Sticky Tales, soe earst yn novimber 2004 útkomme, mar dat waard útsteld oant yn 2005.
Yn 2007 ferskynde fan Schuurman allinnich yn 'e Feriene Steaten it album True Stories I Made Up, wêrmei't se har karriêre oer de Atlantyske Oseaan hinne besocht te tillen. Yn july fan dat jier sette se ôf nei Amearika om 'e cd dêr te promoatsjen, ûnder mear yn it moarnstillefyzjeprogramma Good Morning, San Diego, dêr't de presintatrise har oankundige as "de Gwen Stefani fan Amsterdam". It Amerikaanske aventoer waard lykwols net wat Schuurman derfan hope hie.
Yn 2009 song se guon nûmers op it album Stilte Opname fan Arthur Umbgrove en Alberto Klein Goldewijk, in goeddiedichheidsprojekt dat te'n goede kaam oan it Emma Bernesikehûs yn Amsterdam. Yn 2014 song Schuurman fierders foar it programma Ali B en de Muziekkaravaan het liet Nu de Wind Waait. Yn septimber 2017 brocht se de single Fuel My Fire út, yn desimber fan datselde jier folge troch in oarenien, Stranded. In trêde single, Amplify, ferskynde yn febrewaris 2018. Al dy nûmers kamen fan har nije album A Fool for Love, dat op 28 maart 2018 op 'e merk kaam fia platelabel Zip Records.
Aktrise
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As aktrise spile Schuurman yn 'e musical De Jantjes de rol fan Toffe Jans. Fan novimber 2006 ôf wie se dêrnei ek te sjen yn 'e teäterfoarstelling Sexual Perversity, produsearre troch Rick Engelkes Producties y.g.m. MTV. Dat stik wie rjochte op 'e jongerein en basearre op 'e film About Last Night... Begjin 2007 spile Schuurman njonken Ara Halici yn 'e musical The Last 5 Years fan Jason Robert Brown, oerset nei it Nederlânsk troch Allard Blom en regissearre troch Maarten Mourik. Foar har optreden yn dat stik wûn se de Musical Award yn 'e kategory bêste froulike haadrol. It twadde seizoen fan dy musical gie fierder ûnder de titel 5 Jaar met Jou. Dêrby wie Jim de Groot de tsjinspiler fan Schuurman.
Fierders wie Schuurman yn 2009 te sjen yn 'e rol fan Marjorie yn it stik Extreem, ûnder rezjy fan Sarah Moeremans, en yn 2010 yn 'e mande mei Liesbeth Kamerling, sjongster Dennis en Maaike Martens yn High Heels in Concert. Yn 2014 spile se yn 'e musical Vijftig Tinten... De Parodie, in parody op 'e eroatyske roman Vijfting Tinten Grijs fan E.L. James. Ek hie se rollen yn 'e teäterstikken Pumps en Penalties, út 2016, en De Gevangenismonologen, út 2017.
Op 'e tillefyzje wie Schuurman foar it earst yn 1996 as aktrise te sjen, yn 'e searje Ik Ben Je Moeder Niet. Yn 2006 en 2006 hie se in fêste rol yn 'e rige Lieve Lust. Yn 2010 hie se in gastrol yn 'e komeedzjesearje S1NGLE. Fierders spile se yn 'e plysjesearje Rechercheur Ria (2014) en de dramasearjes De Mannentester, Meisje van Plezier en Circus Noël (allegear yn 2017). Yn 2018 wie Schuurmans ferliezend finaliste yn it twadde seizoen fan it RTL 4-programma Kroongetuige. Yn 2021 foarme se in duo mei model Kim Feenstra yn it realitytillefyzjeprogramma Hunted. Yn 2022 die se se mei oant it tillefyzjeprogramma The Masked Singer en ek wie se dat jiers mei har suster Katja te sjen yn Code van Coppens: De Wraak van de Belgen, op SBS 6.
Op it wite doek makke Schuurman har debút yn 2004, mei in roltsje yn 'e koarte film Balverliefd. Yn Floris, út 2004, fertolke se de rol fan Pi. Ek wie se te sjen yn Nadine (2007), De Eetclub (2010), nei de bestseller mei deselde namme fan Saskia van Noort, en Dik Trom (2010), dat regissearre waard troch Schuuman har man Arne Toonen. Yn Black Out spile se yn 2012 tegearre mei har suster Katja Schuurman. Nei û.m. Bro's Before Ho's (2013), Pijnstillers (2014) en Rokjesdag (2016) hie Schuurman yn 2018 in lyts roltsje yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme.
Presintatrise
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Har earste wurk as presintatrise hie Schuurman yn 2000, yn it tillefyzjeprogramma Wacky Wake Up, op 'e stjoerder Fox Kids. Fierders presintearre se troch de jierren hinne û.m. Countdown (2004) op Radio Veronica; TLC over... (2012), in programma oer leafde en seks op 'e stjoerder TLC; de útrikking fan 'e EBBA's (European Border Breaker Awards) yn 2013; en Live op Limmen (2018).
Neakenmodel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't se earder oanjûn hie dat se nea neaken posearje woe, wie Schuurman dochs as neakenmodel te sjen yn it krystnûmer (jannewaris 2011) fan 'e Nederlânske edysje fan it neakenblêd Playboy.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn july 2002 troude Birgit Schuurman mei regisseur Kaja Wolffers. Dat houlik rûn lykwols yn april 2004 út op in skieding. Op 18 july 2008 wertroude se yn Amsterdam mei regisseur Arne Toonen, mei wa't se in soan krige. Yn 2019 rekken sy en Toonen lykwols útinoar. Op 31 desimber 2021 befoel Schuurmans fan har twadde bern fan in nije partner.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- albums
- 2001 – Few Like Me
- 2005 – Sticky Tales
- 2007 – True Stories I Made Up (allinne útbrocht yn 'e Feriene Steaten)
- 2018 – A Fool for Love
- singles
- 1999 – A Little Famous
- 1999 – Maybe the Wine
- 2001 – Few Like You
- 2001 – I Know
- 2001 – Lover
- 2002 – Alright
- 2003 – Everybody Wants To Be
- 2003 – Old Boys (mei Flemming)
- 2003 – Weak
- 2004 – Control
- 2005 – Hardrocking Diva
- 2006 – Guniang
- 2006 – Parttime Lover (duët mei Jelka van Houten)
- 2017 – Fuel My Fire
- 2017 – Stranded
- 2018 – Amplify
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1996 | Ik Ben Je Moeder Niet | Jannie | gastrol; ôfl. Who the Fuck is Axel? |
2005 | Boy Meets Girl Stories #1: Smachten | ûnbekend | koarte tillefyzjefilm |
2005–2006 | Lieve Lust | Pim | fêste rol; 8 ôfl. |
2006 | Man en Paard | harsels | |
2010 | S1ngle | Monika | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2012 | TLC over … | n.f.t. | as presintatrise |
2013 | Aandacht Aub! | ûnbekend | fêste rol; 8 ôfl. |
2014 | Kris Kras | spesjale gaststjer | tillefyzjefilm |
2014 | Rechercheur Ria | Lydia Groen | fêste rol; 8 ôfl. |
2015 | Danni Lowinski | frou Visser | gastrol; ôfl. Ze Is een Model en Ze Ziet Er Goed Uit |
2015 | Kattenoog | Charlotte | gastrol; ôfl. Het Geheim van de Griezelclub |
2016 | All in Kitchen | Marina Reinier | gastrol; ôfl. Oude Liefdes |
2016 | Caps Club | Magali Zanderij | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2016 | Heer & Meester | Claudette Lavenchy | gastrol; ôfl. De Parfumeur |
2016 | All in Kitchen | Hannah | gastrol; ôfl. Celebrity Chef |
2016 | Welkom in de Jaren '60 | Yoko Ono | gastrol; ôfl. De Wereld |
2017 | De Mannentester | Janine de Jong, "Lady Jane" | gastrol; ôfl. Lady Jane |
2017–2020 | Meisje van Plezier | Meryem Selmek | fêste rol yn seiz. 1 en 2; weromkearende rol yn seiz. 3; 19 ôfl. |
2017 | Circus Noël | Marinella | fêste rol; 8 ôfl. |
2018 | Flikken Rotterdam | Mirjam M. Mara | gastrol; ôfl. Hoogmoed |
2018 | De Kroongetuige | harsels | dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma |
2018 | Live op Limmen | n.f.t. | as presintatrise |
2019 | Baantjer: Het Begin | Adinda | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2019 | Joardy Season | harsels | gastrol; ôfl. Dierenquiz |
2020 | Flikken Maastricht | Amanda de Vries | gastrol; ôfl. Safehouse |
2021 | Hunted | harsels | dielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma; duo met Kim Feenstra; 5 ôfl. |
2021 | De Afvallige | Manon | minysearje |
2022 | The Masked Singer | harsels | as dielnimster |
2022 | Code van Coppens: De Wraak van de Belgen | harsels | |
films | |||
2004 | Balverliefd | Iris | koarte film |
2004 | Floris | Pi | |
2006 | Farewell | frou | koarte film |
2006 | De Opnamen van het Schaduwloze Wezen | ûnbekend | |
2007 | Nadine | Mijntje | |
2008 | Wielklem | Monique | koarte film |
2010 | De Eetclub | Angela Bijlsma | |
2010 | Dik Trom | dame #1 | |
2011 | Lotus | Misja | |
2012 | Black Out | Petra | |
2012 | Ballast | Anouk | |
2013 | Graffiti Detective | mem | koarte film |
2013 | Bro's Before Ho's | Mercedes | |
2014 | Pijnstillers | Marit van Riel | |
2015 | De Boskampi's | froulike kollega #1 | |
2016 | Rokjesdag | Daniëlle | |
2016 | Alsof Ik Er Niet Echt Was | Yena | koarte film |
2016 | Uilenbal | juffer Ietje | |
2016 | Soof 2 | Anna | |
2017 | Voor Elkaar Gemaakt | Kara | |
2018 | Redbad | genêzeresse | |
2019 | De Tand des Tijds | Cleopatra | as stimaktrise |
2020 | Casanova's | Chantal |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Birgit Schuurman
- (in) Birgit Schuurman yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|
- Nederlânsk sjonger
- Nederlânsk popartyst
- Nederlânsk rockartyst
- Nederlânsk telefyzje-akteur
- Nederlânsk filmakteur
- Nederlânsk toanielakteur
- Nederlânsk musicalakteur
- Nederlânsk stimakteur
- Nederlânsk telefyzjepresintator
- Nederlânsk radiopresintator
- Dielnimmer oan in Nederlânsk realitytelefyzjeprogramma
- Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Sineesk komôf
- Nederlânsk persoan fan Yndiaansk komôf
- Persoan berne yn 1977